
(Ek yn Hjir, nr. 4)
‘Zoals ik hier heb geprobeerd aan te geven, bestaat de intrinsieke waarde, de eigenheid zo men wil, van de Friese poëzie daarin, dat zij oplossingen zoekt voor de oppostities tussen traditie en experiment, tussen volkstaal en literaire taal.’ Abe de Vries skriuwt it yn ’e ynlieding fan syn twatalige, yn it foarste plak foar de Nederlânsktalige merk ornearre blomlêzing Het goud op de weg – De Friese poëzie sinds 1880.
Op himsels komt it ferlet om de eigenheid fan ’e Fryske poëzy oan te jaan fansels wei út it idee dat foar it skriuwen fan poëzy yn it Frysk en it oer de grins bringen dêrfan in legitimaasje nedich is en dat dy fûn wurde moat yn hoe’t dy poëzy him ûnderskiedt fan de Nederlânske. It skynt ek foar De Vries net ta te kinnen mei te sizzen: Fryske poëzy is poëzy yn it Frysk, en noch sokssawat as: de Fryske poëzy telt in pear grutte dichters en hiel wat dy’t der ek wêze meie, in protte Fryske poëzy kin kwalitatyf besjen lije. Der moat mear sein wurde. Mar wy sille sjen dat De Vries winliken noch in oare aginda hat en dat dy folle mear ferantwurdlik is foar wat er yn syn ynlieding nei foaren bringt.
De Vries wol him sa’t er seit rjochtsje op de ‘forse verschillen’ dy’t der tusken de Fryske en Nederlânske poëzy bestean soene. Wêr komt er mei? Hy begjint mei in ferskil op it mêd fan de taalsituaasje: de Fryske literatuer / poëzy is as minderheidstaal berne en groeid tsjin ’e ferdrukking yn. Op dy taalsituaasje breidet er dan fierder troch te stellen dat dêrtroch (in lyts ploechje aktivisten en oerheidsstipe) – en no makket er de stap nei de literatuer sels – de Fryske literatuer in natuerlike oanstriid hat ta isolemint, ta omtinken foar himsels, sels ta narsisme en selsfoldienens en dat literêre standerts hieltyd wer befochten wurde moatte. Mar tagelyk stiet dêr neffens him ek wat foaroer: in ûnbedimber entûsjasme foar ‘de blik naar buiten’ en ‘het verleggen van grenzen’. En dat bringt him wer ta de konstatearring dat ien fan ’e konstanten yn de tweintichste ieuske poëzy ‘de nogal moeizame verhouding is tussen traditie en experiment’. Dat tema krijt dan fierders wiidweidich it omtinken. Kenmerken fan de tradysje soene wêze, lânskipsbeskriuwings, motiven as migraasje en remigraasje, omtinken foar de bedrige posysje fan de Fryske taal. It eksperimint soe dêrfoaroer fier bliuwe fan ’e folkstaal, de wrâld en de wrâldliteratuer brûke as klankboerd en him rjochtsje op ’e taal yn syn algemienens. Oangeande de tradisjonele poëzy makket er dan ek noch de opmerking dat dy ‘verbonden (is) met het idee dat de woordkunstenaar een dienende rol past jegens zijn bedreigde taal, en wellicht zelfs jegens de gefnuikte nationale aspiraties van zijn taalgebied’. En oer it eksperimint yn ’e poëzy seit er, dat dêr foar de twadde wrâldoarloch amper sprake fan is mar dat de oarloch de eksklusive macht fan tradysje brutsen hat om’t de pro-Dútske koers fan in part fan de Fryske kulturele elite de redaksje fan it nije tydskrift de Tsjerne, mei Fedde Schurer foarop, him yn 1946 roppen fielde om te stellen dat de bining tusken de Fryske literatuer en de Fryske beweging ferbrutsen wie.
