Foaropwurd 98

logo.ensafh

foaropwurd

freed 15 juny 2007

‘Hast it útrôljen fan Willem S. juster ek sjoen?’

‘Huh, watte?’

‘Sis my net datst der noch neat fan meikrigen hast! Mei in mear as mânsheech doek op de gevel fan ‘e boekhannel hat er juster syn nije Fryske roman presintearre. Willem yn swart leer derop. Se ferwachtsje opskuor!’

‘Swart leer? Wol dat wat betsjutte?’

‘Ja, slûge! Hasto gjin assosjaasjes by mannen yn swart leer?’

‘O, giet dizze oer homo’s? Moat dat noch reboelje jaan dan?’

‘Yn Noardeast-Fryslân grif, en der skynt noch folle mear oan ‘t hantsje te wêzen: fiergeande fasksistyske mieningen! En oer de klean- en oare koades yn de homowrâld kinst ek noch fan alles opstekke’

‘Koades, hin? Hokker kleur fiters hie Willem dan yn’e skuon?’
 

Yn dit nûmer rekkent Farsk ôf yn de serie Oerset: fan Klaas Bruinsma ferskynt it tredde en lêste part fan It hart mei de wite foet en Miedema set de lêste twa fersen oer yn syn Kloos-rige. Der is aktuele poëzij fan Ruurdtsje de Haan by de treinkaping fan 30 jier lyn en ek Alfred Stucki betinkt in deade: syn mem. Inge Heslinga besprekt de stedspoëzij fan Arjan Hut. Piter Wilkens wurdt besprutsen troch Elizabeth Hietkamp en wy ha in nije kollumniste: Sytske de Jong seach it nije Frysk tematydskrift BERN lizzen en stikelt hjirby fan wâl. Mei ús Farsk-krollumnist Jaap Krol rekkenje wy aanst ôf yn nûmer 100…

Hielendal fergees der op ta: foto’s fan it unyke optreden fan DuoVon Däniken yn Ljouwert op it boekefeestje fan Willem S. It wetter bruts en der kaam in swart berntsje fan…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *