Jouke Hylkema

Anty- faksistysk gebakje

logo.ensafh

‘Hawwe jo dit makke?’ frege de Dútser oan de skilder.
‘Nee jo dochs…!?’ kaam it der suver feninich út.
‘Haw ik wat…? Haw ik dat makke…?’ frege de man ferheard.
‘Ja, jo en jo brúnhimdige kollega’s!’
‘Hoe sa brúnhimdich…? It stiet dochs kreas sa’n boesgroentsje? Ik bin trouwens ek mar gewoan útfierder fan wat my opdroegen wurdt!’
‘Alle fassisten neame harsels útfierder…lykas dat de measte politisy tinke de miening fan harren folk te fertsjintwurdigjen, it giet harren hast altyd om it eigen hachje, it draait faak út op ’e loop fan in gewear…bommen goaie op minsken dy’t harren just frijmeitsje wolle fan… lokaal machtsmisbrûk bygelyks!’
‘O jo bedoele dat jo linksyntellektuele freonen Calvo Sotello nei de oare wrâld holpen hawwe is it net sa? Is it dêrom dat jo in brutsen swurd skilderen op ’e foargrûn?’
‘Nee, dat stikkene swurd…dat is om út te drukken hoe helpleas wy wienen doe’t jim
bommewerpers kamen! Wie hienen neat mear om mei werom te fjochtsjen!’ brocht de skilder der tsjinyn.
‘Calvo Sotello hie ek neat om mei te fjochtsjen !’
‘Calvo Sotello wie in útsûger út namme fan it faksisme, syn dea kin net fergelike wurde mei de dea fan hûndert ûnskuldige boargers dy’t troch jim bommenrein dea rekken…menear de divel!’
‘Haha, hoho, hoe komt menear de skilder op sa’n titel… menear de divel…kostlik grapke moat ik sizze. Haha… ik haw genôch sjoen menear de skilder, ik ferslik my noch yn jo humor, jo wolle my dochs net dea hawwe?’ Dat lêste sei er fyntsjes. ‘Hawar wy sjogge ynoar fêst wer ris de kommende tiid, in protte sukses mei jo Guernica!’ foege er der nochris spotsk oan ta.

Oer in pear jier sieten alle keunstners dochs yn in konsintraasjekamp, wist de Dútser, as hiel Europa yn Dútske hannen fallen wie dan kocht er dit wurk op foar in prikje. Miskien mocht er it sa ek wol mei nei hús ta nimme. It moast hast wol sawat trije by acht meter wêze rekkene er út, in hiele lape, noch grutter as De Nachtwacht fan Rembrandt! Wat De Nachtwacht betsjutte foar de skuttersferieniging fan Amsterdam, dat soe dit doek yn ’e takomst betsjuttte foar de linkse opstannelingen yn dit lân. Hy soe it sûnder mear yn hannen sje moatte te krijen lykas De Nachtwacht.

It wie as stie er lûdop nei te tinken de Dútser, teminsten, ik koe syn gedachten sawat riede. Hoe rêstich en fol selsbetrouwen stie er dêr syn gebakje op te iten, kranksinnich kalm as in boal dy’t wachtet oant de oankleide de holle op it hakblok lizze sil.
Lokkich hie ik myn opname-apparaat ûnopfallend yn ’e boadskiptas fan it begjin ôf oan oanstean. Foar de lûdskwaliteit wie it wol sa handich dat der mar trije minsken op it atelier oanwêzich wienen; de keunstner sels, dy steile Dútser mei syn lange brune learen jas en donker pak, en iksels as ynterfjûër. It wie foarwis in histoaryske dialooch dy’t ik opnaam hie. Sa profetysk as de berchrede fan Moazes.

Doe’t de Dútser syn gebakje op hie en sûnder in wurd te sizzen foar my lâns rûn nei bûten ta, seach er my oan mei in fiis glimke. It wie yn in refleks dat ik myn gebak en pantsje folút yn it gesicht fan de man mepte.
Inkele moannen letter siet ik yn Dútslân, yn in kamp foar sjoernalisten en keunstners. Ik fielde my doe o sa skuldich dat myn taartsjesmiten de oanset west hie foar de ynfal fan ’e Dútsers yn Nederlân.