Mar mei it boppesteande binne noch gjin ynhâldlike ferskillen tusken de Nederlânske en Fryske poëzy oantsjut en it docht bliken dat by einsluten dat ûnderwerp – en dan ek noch yn it foarbygean – eksplisyt mar in pear kear oan ’e oarder komt: ‘Uitte de algemene ontideologisering van de jaren zeventig en tachtig zich in Nederland en Vlaanderen in een steeds vaker op academische, hermetische en taalfilosofie geënte, grootstedelijke poëzie, in het landelijke Friesland kreeg die richting weinig kansen. Daarbij heeft ook het ontbreken van een universiteit meegespeeld.’ En as er Anne Wadman parafrasearret: ‘Waarin week die literatuur af van de Nederlandse, anders dan in de nadruk op natuurlyriek, de verleiding van het platteland en het afschilderen van Friesland als een onbereikbaar ideaal?’ En oan ’e ein fan
syn ynlieding komt De Vries dan noch in kear yn syn algemienens op ’e ynhâldlike kant fan ’e Fryske poëzy werom. Tsjinoer Wadman syn sizzen dat de Fryske poëzy ûnder de kowesturten wei moast, stelt De Vries: ‘In plaats van volmondig te erkennen dat de Friese poëzie inderdaad grotendeels ‘een soort boerenpoëzie’ was, is en zal blijven, werd verwoed gepoogd om bruggen naar de wereld te slaan door bij voorkeur de algemeen-menselijke problematiek te belichten, die achter al die koeienstaartengedichten schuilging. Dat is zowel een open deur intrappen als jammerlijk miskennen dat deze dichtkunst bepaalde ‘unique selling points’ bezit.’
Al mei al stelt it net folle foar wêr’t De Vries yn syn ynlieding oan spesifike ferskillen tusken Fryske en Nederlânske poëzy mei komt. Men kin der eins gjin kant mei út.
It giet De Vries yn syn ynlieding dan ek – sa’t ik al oanjûn ha – om hiel wat oars. Dat wurdt dúdlik as er it tema fan de opkomst fan de eksperimintele poëzy yn de fyftiger jierren oansnijt, sis mar de quatrebras-poëzy. Hy seit dêroer: ‘Maar de basis voor deze poëzie bleek in Friesland nogal smal; in het midden van de jaren zestig keerde Miedema (de grutte man fan quartebras. P.B.) de Friese literatuur teleurgesteld de rug toe. De praktijk wees uit dat een Fries schrijver niet anders kon dan tegelijk een taalstrijder zijn. Buiten-literaire motieven, zoals bevordering van ‘goed’ taalgebruik, bleven in de literatuur een rol spelen … Terwijl in de Randstad de oude vormen doofden, en de Vijftigers en naderhand de nieuwe zakelijkheid van Rabarber (moat Barbarber wêze. P.B.) er snel werden geaccepteerd, stuitten de experimentelen in Friesland op beperkingen in de literaire receptie die inherent zijn aan een bedreigde minderheidstaal.’ Mar dy foarstelling fan saken doocht net. It is sa, dat troch quatrebras de tradisjonele poëzy yn ien kear oan kant reage waard en gjin poat mear hie om op te stean en dat quatrebras krekt de basis waard dêr’t de Fryske poëzy, de Fryske literatuer him fierder op ûntjaan koe. Dat Hessel Miedema, Marten Brouwer en Jelle de Jong opholden, hie minder te meitsjen mei ôfwizende reaksjes fan de âldere generaasje en de tradisjonalisten as mei persoanlike motiven en omstannichheden. Men kin stelle dat sûnt dy tiid yn de Fryske literatuer it eksperimint it primaat hat boppe de tradysje en dat yn ’e Fryske literatuer plak is foar fan alles en noch wat en der absolút net minder, miskien sels wol mear romte foar is as yn de Nederlânske literatuer. In pear omstannichheden drage dêr oan by: binnen de betreklik jonge en lytse Fryske literatuer is gjin sterke tradysje ûntstien en net sprake fan oerhearsking troch in beskate streaming en binnen de Fryske literatuer spilet it kommersjele aspekt (mei troch de subsydzjemooglikheden) amper in rol.
De konklúzje moat dan ek wêze dat it item fan De Vries, it sykjen fan oplossingen tusken tradysje en eksperimint, tusken folkstaal en literêre taal, in non-item is.
Wêrom komt er dêr dan mei?
