Eric Hoekstra

Earste lesbyske boek yn it Frysk

logo.ensafh

(De troch de auteur ynstjoerde tekst hat earst ien dei op de webside www.liwwarders.nl stien. Hy wurdt hjir nochris publisearre om’t it de muoite wurdich is om him wat langer beskikber te hawwen.)

Primeur – Earste Lesbyske boek yn it Frysk “In Jikselibben”.
In feestlike middei healwei Stiens en St.Anne op snein 21 septimber 2008

‘Hoi,’ sei se, ‘dêr wie ik al.’
‘Hoi,’ sei ik, ‘dat sjoch ik.’
(Ut it ferhaal ‘Hoe’t it wêze soe’.)

Neffens my ha wy yn de Fryske literatuer wer in primeur. It earste lesbyske boek komt út. No goed, net oerdriuwe, it is gewoan literatuer dêr’t lesbjennisme is rol yn spilet, sûnder dat der sprake is fan erotyske oanfiterlektuer of ferlykbere ûnderbúkse multerchjes.
Wat my op de sydsprong bringt dat de earste grutte pornografyske roman yn it Frysk noch altyd op him wachtsje lit, al wurde yn De Reade Boarre in pear nijsgjirrige sênes bybrocht.
Doeke Sijens hie in pear jier ferlyn it earste boek skreaun dêr’t manlike homoseksualiteit in rol yn spilet. Dat wie “Fan it Lân fan Palmerûzjen”, goed lêsber en fan in folwoeksen literêr gehalte.
En no ha wy dus fan Janneke Spoelstra de ferhalebondel “In Jikselibben”. It boek sil fan ‘e middei oanbean wurde yn Ytkafêe ‘De Molen’, dat op healwei tusken Stiens en St. Anne leit. Dêr moat ik by wêze, earsten gender-bender dat ik bin!
Oer gender-bending sprutsen: de measte Fryske foarnammen kinne fan geslacht wikselje: Jan-Jantsje, Trinus-Tryntsje en sels Eric-Erikje heart net al te raar. Mar ik ha noch net heard fan: Doeke-Doekje! Kin nammekundige Gildemacher dat net ris útsykje?

Op nei Stiens dus, en fierder. Al is in earder avontuer fan my te Stiens ris smaadlik mislearre. Dat wie doe’t ik ris helpe soe te boeksuteljen. Mar ik koe dêr gjin minsk, en ik wie net earder op it plak west dêr’t de sutelkroadners inoar metten. Betink hjirby dat ik in ûngenêslike ferdwaalfoby ha.
En it wie yn ‘e tiid fan myn wenstige simmerdepresje. Hawar, ik op ‘e fyts fuort en ja hear, de iene bui jage de oare. Dweiltrochwiet en demotivearre kaam ik yn Stiens oan. Doe koe ik it sammelplak ek nochris fan myn libben net fine. Slûksturtsjend bin ik doe weromfytst nei Ljouwert, en mei in kweade konsjinsje ha ik de organisaasje in ferûntskuldigend en tige needrich mailtsje skreaun. Ja, it giet net altiten crescendo.

Janneke Spoelstra is oars ek de auteur fan de gedichtebondel mei de titel ‘Goeie is it wachtwurd’. De útfynster fan dy fraaie titel kin in potsje by my brekke. En it earste wurd fan de titel wurdt tige faak sitearre, sels troch gewone minsken.
It debakel fan Stiens sko ik geastlik fansiden. Mei nije heldemoed stap ik op de fyts, en nim yn byleauwige bangens in omwei foar kar dy’t my net oer Stiens fiert. Alsa passear ik earst it Poptaslot fan Marssum en kom efkes letter yn Bitgummole oan. Dêr hâld ik efkes ho by in stânbyld. Wa soe dat wêze? “Johan Hartman Aisma. Fan de Aisma-Stifting” lês ik op in plaatsje dat koperdieven sitte litten ha. Ja, no wit ik noch neat. Sa wurdt it noait wat mei de kennisekonomy dat protteljend ferfetsje ik myn Iensum Aventoer.
Troch in lange leechte traapje ik yn ‘e wyn op, dat út nei Froubuorren ta. Underweis sjoch ik in útwrysk boerd: “Boris Iljanov and Russian Red Bull Show”. Earst dy Aisma en no dit! It moat net mâlder wurde yn dizze riedseleftige rimboe.
Mar dan! Lang om in bytsje te let kom ik yn restaurant De Molen oan (“De Molen, foar al jo iterij!” – sa dat is 50 euro gau fertsjinne). By de tagong moat ik my yntrodusearje. “Hoekstra, fan doarpskrante De Pet”, liich ik, want op lju út Ljouwert ha se hjir op it plattelân mar in skalk each.

Ik sko oan by in kollega fan it wurk en har sympatike partner. Ik sjoch om my hinne. Ha, dêr sit in hege funksjenaris fan it COC (moat dat net mei CK skreaun wurde?). Hy is teffens heech yn de FNP, dêr’t de H-beweging har tentakels ek al nei útslein ha. Der is oars ek in heech funksjonariske fan Grienlinks.
Se sitte oeral! Se sitte oeral! Heiten, memmen, hâld jo neiteam binnenshûs! Op myn stuoltsje klem ik myn teare jongesbiltsjes stiif tsjininoar oan.
Ik hear Sito Sprekstalmaster Wijngaarden sizzen “Ik bin in moaie jonge”. Goed, dy hat him alhiel taret op dizze H-middei, en komt yn syn bêste klean út ‘e kast.

