
Mei in snelheid fan 5 mile it oere klimt it treintsje de berch op. Links en rjochts hobbelje skiep hastich foar ús oan ’e kant. Mei de knibbels ynklemd tusken de bankjes (berekkene op minsken fan fjouwer generaasjes lyn) sjoch ik nei bûten. Ik fernuverje my oer skiep dy’t sa’t it liket op it rântsje fan de ôfgrûn steane. Ik bin op wei nei it heechste puntsje fan de heechste berch fan North Wales. De trein stoppet op in pear kilometer fan de top, de lêste trije kertier sille we rinnend ôflizze moatte om foar in pear sekonden de heechste minsken yn Wales te wêzen. It útsicht is no al prachtich, mar ik ha wer ris âlderwetsk tefolle oan myn holle om derfan te genietsjen.
Ik hear mysels sizzen dat it betiid tsjuster wêze sil, soene wy de tocht nei de top en werom foar dy tiid wol helje? Myn freon bromt dat ik him fertrouwe moat. Sá maklik lit ûnrêst him fansels net de kop yndrukke. Besoarge wiis ik op tsjustere wolken boppe de top. Hoe gau sil it wol net ôfkuolje boppe-op sa’n berch? Boppedat: wy binne min taret yn ús gewoane klean. Utsein ús kuierskuon, wetter en sûkelade, ha wy neat by ús fan de list dy’t we by de kaart krigen ha. Ik wiis it oan: gjin fluitsje, mûtse of bûslampe, gjin reinklean… Myn freon suchtet. Rjochts fan ús sitte – yn ivige harmony – syn âlden, myn skoanâlden. Faak freegje ik my ôf hoe’t it kin dat sokke rêstige âlden sokke harrewarjende bern ha. Ek myn âlden ha nea rúzje. As ús mem ek mar lulk driget te wurden, laket ús heit en is der neat mear oan ’e hân. Om de sfear net te bedjerren stappe wy út as it treintsje boppe is en rinne dalik de berch op.
Neffens myn freon slagget it my yn ûnbekinde sitewaasjes faak net om yn it ‘no’ te libjen. It kin bêst wier wêze, mar it is ek net maklik om te genietsjen fan it útsicht no’t hy yn in ferbjusterend tempo omheech begjint te klimmen, him allinnich ûngeduldich omdraaiend om te freegjen oft ik net wat hurder kin. It paad giet hiel steil omheech en de wyn is iiskâld. Yn de linkerhelte fan myn holle lit in stekkende pineholle witte dat in mûtse wolkom west hie. Boem boem boem docht it, op it ritme fan myn hertslach. Myn freon hat it krekt hiel waarm, dus ik krij syn jas mei kapusjon, dy’t ik stiif fêstlûk. Syn jas falt my oer de knibbels. Neffens myn freon sjoch ik der hilarysk út. Hy nimt myn learen jekje yn de hân. Nei in heal oere topsport binne wy boppe. It is kâld en it waait. ‘No binne wy it heechst fan alle minsken yn Wales!’ ropt myn freon bliid. Wy meitsje foto’s. Yn tsjinstelling ta it spantsje dat fuort nei ús op it heechste punt stiet, en fan wa’t myn freon in moaie foto makket, geane wy net tegearre op de foto. Myn freon lûkt syn bekinde ‘ik posearje’ gesicht, ik wol in statement meitsje en gean dus mei myn sikkeneurige, bekapusjonde gesicht op de foto. Wy sjogge even om ús hinne, mar beslute dan gau nei ûnderen te rinnen, om net oprinne te hoegen mei de minsken achter ús.
De tocht nei ûnder giet like hurd as dy omheech. Ik hie ús earne op in stien fantasearre, tusken de skiepkes, ferwikkele yn in djipdollend petear oer ús libben. Sa’n terapeutysk petear, dat nije gesichtspunten opleveret. Praten is lykwols ûnmooglik om’t myn freon hieltyd sa’n tsien meter foar my rint. Om’t it steil is, moat ik by elke stap ôfremje. Wy helje minsken yn dy’t wy op wei omheech ek al tsjinkaam wiene.
It begjint krekt te skimerjen as wy by de auto oankomme dêr’t myn skoanâlden yn sitte te wachtsjen. Se binne ferbjustere dat wy der al binne, se hiene ús noch net werom ferwachte. Wy ha de tocht net yn trije en in heal, mar yn twa en in heal oere rûn. Wie it moai? Wy litte de foto’s sjen. Myn skoanâlden tinke dat ik foar de grap sa sikkeneurich sjoch. Foardat myn freon wat sizze kin, wiis ik nei bûten en sis: ‘Sjoch, sa gau wurdt it no tsjuster. Wy binne krekt op ’e tiid werom.’