
1
Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)
O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?
Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt. Alsa begjint ek Midfrysk Goud wer te rypjen en frucht te setten, ear’t de fruchtberheidsprins anneks gelearde wer offere wurde sil oan de dea, en yn ‘e winter ta de ûnderwrâld ôfsakje sil, om pas yn ‘e maitiid wer nij libben ynblaasd te krijen fan ús leave Frouwe Natuer.
Swij do no stil, nuveraardige, en fertel de Lêzers wat de ôfdaling yn ‘e ûnderwrâld fan ‘e Fryske literatuer diskear wer oan nuveraardichs opsmiten hat,- dat doedestiids foar normaal trochgean koe.
Ta de saak!
Ta it platste wurkje ea skreaun!
Ta: Waatze Gribberts Brulloft!
(Midierde, 6 july 2008)
“Waatze Gribberts Brulloft” is oerset út it Platdútsk
“Waatze Gribberts Brulloft” is in literêr wurk dat better net te witten yn 1701 foar it earst printe is. It is in bewurking fan twa Platdútske kluchten, “Tewesken Hochtijdt” (De brulloft fan Tewesken), en “Tewesken Kinderbehr” (Tewesken kriget in bern). Dy twa Platdútske stikken binne yn de ferfrysking yninoar skood. It is net raar dat wy in oersetting út it Platdútsk foar ús ha. It Platdútsk is ommers, neigeraden as wy tichter by de romrofte Hanzetiid komme, hieltyd mear in wiere en machtige skriuwtaal. Sadwaande dat it orizjineel yn it Platdútsk wêze koe.
It krekte orisjineel ha wy net.
Wy ha net de krekte ferzje fan de Platdútske orizjinelen ha dêr’t WGB op basearre is. Dat komt om’t der yn it ferline gauris meardere ferzjes fan boeken op ‘e merk wienen. Yn in werprintinge koene stikken taheakke of weilitten wêze, sûnder dat soks eksplisyt ferantwurde waard.
Meardere ferzjes fan deselde tekst – wat is wierheid?
Soks is yn ús tiid ek noch wolris in kwestje. In skoftke ferlyn wie der yn ús tiid ommers in akkefytsje mei it feroarjen fan de notulen fan de twadde keamer. In oare relevante ûntjouwing is dat it tekstprogramma WORD de ûnderskate feroaringen yn in tekst allegear byhâldt: tink ris ta dat biblioteken yn ‘e takomst de oarspronklike digitale teksten fan auteurs bewarje soene, wat soene de wittenskippers smulle kinne fan sok ferzjebehear!
De Fryske bewurking is o.k.
De Fryske bewurking is gjin slaafske bewurking. Dat is oan trije dingen te sjen. Hoewol wy net witte op hokke ferzje fan de Platdútske Tewesken WGB weromgiet, kinne wy út de ferzjes dy’t wy wol ha mei in reedlike graad fan wissichheid ôfliede dat de ferfrysker sels saken taheakke hat. Fierder is it sa dat de oersetter gauris mei in kreative en orizjinele oersetting foar de hearen komt. En by einsluten falt op dat it Frysk in hiel autentike en sprektalige yndruk makket. En it hat net de keunstmjittige kompleksiteit fan taalgebrûk dy’t Gysbert Japicx as Barokman bestribbet.
Waatze Gribberts Brulloft
(1701)
Personaazjes
Gribbert, de boer
Sibbel, syn wiif
Waatze, har soan
Gaatze Binnes, Gribbert syn buorman
Jantsje, syn frou
Wobbel, har dochter
Bartolomeus, in skriuwer
Tryntsje, in tsjinstfaam
Dokter Kwaksalver
Earste útkomste
Earste sêne
(Gribbert, Waatze, Sibbel. )
Gribbert
O tûzen botsens, dat Haarlemmer bierke dat smakket my sa swiet, sa swiet! Men soe der inoar de ears om slikje! My tinkt, nei myn plomp en bot ferstean, hja moatte der hunich yn dwaan, it is oars ûnmooglik, it is ommers sa giel as waaks. Ik mocht wol tinke wêr’t al myn hunich bleau, dy’t ik alle jierren fan myn bijen te merke brocht. As it nei myn sin wêze mocht, ik woe wol helte faker nei Gabe Rinnerts en harres te bier gean en in healkantsje of twa (as it sa lije koe) op ‘e tosken nimme: mar myn wiif, myn wiif, dy mâle teef, dy boaze flarde, dêr kin ik neat mei terjochte komme! As hja my yn ‘e herberch fûn, se soe der my mei de bollepyst úthelje. Mar dizze reis kaam ik der sa ûnferhoeds yn, in hipte reis, wylst hja nei har heites, Sytze Binnes, ta wie. Mar lit ris sjen! Haw ik jit net ien drip bier of twa yn it burd hingjen? Dat moat ik der earst út slikje. No, dan moat ik my mar nei hûs ta jaan, dat dy âlde teef my thús fynt, at se wer thús komt, oars moat myn âlde rêch it wer belije. Wat duvel raast der sa yn ‘e hûs! Hark! Wa mei dat geraas dêr meitsje? Ik tink, dat myn grutte jonge Waatze dêr dwaande is. As dy hikke fan ‘e daam is, rinne de skiep yn it wyld. Ik moat gau ris sjen.