Janneke Spoelstra fertelt dat H gjin grut Taboe mear is, want “oars sieten jim hjir allegear net” en se sjocht yn de seal om har hinne, – dy’t yndie swart fan it folk is. Hallo oars sieten jim hjir net?? Ik bin hjir krekt fanwege it Taboe. It hiel rôse-pearse sirkwy is fertsjintwurdige, ek de manlju, dy’t oars by de Griene Stjer tahâlde.
Doeke Sijens wie de skriuwbegelieder. Hy liket in krusing tusken Oscar Wilde en Gerrit Komrij. Mar net fan aard, want hy is in ynfierene biblioteekman.
Herman Feenstra sjongt dan in pear dealske moaie ferzen fan Edgar Allan Poe, oerset troch Janneke, wylst er himsels begeliedt op syn akkordeon. Ik snobje ûnderwyst fan myn gebak. Fan Bakkerij Nico en Aeltsje de Groot út Stiens (dat is wer 50 euro fertsjinne!).

Oft ik mei myn fleurige ferskining in protte feroveringen meitsje, wit ik net, mar de miggen binne net fan my ôf te slaan. Dy rûke myn frisse jongfeintefytsersswit. Dat krije je mei in kafee by in opfeart. Der leit oars ek in rûnfeartboat yn (50 euro!).

Janneke fertelt dat se har gedichtebondel fan doedestiids sels nei It Anna Blaman-hûs en de bibliotheek fan Stiens brocht hat, “want dêr heart it yn alle gefallen te wêzen”. Yndie, want de bibliotheek fan Stiens stiet bekend om syn samling lesbo-literatuer, wylst It Anna Blaman-hûs alles samlet op it mêd fan Fryske literatuer.
Janneke biedt it boek dan oan, oan Netty Groeneveld, direkteur fan it AB-hûs. Dy omskriuwt har ynstitút as in ‘rôze Tresoar”. Sammelje se dan ek guod fan H-mannen, freegje ik my ôf?

Wylst Netty orearret, besjoch ik de ynrjochting. De rea ferve muorren falle op, net liker as yn it paleis te Kreta fan de Minoysje keninginnekultuer. Netty lûkt in ferliking tusken lofts- en rjochthandichheid en homo- en heteroseksualiteit. De mearderheid stelt de noarm. De minderheid moat wrakselje mei syn identiteit.
Se bekent dat se it Frysk altyd fier fan har smiten hat, al hat se in Fryske heit en in Fryske partner. Ta myn fernuvering belûkt se Frysk-Hollânsk net yn de metafoar: Frysk is ommers ek in leechleine homoseksuele lofterhân!
Mar se hat no dus har earste Fryske boek lêzen, Janneke’s Jikselibben. Hulde. Se wiist op de earste H-skriuwers yn de Hollânske en Fryske literatuer. Nee, dan de Griken & Romeinen. Dy hiene Sapfo fan it eilân Lesbos. En it tilt op fan de manlike H-literatuer. Lucianus ferliket de foar- en neidielen fan it homo-wêzen mei de foar- en neidielen fan it hetero-wêzen, om te’n geunste fan de homo’s te konkludearjen. Direkteur, dat mei wolris earfol fermeld wurde yn dit jammerdearlik postkristlike heden.

Sito sprekt it lêste wurd. Nei de wat al te ideologyske praatsje fan Netty komt hy mei de ‘debunking’, en seit fan, ‘in moai ferhaal mar ik bin noch altyd net lesbysk wurden’. Dat sjit in ideolooch fan de H-beweging yn it ferkearde kielsgat, mar it is in grapke om de al te heechbefleinens wer mei beide skonken op de ierde te setten. Bliuw de ierde trou! Sa’t de filosoof seit.
Ta beslút spilet Herman Veenstra noch wat stikjes fan de Revue Kuorbalklup Hijim, mar ik fûn dy stikken fan Poe folle moaier, ek kwa muzyk.
Mirjam Vellinga fan de AFUK fertelt noch dat it boek foarby 8 kommisjes en sa’n 20-30 lêzers moast. Hea, dan hat elkenien dy’t wat is yn it Fryske Wrâldsje it ek wol lêzen. Lykwols keapje ik in eksimplaar. Mei in boekebon, want sa bin ik ek wol wer.

Ik ûntsnap nei bûten ta. Want je kinne net inkeld oare slachtlike foarkarren ha, mar ek in folslein oars en seldsum aard, en byhearrige frjemde noarmen en wearden. Lykas ik, want wa oars skriuwt sokke idioate stikjes?
Bûten praat ik efkes mei in hiel lyts famke, dat nei de beweegjende molewjukken stie te sjen.
Op de weromreis gean ik oer de grutte dyk by Stiens lâns. Yn in sucht fan in healoerke bin ik thús, wylst ik oer de hinnereis in oere die. It wie wer in wolbestege middei.