
(Dit is de twadde ôflevering, de foargeande stiet op Farsk 121, sykje ûnder de rubryk Auteurs by Eric Hoesktra (dy’t de tekst oerbrocht hat nei de hjoeddeiske stavering; de ynlieding wurdt by elke ôflevering op ’en nij pleatst)
Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)
O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?
Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt. Alsa begjint ek Midfrysk Goud wer te rypjen en frucht te setten, ear’t de fruchtberheidsprins anneks gelearde wer offere wurde sil oan de dea, en yn ‘e winter ta de ûnderwrâld ôfsakje sil, om pas yn ‘e maitiid wer nij libben ynblaasd te krijen fan ús leave Frouwe Natuer.
Swij do no stil, nuveraardige, en fertel de Lêzers wat de ôfdaling yn ‘e ûnderwrâld fan ‘e Fryske literatuer diskear wer oan nuveraardichs opsmiten hat,- dat doedestiids foar normaal trochgean koe.
Ta de saak!
Ta it platste wurkje ea skreaun!
Ta: Waatze Gribberts Brulloft!
(Midierde, 6 july 2008)
“Waatze Gribberts Brulloft” is oerset út it Platdútsk
“Waatze Gribberts Brulloft” is in literêr wurk dat better net te witten yn 1701 foar it earst printe is. It is in bewurking fan twa Platdútske kluchten, “Tewesken Hochtijdt” (De brulloft fan Tewesken), en “Tewesken Kinderbehr” (Tewesken kriget in bern). Dy twa Platdútske stikken binne yn de ferfrysking yninoar skood. It is net raar dat wy in oersetting út it Platdútsk foar ús ha. It Platdútsk is ommers, neigeraden as wy tichter by de romrofte Hanzetiid komme, hieltyd mear in wiere en machtige skriuwtaal. Sadwaande dat it orizjineel yn it Platdútsk wêze koe.
It krekte orisjineel ha wy net.
Wy ha net de krekte ferzje fan de Platdútske orizjinelen ha dêr’t WGB op basearre is. Dat komt om’t der yn it ferline gauris meardere ferzjes fan boeken op ‘e merk wienen. Yn in werprintinge koene stikken taheakke of weilitten wêze, sûnder dat soks eksplisyt ferantwurde waard.
Meardere ferzjes fan deselde tekst – wat is wierheid?
Soks is yn ús tiid ek noch wolris in kwestje. In skoftke ferlyn wie der yn ús tiid ommers in akkefytsje mei it feroarjen fan de notulen fan de twadde keamer. In oare relevante ûntjouwing is dat it tekstprogramma WORD de ûnderskate feroaringen yn in tekst allegear byhâldt: tink ris ta dat biblioteken yn ‘e takomst de oarspronklike digitale teksten fan auteurs bewarje soene, wat soene de wittenskippers smulle kinne fan sok ferzjebehear!
De Fryske bewurking is o.k.
De Fryske bewurking is gjin slaafske bewurking. Dat is oan trije dingen te sjen. Hoewol wy net witte op hokke ferzje fan de Platdútske Tewesken WGB weromgiet, kinne wy út de ferzjes dy’t wy wol ha mei in reedlike graad fan wissichheid ôfliede dat de ferfrysker sels saken taheakke hat. Fierder is it sa dat de oersetter gauris mei in kreative en orizjinele oersetting foar de hearen komt. En by einsluten falt op dat it Frysk in hiel autentike en sprektalige yndruk makket. En it hat net de keunstmjittige kompleksiteit fan taalgebrûk dy’t Gysbert Japicx as Barokman bestribbet.
Waatze Gribberts Brulloft
(1701)
Personaazjes
Gribbert, de boer
Sibbel, syn wiif
Waatze, har soan
Gaatze Binnes, Gribbert syn buorman
Jantsje, syn frou
Wobbel, har dochter
Bartolomeus, in skriuwer
Tryntsje, in tsjinstfaam
Dokter Kwaksalver
Twadde sêne (1.2)
(Gribbert, Waatze, Sibbel; Gaatze Binnes, Wobbel, Jantsje.)
Waatze
Hjir ha wy it pear, folk! Hiene wy no jo man, dan soene wy wol hast terjochte komme.
Sibbel
Waatske, rin gau hinne en helje him.
Waatze
Mem! Mei swietichheid. Sis doch fan Waatze!
Sibbel
Waatze, soe ik sizze, ik fersin my, helje him.
Waatze
Mem, it hoecht ommers net: de lobber mocht by him wêze en dy soe my … sa’t jo wol witte.
Sibbel
Bliuw nammers foar de doar stean en rop him ta. Do plichtste yn ‘e tsjerke wol lûd te sjongen! Toe gau, Waatske!
Waatze
Us âlde baarch moat jo yn ‘e ears bite! Sis doch fan Waatze yn swietichheid.