(Gribbert rint nei binnen ta en jout syn soan Waatze klappen.)
Waatze
O al dea al dea! O my, o my!
Gribbert
Sjoch, sa wol ik dy ôfterskje en ôftouwe!
Waatze
O myn holle! O myn noas! O myn rêch!
Gribbert
Do lilke skodde! It is dat ik it om ‘e skande net doch, en datsto sa âld net bist, mar oars soe ik dy de broek ôfstrike.
Waatze
Wacht wat! Lit ús mem deryn komme! Ik sil it har allegearre sizze. Hja hat my hiten dat ik by de fammen bliuwe sil.
Gribbert
Swij stil, do bongel! Bisto sa hynstich datsto by de fammen rinste? Ik wedzje: lit de lobber hjir ris komme en ik soe dy wol hast rúnje litte!
Sibbel
O do âld hingelgat! Dat it dy net wee wurdt! Wêrom bearsto net oars mei de jonge?
Gribbert
Wiif, lit dyn hingelgatsjen! Wat raasto sa, as in skeet yn ‘e bonge? Soe hy mei de fammen begjinne te stoeien?
Sibbel
Mar om ‘e niget! Se wurde der net lam fan. Hoe faak hasto my wol net ûnder krigen, en wol op ‘e hûd treaun, earsto my ta dyn wiif krigen hast?
Gribbert
Fy! Skamje dy doch wat, do âlde teef, datsto sokke dingen seiste, dat de jonge it heart.
Sibbel
Skamje dy sels, do âlde brike hoanne! Hy moat it wol hearre datsto sa’n bok west hast. Do wolst no sa fatsoenlik wêze, as in slachtersteef dy’t de termen mei de kjitte opfret! Jou de jonge mei de tiid in wiif.
Waatze
Ei memke, sis der wat folle fan!
Gribbert
Wiif, hoe is it? Hasto podden yn it liif datsto sa raast? Soe hy him al yn ‘e swierrichheid jaan? Wat hat men yn it boaskjen, as dat de wiven altyd mei jin kibje en knoarje?
Sibbel
It binne allegearre sokke âlde krintestinners net asto biste. Tsjalke Skutefarjer, dy’t ik lêst it waarm wetter foar de ears geat, dy kin him sa fraai behelpe mei syn nij wiif: hja ha sok in nocht, hja boartsje sa leaflik tegearre dat jin it wetter om ‘e tosken rint, as men it oansjocht. En at se inoar soms mei sokke leave eagen oansjogge, dan glinsterje se har yn ‘e holle as in pear tinnen skoattels! Hja geane jûns te bêd, as de sinne ûndergiet, en hja steane moarns te sân of acht oere wer op. Do âlde skitebroek! Do hast my fan dyn libben safolle wille net jûn! Rin út myn eagen!
Gribbert
Do stelst dy ek sa leaflik net oan as Tsjalke’ wiif. Hja jout him goede wurden; hja pluzet him de holle; hja strykt him it burd en hat sok in nocht!
Sibbel
Sis my net folle, mar rin yn ‘e keamer en hispelje my dy fjouwer pipen ôf, dy’t op ‘e wiele lizze, en stop dat gat ta, by it hinnehok, eardat de hin fan ‘e aaien fljocht, of do silst se nei fleane en helje se wer werom.
Gribbert
Alle gatten moat ik ta meitsje en ta stopje. Mar dit wol ik jit wol dwaan; mar lit Waatze dan hispelje! Ik kin dy brui sa net omdraaie.
Sibbel
Gribbert! Meitsje my de holle net sear. Gean hinne, sis ik dy!
Gribbert
Dy’t in wiif hat, dy hat in boas dier.
Sibbel
Prottelste jitte? Do âlde skytkarre! Ik kom dy strak wolris op ‘e hûd! No myn soan Waatze, biste alhiel fersuft en ferslein? Hoe sitste sa stil?
Waatze
O mem! Sa’t myn heit slein hat, jo soene it net leauwe.
