
Hjoed in fraachpetear dat ik fan ’e wike hie mei de direkteur fan it lânmjitkundich buro Saapma&Slomme út Ljouwert. Hobbe Saapma is al jierren in soarte fan tuorkewatcher. Hy set him wakker yn tsjin ’e skeefgroei fan bekende histoaryske tuorren. Stedsfernijing en histoarje bite mekoar noch wolris.
It begûn mei de ynteresse foar de Aldehou, mar it waard mear in mear ûnderdiel fan syn ûntwikkeling as arsjitekt. Hjoeddedei wurde syn beoardielingsrapporten dan ek troch de ynternasjonale parse oanhelle, stedsplanologen fan Parys oant Londen hâlde rekken mei syn miening. Sa wie de Ljouwerter fan komôf der mar min oer te sprekken dat er net op ’e hichte brocht waard fan fan de oanlis fan it nije metrostasjon ûnder it Aldehouster Tsjerkhôf, sa’t jo witte in toaniel fan tal fan fersakkings.
‘Saapma…Tidens de bou hawwe jo it stêdsbestjoer fan Ljouwert o sa warskôge foar de mooglike folgen fan it projekt, mar jo ynbring waard wer yn ’e wyn slein, en no wurdt de skea oan histoarysk Ljouwert al op in fyftjin miljoen euro rûst. It moat jo dochs in goed gefoel jaan dat jo it by it rjochte ein hienen tink?’
Hy lûkt de wynbrauwen eefkes op.
‘No eins net nee… safolle skea winskje je jins bertestêd net ta fansels, al binne der oergryslike flaters makke troch ûnkunde. As earste wol ik it ôfbrekken fan ’e nije parkeargaraazje neame…soks wie te gek foar wurden; in spiksplinternije parkeargaraazje ôfbrekke foar in te bouwen metrostasjon…je kinne it jild likegoed yn in âld sleat soale!
Twads wie it in noch gruttere flater om der in Cambuurstadion-bunker oan fêst te bouwen, ûnder de Prinsetún noch wol. Jo witte hoe’t it betearde, de Koperen Tún ferdwûn foar trijekwart yn ’e ierde, der kamen skuorren yn ’e omlizzende gebouwen fan Tresoar en it FLMD. Ik kin my net yntinke hokker idioat sokssawat betinkt as fuotbalje ûnder ’e grûn. Neffens my bestiet der ad infinitum mar ien jildige reden om ûnder ’e grûn te wêzen.
Tred: it oanbringen fan in tagongslift nei de metro yn de Aldehou. Wa bout der no in lift yn in histoaryske toer wêrfan it fûnemint net doocht of nea doocht hat, soks is freegje om fersakkings. Hawar, Ljouwert hat no dan dochs de skeanste toer fan Europa krigen.’
‘Dan hat dizze ramp Ljouwert dochs noch wat fertuten dien miskyn?’ freegje ik hoeden.
‘Yn alle gefallen sil it in soad nijsgjirrigen nei ús stêd talokke. Ik sjoch it al foar my, al dy delegaasjes fan konkurrearjende stedsbestjoerders, boumasters, histoarisy, hobby-argeologen út plakken as Suerhuzen, Pisa, Bedum, Aldeboarn en Bad Frankenhausen; allegear plakken mei skeane tuorren.’
‘Foarsjogge jo net in wyldgroei oan skeanens? Der sille grif mear stêden komme dy’t yn neifolging fan Ljouwert harren toer in setsje jaan wolle!’
‘ Dat falt noch wol wat ta, je sjogge earder it omkearde, Yn 2008 hat de Italiaanske yngenieur Michele Jamiolkowski foar achtentweintich miljoen euro de toer fan Pisa in fjirtich sintimeter rjochterop krikt, de Eifeltoer is ûnderwilens flink ûnder ’e linker poat ophege, de Twin Towers binne in pear jier werom neisjoen, The Tower fan Londen is wetterpas makke.’
‘Hoe sjocht jo takomst der eins út Saapma, sille jo hast ek mei pensjoen?’
‘Pensjoen, nee dêr tink ik net oan, mar ik haw my al oanmelden foar in plakje yn ’e Brandaris, de fjoertoer fan Skylge. Ik wol de lêste fjoertoerwachter fan ús lân aanst opfolgje.’