Sibbel
Rin hinne, Waatze
Waatze
Ik wol rinne, sa tel ik mei.
Gaatze Binnes
Ik soe graach sjen, myn leave buorwiif, dat jimme Waatze in wike fiif seis yn ‘e stêd brochten. Myn dochter hat der wol seis wike tsjinne foar juffersfaam. Hja praat no oars net oft se de stedslju út ‘e mûle krûpt is. Hy koe ek wol in lyts bytsje lessen yn skriuwen leare.
Sibbel
Ja! Hy is hiel sterk, hy kin in ding gau gripe, hy hat in swyns holle. Doe’t hy lêst fan ‘e ljedder foel, wie hy sa wiis dat hy syn ribben yn it liif wat fêst lei mei hinnefearren. Mar wat sil er mei it lessen dwaan? Wy ha ommers al in pastoar en in koster. Hja bruie jin it jild nammers wat ôf yn ‘e stêd! Ús heite hie no lêst ris by in dokter west dat hy it hânwurk leare soe: hy hie him in sleef fol guod yn jûn; dêrmei soe it goed wêze. Ja, in skyt! Doe’t hy nammers wer op ‘e wei wie, doe liet er dy dokter al wer yn ‘e broek rinne. Hy moast it jitris opite, omdat hy dy dokter doch by him hâlde soe. Ja, ja, hy waard allikewol nin dokter. Sa giet it der ta. Ik sjoch, dêr komt ús soan al wer oanrinnen. Seit heite wat goeds, Waatske?
Waatze
Mem, sis ik, sis doch fan Waatze, mei swietichheid!
Sibbel
Wat seit heite, Waatze-soan.
Waatze
Hy sei, ik soe wat neier by him komme! Ik sei, jo bruie my nammers hiel wat! En ik tocht by mysels: jo binne nammers in âlde grynbek! Doe’t ik net komme woe, sei er, hy woe straks komme.
Gribbert
Dêr’t de teven binne, dêr binne de hûnen net fier. Jonge, wat haste by dy faam te dwaan?
Sibbel
Hoe no, skytburd! Tjirgesto dy dronken? Hja heart him ta.
Gaatze Binnes
No, no, buorman, lit jo sizze. Jo wiif hat ris by my west, om jo soans wegen, om myn dochter (myn bêste skat op ierde) him ta wiif te jaan: en dêrom bin ik hjir by jo kommen, om mei-inoar dit ris te besprekken.
Sibbel
No Gribbert, tjirgje dy sa mâl net. Soesto no flinken yn ‘e ears ha, omdat wy hjir no al ree byinoar binne? Asto net te bêst sprekke wolst, rin do dan rju hinne. Wy sil it ûnder ús wol ôfmeitsje.
Gribbert
Hoe bearsto aldus, Sibbel? Hasto froasken yn it liif? Soe men jin net wat beriede moatte?
Sibbel
Der is gjin berie oan fêst.
Waatze
Sa, sa, memke, hâld jo hurd!
Gribbert
In boas wiif en in nije wein moatte altyd raze! – Wol buorman Gaatze Binnes, hoe soene wy it elkoar ta lizze?
Gaatze Binnes
Wol buorman, om ta it stik te kommen: de jonge lju soene tenearsten wat yn ‘e hannen fan dwaan wêze. Dêrom moasten jo har in bêd jaan mei wat der by heart; twa stuollen, in tafel en de grutte tsjettel dy’t op ‘e pronkkast stiet.
Gribbert
Sêft wat, dat wie te breed! It oar dat jo neamd ha, koe jit hinne gean. Mar dy tsjettel is jit fan ús âldfaar ôfkommen; dy mei ik net misse! De oare bern komme ek meiertiid oan; dy moatte ek wat ha. En as ik dit sa dwaan soe, dan moasten jo al in hynder, twa bargen, twa skiep en dy feale ko jaan, dan koene se wat dermei begjinne.
Gaatze Binnes
Ik wol frij folle dwaan, ja, al wat minsken sizze, dat ik hear te dwaan: mar dy feale ko kin ik net misse! Dat is sok in eal dier. Dy jout sa folle molke as de oare twa.
Gribbert
Dat soe de jonge lju bêst flije! En dat moasten jo ek dwaan, of it boaskjen is ôf.
Wobbel
(Lústeret de heit ta.)
Ei heite, is oan ‘e feale ko safolle gelegen, dat it dêrom ferrinne sil? Slach rju ta! Ik sil it op in oare tiid wol wer mei jo goed meitsje.
Gaatze Binnes
Buorman, jo binne in hurdkop. Ik mei jo sin no ris folgje. De jonge lju moatte lok mei-inoar ha!
Gribbert
No! Dat is goed, dêr slach ik lok ta! Waatze, rin nei Wobbeltsje ta en jou har de hân en patsje har ris.