Sibbel
Hieste gjin hannen wer? Do soest se him wer yn ‘e freet treaun ha, dat hy in healoere om ‘e mûle socht hie. Do bist ommers wol sa sterk as dy skeve hûn!
Waatze
Mem, jo witte ommers wol, dat men de heiten net slaan moat. It is sûnde, dan komt men yn ‘e hel! Dêr sil it, leau ik, wol hjit wêze.
Sibbel
Ja, wa hat der west, dy’t it field hat?
Waatze
Mem, sis dat sa net. As ús leave Heare dat hearde, Hy soe Syn moed net ha. Us pastoar sei lêsten, dat it stie yn ‘e Bibel. No, dêr wolle wy net lang fan riddenearje. Sjoch my ris yn ‘e noas, oft der neat stikken is? Hy is my sa tebûke, as de bûter yn ‘e tsjerne; en hy docht my ek sear.
Sibbel
Myn earme Waatze! Myn leave soantsje! Swij do stil. Ik sil him wol wer gedachtich wêze. Snok sa net! Ik bin op dy âlde dripnoas sa kwea: ‘k woe ‘k him hie, ik koe him wol stikken skuorre!
Waatze
Ik bin ek sa boas, ik koe wol rauwe kowekjitte ite: benammen omdat hy my rúnje litte wol.
Sibbel
Dêr sil er in aai foar sûpe! Ik sil him leare, noas en earen fan ‘e kop ôfskuorre, dat stankfet dat er is!
Waatze
Ik frege der safolle niis net nei. Mar mem, jo seine straks fan boaskjen?
Sibbel
Wat tinkt dy? Soest der wol moed ta ha? Mar it giet samar net en nim in wiif! Dy’t dûnsje sil, hat mear fanneden as in pear skuon.
Waatze
Mem, ik bin ommers al fjouwerentweintich jier âld as de fôletiid wer oankomt. Ik ha ek sa lang al wachte. Us buormans Gaatze Binnes Dochter, Wobbel, wie rjocht myn bûkswjergea. Dat is sok in swieten sûkerpopke! Dy stekt my altyd yn ‘e eagen. As ik aldertigenst yn ‘e tsjerke bin en ik sjoch har sa moai yngean mei har reade rok, dan wipt my it hert yn it liif as in lammesturt. Ik kin net in byt fan ‘e prekaasje hearre; ik moat har stadich oansjen. Yo! Hoe kin se dat mûltsje yn ‘e ploaien sette! Alle feinten fan it hiele gea sjogge har oan, as wie se in keningsdochter. O sûpe en waai! Ik hie fan myn libben net leaud dat se sok in tsjok earske hie at se hat. It is oars net oft se in interfôle is. As jo it seagen! Hja hat in pear boarsten as kowejaren, dy weage ek wat! Hja binne jitte net befield, dat wit ik wol. Har hier glinsteret fan fier, as in term oer in maarge. Har hannen en har antlit binne sa glêd as in laamsfel. Har noas is sa sljocht as in guozzeneb. Om it liif is se sa weak as in fette hin, dy’t men hast deie sil. Har eagen glinsterje har yn ‘e holle as twa kjersen, fan twa stuorren it stik. Har lippen binne sa read as in reade estrik! Somma: Hja haget my sa wol, sa wol, dat ik it jo allegear net sizze kin.
Sibbel
Leave soan Waatze! Ik wit ek wol, datsto har wol oanstiest. Do bist ommers sok in fraaien tsjirl, en sok in skranderen feint, as der mar ien yn ús hiele gea is. Fan liif en lea bisto sa rjocht as in fleielstôk. De oare feinten binne, tsjin dy te rekkenjen, as kneppels. Do bist wol hals en holle grutter as hja binne. Do hast in pear skonken ûnder it gat, wol helte tsjokker as de speaken fan ús bêste stoel. As der jit sok in feint yn ús gea wie (en ik jitte net boaske hie), dan woe ik him nimme, al soe ik banen mei him út it wetter ite. No bin ik by dyn faar, dy âlde gryn! Hy bekoarde my doe mei al syn moai jild. Hy hie wol fyftich gûne op rinte en hy krige jitte wol fyftich gûne fan syn âld muoike. Doe stiene ús saken al better as no. Mar dat wy wer ta ús doel komme: wolsto hjir sa lang bliuwe, dan wol ik sjen dat ik Gaatze Binnes dochter hjir ris by ús krij.
