
De jildigens fan it minskwêzen.
Diskear yn Farsk in ympresje út in supermerk fan de famylje ‘Suizss’ dêr’t it alhiel in keale boel wie fan ’e wike. Ik haw krekt foar in pear miljoen euro boadskippen ôfrekkene by de kassa en tropje se yn myn rêchtas. It meast needsaaklike wat je mar betinke kinne; in pear pakken jochert dy’t al eefkes oer datum binne,músly, trije pakken sulverfluesrys, fiif appels yn in plestikpûdsje, trije bananen, en in doaske aaien fan fjouwer wike âld.
Hawar,ik mei net sangerje, ik haw wer in wike te iten. Lokkich dat ik thús ek noch wat iten yn blik haw, tonyn, salm en ananas.
Sa wat prakkesearjend wurd ik ynienen oansprutsen troch in wat snústerige persoan. Ik rûs him efter yn ’e fyftich, type kolbertjaske mei Skotske rút, aardich búkje, brune terlinkabroek oan , klomplearskes – ik miende dat klomplearskes fan ’e foarige ieu wienen – in knappe dranknoas ek, boarstelige eachteisters, snorke, ûnderkin, en in donkergrien ribflewielen huodsje op ’e keale plasse.
Hy bûcht de holle foaroer en stoarret mei rôljende eagen nei myn skuon.
‘Wat wolst foar dy skuon hawwe jong!’
‘Eh hoe bedoele jo, dizze skuon, dy’t ik no oan haw?’ sis ik wat ferstuivere.
‘Ja… sa te sjen in knap pear!’
‘It binne Memphisto’s, echt lear, de soal fearret mei op lucht.’
‘Wolst se ek ruilje?’
‘No eh nee, ik haw se spesjaal út Grins helle, ik haw te brede fuotten.’
‘Ik ek jong… ik ek… Sa te sjen is it maat 45 net?’
‘Ja…hoe sa…d.’
‘Maat 45 is prachtich, lit my ris passe?’
‘Huh.’
‘Lit my ris passe!’
‘Eh… se binne net te keap… al biede je ek in miljard euro… oare wike is de euro miskyn al neat mear wurdich!’
Dan wiist er mei in heimsinnige glim om syn mûle nei syn âlderwetske Citizen horloazje mei fertochte goudkleur.
‘Oardel miljard euro en dit horloazje, as dyn skuon my goed sitte!’
Ik tink nei. Wêr ha ik dy nuvere man earder sjoen. Yn in regionale tillevyzjessearje? Ech, wat kin it my ek skele, lit dy man dy skuon mar efkes oanpasse.
‘Jaa, se sitte as getten.’ kraait er en langet my it bedrach en it horloazje oer.
It is yn in flok en in skeet beslikke.
‘En ik dan?’freegje ik stammerjend, ‘moat ik no op sokken nei hús ta?’
Hy sjocht my oan en knypt de eagen fyntsjes ta, sa as er op televyzje ek sa faak die.
‘Wist wat,’ seit er ‘do krijst myn klomplearskes der ek op ta, sa skiterich bin ik no ek wer net!’
‘Goh…,’ sis ik, ‘wat aardich fan jo’.
Eefkes letter kloskje ik op hûs oan. Ik brek my sawat de poaten op dy rot klomplearzen. De jûns op it nijs sjoch ik hoe’t Wouter Bos de euro offisjeel ferfongen hat troch in oare muntienheid út Zimbabwe. As it tiid is om op bêd, sjoch ik op myn nij horloazje. It stiet stil op twa foar tolven moarns. Ik fiel my dochs wat yn ’e sek naaid.