De Vries is yn it foarste plak negatyf oer de eksperimintelen fan en nei quatrebras, want oan de opdracht fan Wadman, sa’t De Vries dy formulearret, ‘wees anders, wijk af, wees éigen’ koene de quatrebras-dichters gjin gefolch jaan om’t se, en dêryn stimt er Tjitte Piebenga mei, har tefolle rjochten op foarbylden út ’e Nederlânske literatuer. Dêrnêst hat De Vries it ek net stean op ’e poëzy út ’e santiger jierren, ‘de persoonlijk ingekleurde anekdote, de net te gemakkelijke vertelling’, sis mar de ‘praatpoëzy’. Dêr set er dan yn earste ynstânsje Tjitte Piebenga foaroer, dy’t de earste dichter wêze soe, dy’t ‘experiment en traditie mei succes in een synthese bracht; een synthese die hij grondvestte op het taalmateriaal’. Dêrnei komt De Vries oansetten mei de barokke, oerladen poëzy fan de lettere Tsjêbbe Hettinga. Letter neamt er noch Eeltsje Hettinga en Jacobus Quiryn Smink, dy’t it om in fersoening fan
folks- en literêre taal te dwaan wêze soe en Tsead Bruinja dy’t krekt as Tsjêbbe Hettinga yn syn foardrachten ‘alle ruimte (geeft) aan de zangerige kwaliteit van de taal’. Wat De Vries docht, is pleitsje foar poëzy dy’t him op it taalmateriaal rjochtet, op de klank en it idioom fan it Frysk. Dêr leit er ek de klam op yn syn eigen poëzy. Dêryn giet er benammen werom nei de wrâld en it lânskip fan syn jeugd, sis mar de Fryske boere- en plattelânswrâld. Syn poëzy hat dêrnêst in sterk serebraal en klassyk karakter. Dy beide aspekten binne ek kenmerkend foar guon dichters dy’t er yn syn ynlieding nei foaren hellet en dy’t yn ’e blomlêzing rynsk omtinken krije, sa as Douwe Hermans Kiestra en Eppie Dam. Wat Abe de Vries yn syn ynlieding docht, is syn eigen poëtika nei foaren skowe. Hy bedriuwt yn syn ynlieding deagewoan ynterne literatuerpolityk.
Syn eigentlike missy bringt De Vries trouwens op ’e twadde side fan ’e ynlieding al op it aljemint, want dêr stelt er, dat mei ‘die Friese dichtkunst van tegenwoordig toch echt iets aan de hand (is), en dat dat iets nieuws is in het licht van de Friese poëziegeschiedenis, dat staat wel vast. Dat deze bloemlezing daarvan het bewijs mag zijn.’ Hy seit dat yn it ljocht fan it feit dat de Fryske poëzy hieltyd mear wurdearring en omtinken krigen hat bûten Fryslân nei Tsjêbbe Hettinga syn ferneamde optreden op ’e Frankfurter Buchmesse yn 1993. It gefolch: twatalige blomlêzings en bondels en guon dichters manifestearje har sawol as Frysk as as Nederlânsk dichter. It wurdt net eksplisyt sein, mar dy tanommen belangstelling moat dan wol lizze oan it karakter fan de nijste Fryske poëzy en dat soe dan wêze it sykjen nei in oplossing tusken eksperimint en tradysje, tusken folkstaal en literêre taal. De Vries jout tige abstrakt oan wat Fryske poëzy neffens him ynhâlde en wêze moat om foar de bûtenwrâld nijsgjirrich te wêzen en de jongere generaasjes hawwe dat foar it ferstân. As men dan lykwols sjocht nei dy nijste dichtkeunst, dan fljocht dy alle kanten op en falt dy alhiel net ûnder de paraplu fan De Vries te beflappen. En dat jildt ek foar de poëzy fan dichters fan eardere generaasjes dy’t troch him yn Het goud op de weg nei foaren helle wurde, wylst se yn De spiegel van de Friese poëzie in beskieden of hielendal gjin plak krigen hiene, mar dy’t om guon eigenskippen fan harren wurk yn syn kream te pas komme: harren tradiysjonele ynset of/ en harren klassike ynset of/ en hoe’t se fan it Frysk gebrûk meitsje of / en om harren tematyk.
De ynlieding fan De Vries is in polemysk stik en Het goud op de weg yn it ferlingde dêrfan in blomlêzing mei polemyske trekken.