Waatze
Kom Wobbeltsje leaf! No biste ommers mines, mei hûd en hier. Bliuw stean, it sil dy jilde!
Jantsje, Gaatze Binnes syn frou
Rin net wei, Wobbel. Gean by Waatze. Do moatst de holle sa skeef net hâlde.
Waatze
No Wobbeltsje, hâld oan, no fuort dermei! Dat my de fuotten net útglide. Mem, hâld se my wat beet. No, dat sil oangean! Sa, sa, dat wie in beurt! Sa sil ik dy op ‘e toet ride. Dêrnei sil ik dy jitte wol better bekomme!
Gribbert
De bingel is jitte jong. Lit him jitte in jier of twa wachtsje.
Waatze
Mem, ik wol dat net dwaan en ik mei it net dwaan! Ik wol my leaver ophingje.
Sibbel
Sjoch dêr, Waatze, jou har dat foar it trouwen. It is in gouden tsientsje. Dy krigeste jit as in houlikspinning.
Gaatze Binnes
Hoe sille wy it no fierder dwaan? Sille wy it ek daliks ûnder de lju bringe?
Gribbert
Ik ha my der ek alhiel oer betocht. My tinkt, wy meie hinnegean en stjoer Waatze nei de stêd en lit fan in tige dokter in troubrief of putlikaasje skriuwe. Dy mei ús pastoar dan ris fan ‘e stoel ôflêze, as it ús ris te pas komt.
Gaatze Binnes
Ja, ik soe it ek mei in rutpelaasje hâlde.
Sibbel
Soan, moatst dus nei de stêd en lit in útlikaasje skriuwe fan in tige dokter.
Waatze
Dat mei ik dan leaver dwaan.
Sibbel
Waatske, hark jit wat.
Waatze
Mem, sis ik! Sis doch fan Waatze mei swietichheid!
Sibbel
No, hark dan, Waatze! Wat wolste no sizze, ast yn ‘e stêd komste.
Waatze
Dy’t my goed tinkt, dy wol ik oansprekke. Dy sil my in kontlikaasje skriuwe.
Gribbert
Do domme hûn, do bist sok in botte skelm!
Sibbel
Dêr silsto, âlde skiter, bloed foar spuie! Silste sa raar fan him sprekke, dêr’t er by syn breid stiet?
Gribbert
Wat wolste no, wiif? Hâld do dy wat rêstich. Hearsto, jonge, dêr’t ik yn it skûtsje hout op ‘e wâl smiet en doe’t ik it der wer yn flije moast; doe’t my dy minske sa by de poat hie, sasto witste: dêr wennet wol in dokter
Waatze
Ik wit wol, dêr straks om ‘e herne.
Gribbert
Ja! Asto no frege hast oan hokker side dat er wennet, bid him dan dat hy dy in puntlikaasje makket, en sis him datsto in nij wiif ha silst.
Waatze
Kin ik it ek allegear wol drage?
Gribbert
Ja! It is nammers in lyts bytsje pompier.
Waatze
Ik fûn lêsten yn ‘e stêd sa’n stik pompier, soe dat neat dwaan kinne?
Jantsje
Nee! Der moat wat bysûnders op skreaun stean.
Gribbert
Wolste gean, gean dan, en nim ús grutte hoanne mei, dy mochtst him wol jaan.
Waatze
Ik miende, dat soe ús húshoanne wêze. No Wobbel en mem, jim krije my dan. Ik wol wylst myn skoech wat smarre. Ik mei ek earst wol wat dat ik ûnderweis net drammelje.
Sibbel
No, sa wolle wy it derop stean litte. Wolle jimme in lyts bytsje mei yngean, buorlju, kom dan.
Gaatze Binnes
Nee! It is heech tiid dat ik nei hûs ta gie en fuorje myn einen en oar dier wat. No, Jantsje, gean no ris nei Bouwe Wynzes en harres, en freegje oft se dat guod al yn ‘e sek dien ha? Sa net, nim dan dy sek wer mei: want it guod kostet in protte jild! En dat falt in minske net út ‘e ears.
Gribbert en Jantsje
No soan Waatze, goenacht en goereis!
Waatze
Tige tank! Mar wannear sille wy brulloft hâlde?
Jantsje
Dat sil ik mei myn dochter Wobbel ris oer lizze.
Waatze
It is wol. Hearste net, Wobbeltsje? Ik sil dy koeke meibringe. Meitsje dyn brulloftsguod nammers te rjochte.
Wobbel
Dat is lang al bard! Dit jier makket ús mem my jit twa pear lekkens, mei in pear ferwielene mouwen.
Waatze
Mem! Wêr harkje jo nei? Gean yn ‘e hûs en krij my de koer mei de hoanne gau wat! Ik wit dy, myn leave Wobbeltsje, net mear te sizzen as hûndert tûzen goenacht! Ei, gûl sa net! Ik sil wol gau wer komme.