Waatze
Ik wol graach wachtsje, memke! Spar jo nammers gjin muoite en kom wat gau wer! – O har swiete lea, har reade rok, har wyt himd, dat stiet my sa wol oan! Hja giet my sa yn it hert. Ik tins, hja mei har hert yn ‘e pronkkast sette en minent yn ‘e pleats nimme. De leafde moat in tsjoed ding wêze, dat it in minske sa ferstelle kin dat men it allegearre nei har sin meitsje moat. Myn hert hat myn Wobbeltsje alhiel wei, mei hûd en mei hier. Ei, lit my genede krije. Myn leafste leaf! Myn klokhintsje! Myn huningtoetsje! As it wêze mei, ik wol dy op myn hannen drage; ik wol dy yn myn earmen slute. Ja myn hert, ik wol dy sa razende leaf ha! Yo! Hoe swiet soene wy tegearre sliepe! Ik moat stjerre de hiele dea, ja, de hiele dea, as ik dy, leafste, net krije mei. It leit my jitte wol yn it sin, hoe’t ik lêsten fiif toarnen foar dy losmakke, doe’t my de skonken koarts healwei iepen spalken. En dat haagde dy jit sa wol, datsto my ta lakeste, dat ik my sa manlik ward hie. Myn leave Wobbeltsje! Ik wol dy fan myn libben net ien kear do hjitte. Ik wol dy safolle freugden oanbringe! Wy soene sa swiet mei-inoar omrôlje as lytse bargen. As ik dy nammers ha, dan jou ik om alle rêst net in brui, mar, asto my ek fersmaadste, dan wol foar wis my de pânse yn it liif omkeare! It bloed soe my allegear yn ‘e termen gearrinne! O my is it sa bang! Myn tosken switte my fan droefheid yn ‘e mûle! – Mem, binne jo der wer? Seit se wat goeds?
Sibbel
Ja soan! Do befalste har te oerdiedige wol. As ik dy nammers neamde, sykhelle se opslach sa swier en waard sa read om ‘e holle, as hie se in hiele dei foar de ûne stien. Wa dat docht, dan wit men it wol wat dat betsjut. Wobbeltsje woe har nije rok oandwaan. Dan woene se hjir tegearre komme. Do moaste har no ris te mjitte gean.
Waatze
Mem, ik doch it hiel need! Mar allikewol sil ik it dwaan. Mem, ik wie sa bang wylst jo hinne wiene: ik miende, jo soene gjin goed beskie krigen ha. Rûk ris, stjonkt it my jitte net yn ‘e broek?
Sibbel
In lyts bytsje, mar it hat net folle te betsjutten. It sil der wol út waaie, earsto by har komste. It stonk oars hiel tsjoed: oars net oftsto bargeloarten iten hieste, Waatske!
Waatze
Ei mem, sis net fan Waatske, mar Waatze as ik by de breid bin. Ha ik de kraach ek al rjocht omslein? My tinkt, hy is smoarch. Ik ha myn justerjûn mei sûpe bemotte, doe’t my ús feint mei de pôt foar de toet state. Rûk ris, kin men it ek rûke?
Sibbel
Nee Waatske, net in byt.
Waatze
Ei mem, sis doch Waatze, mei swietichheid. Spij in bytsje yn jo skerldoek en wriuw my wat om ‘e holle. Sa, sa, dat is moai.
Sibbel
No glinstereste as in turffet by nacht.
Waatze
Ik moat ek sjen oft my de foarbroek ek iepen stiet! Hy plicht oars wol iepen te stean. De skroar hat my de broek al te near makke.
Sibbel
Nee, de broek is wol. Mar sjoch, dêr hasto in grutte snottebel yn it burd. Fij, om sa lilk!
Waatze
Dat ha jo dien, doe’t jo my waskje soene. Mar ha ik jit ek strie yn?
Sibbel
Nee, mar meitsje dyn knevels wat rjocht.
Waatze
Sa, dat is moai! Dat is nei de jonker manier. Mar it stiet jitte te ûnsjoch. It plicht sa glêd te wêzen, oft it mei spek smard wie.
Sibbel
Ei rin doch hinne. Hja binne hast foar de doar! – Myn soan is sa sinlik en sa ferstannich, dêr stiket wat yn, dat nimmen leauwe soe. It is wol te sjen dat er mear as ien faar hân hat! Hy hat wol foar tsien minskeferstân. Dat myn âlde botte skytkarre ek sa wie, ik soe him sa ûnbarmhertich net slaan, as ik soms wol doch. Hy is allyk as in pôt fol brij, dy’t oer it fjoer hinget: as men de sleef altyd net yn ‘e hân hat, dan baarnt it oan. As ik nin stôk altyd yn ‘e hân ha, dy’t tsien ris sa grut is as in sleef, dan docht er neat dat doocht. Sjoch, dêr komt myn soan al wer oan en hat syn leafste by de hân.