Syn missy krijt konkretere trekken as men jin rjochtet op in paradoks yn de ynlieding sels en tusken ynlieding en blomlêzing. It perspektyf dat er foar de Fryske poëzy oandracht, dat dy ‘een soort van boerenpoëzie was, is en zal blijven’ ûnderhellet er troch de blomlêzing einigje te litten mei dit gedicht fan Hidde Boersma:
Habibi
Oer de golf fan Akaba
leit de waarme gloed
fan ’e ûndergeande sinne
De giele droege bergen
binne swart
yn it skimerljocht
Hjir en dêr
jout in lantearne oan
wêr’t de dyk rint
Yn ’e fierte
skommelje boatsjes
yn ’e haven fan Eilat
Oer de dyk
jeit in wyt buske
begelaat troch Arabyske muzyk
Der sitte minsken yn:
Arabieren, Joaden, Aziaten,
Europeanen en Amerikanen
Yn de ynlieding liket dyselde paradoks te sitten. De Vries hat it net stean op de ‘zendingspolitiek’ om ‘herkenbaar Friese motieven juist te bestrijden, want dat is it ‘jammerlijk miskennen dat deze dichtkunst bepaalde ‘unique selling point’ bezit’, mar neamt Sjoerd Spanninga in belangryk dichter om’t ‘die in zijn poëzie een frisse wind liet waaien … Met zijn exotische beeldtaal importeerde Spanninga … als het ware de wijde wereld in de Friese poëzie’ en ûnder de nijste dichters dy’t er apart neamt seit er fan Albertina Soepboer dat se ‘met het grootste gemak Noorse, Spaanse of Italiaanse naast vertrouwde Friese decors (zet).’ Mar it is krekt op dit terrein dat de aap út ’e mouwe komt en de De Vries ynfolling jout oan wat er bedoelt mei: ‘Zoals ik hier heb geprobeerd aan te geven, bestaat de intrinsieke waarde, de eigenheid zo men wil, van de Friese poëzie daarin, dat zij oplossingen zoekt voor de opposities tussen traditie en experiment, tussen volkstaal en literaire taal.’ Want wat skriuwt er: ‘Friese dichters, zo heeft het laatste decennium van de vorige eeuw getoond, weten steeds vaker ‘typisch Friese’ tema’s te combineren met elementen uit de wereldpoëzie en de mondiale poëziegeschiedenis. Eng-Friese kaders worden doorbroken, maar zonder de Friese referentiewereld op te geven of af te wijzen, zoals in de jaren zestig Hessel Miedema wel had gedaan.’ Mar dan hat er it net oer tradysje en eksperimint en oer folkstaal en literêre taal, mar oer tematyk. It is trouwens net wier dat men de nijere generaasjes wat dat oangiet op wat nijs betraapje kin. Abe de Vries besiket de nije generaasjes foar de eksperimintelen en har opfolgers oer te profilearjen. Mar it byld dat yn ’e blomlêzing fan harren poëzy opriist jout dêr gjin oanlieding ta.
Het goud op de weg is foar in part in antwurd op de kar dy’t makke is yn De spiegel van de Friese poëzie út 1994. En dat is fansels de wearde derfan. De Vries hat wer dichters en fasetten opkrigen, dy’t de Spiegel falle litten hie.
En fierders. Wis, guon dichters binne nei foaren helle om’t se yn syn kream te pas komme, guon hawwe in minder prominint plak of sels amper of hielendal gjin omtinken krigen om’t se net yn syn plaatsje passe en dat bygelyks Douwe Hermans Kiestra, Sjoerd Spanninga en Piebenga sa’n prominint plak yn ’e bondel ynnimme en de praat- en de eksperimintele poëzy út de fyftiger, sechtiger en santiger jierren fierhinne negearre binne, binne krampferskynsels as gefolch fan syn missy en hat te krijen mei it feit dat syn smaak tige meibepalend west hat. Mar de bondel ûnderstipet net wat De Vries oangeande de eigenheid en it wêzen fan ’e Fryske poëzy beweart. En by syn kar hat er him dochs yn it foarste plak liede litten troch de easken fan
kwaliteit en ferskaat. Gelokkich mar. Mei syn ynlieding giet De Vries de mist yn, mei de blomlêzing sels aldergelokst net.
Abe de Vries
Het goud op de weg – De Fries poëzie sinds 1880
Bornmeer, 2008