
It sil 1987 west ha. Myn broer, suster en ik wiene by freonen fan myn âlden. Yn ’e hoeke fan de studearkeamer, mei in yn myn berne-each ymponearjend tal boeken, sieten wy stilswijend om de televyzje. It wie 4 maaie, acht oere jûns, en wy wiene spesjaal út it moaie waar yn ’e tún kaam om op televyzje nei deadebetinking te sjen. Earder hie it knyn fan de freonen yn myn finger biten doe’t ik it in hynsteblom fuorre, de triennen stiene my noch yn ’e eagen en ik wie dus yn de goede stimming om fol ûntsach nei de feteranen op de Dam te sjen. Ik lies de boeken fan skriuwers as W.G. van de Hulst, want ús skoalle wie hiel kristlik en hie dus gjin nije, moderne berneboeken fanneden. It ferset, sa begriep ik hiel goed, wie belangryk west en ek hiel gefaerlik. Dútsers wiene wreed en gemien. God stie nammers oan ’e kant fan de Nederlanners, en dat ferwûndere my as leauwich bern neat, al moasten de jonges en famkes út de boeken oer de oarloch der wol hiel faak foar bidde. De famylje fan de omke dy’t in Dútske frou troud hie en dêr’t wy wolris kamen, wie fansels in útsûndering, ek al hearde ik flústerjen dat har heit lid west hie fan de SS. Frjemder as dat, fûn ik dat se de slachreamme sûnder sûker ieten, want dêr wie neat oan. Ik mocht it fan mem net sa lûd sizze.
2007, tweintich jier fierder. Juster yn ’e krante lies ik oer hoe’t de keninginne folop geniete hat fan Keninginnedei (it soe leuk wêze at se in kear in striemin sin hie!), en oer it Wilhelmus dat jo as ringtone op jo mobyl krije kinne. Jûns op televyzje seach ik dat Nederlân har deaden betinkt op 4 maaie en dat it feest fiert op 5 maaie. Noch even en wy kinne wer sjen nei films as Soldaat van Oranje en De aanslag. Der is yn tweintich jier in soad itselde bleaun. Mar ik bin âld en in lyts bytsje sinysk wurden. By slogans as ‘Nederlân fiert feest’ lûk ik myn wynbrauwen op. ‘Nederlân’? ‘It folk’? Wa binne dat, of oars sein, bin ik dat ek? Wylst it nije kabinet de eagen skynber strak op in foaroarlochsk Nederlân rjochte hâldt, wol ik my ûntwrakselje oan skynhillige ideeën as soene alle Nederlanners – yn de oarloch en no – it hert op it goede plak drage.
‘Myn stêd’, ‘myn lân’? Ik kin sels net fierder sjen as myn hûs, myn strjitte. Dat, én myn auto, eigenje ik my sûnder problemen ta. Mar ik fiel my gjin part fan in grutter gehiel dêrbûten. Yn myn studintetiid siet ik by in orkest dat in orkestlied hie. Ferskríklik fûn ik it. Ik ha it noait leard. Ik siet yn it orkest as mysels, koe heechút as yndividu part útmeitsje fan in grutter gehiel, mar it gruttere gehiel soe nea part fan my útmeitsje. Dêr wie ik te sinysk foar.
Faderlânsleafde en each foar nuânse ferdrage inoar ek min. As bern tocht ik dat dat 4 maaie wat mei oarlochsslachtoffers te meitsjen hie. En mei minsken dy’t har net foarskriuwe litte wat se tinke moate. Pas hiel let, ik wie al fan skoalle ôf, wurde ik gewaar dat mear minsken foar de NSB oan it Eastfront stoarn binne as dat der yn Nederlân yn it ferset sieten. Lies ik oer troch de Russen ferkrêfte Dútske froulju, it bombardemint op Dresden, it deiboek fan Etty Hillesum. Min ûnderwiis? Wie dat mar sa. Nóch altyd kin ik it begjin fan de Declaration of Independence sitearje, en wit ik alles fan de kanonnen út de earste wrâldoarloch en it stekken fan turf. Mar nuânse kinne bern neat mei, wurdt der blykber tocht. Dat NSB-ers nei de oarloch frijwillich foar Nederlân nei Nederlânsk Indië teagen, dat begripe se net. De NBS, it publyklik kealskearen en de folksgerjochten? Goed is goed en fout is fout. Hâld it simpel, it libben is al lêstich genôch.
Wylst de Nederlânske flagge sêft yn ’e wyn waaide, begûn neist my myn broer ien fan syn kluchten. Hy woe my altyd peste, wat maklik slagge, want ik wie nochal gau op ’e kast jage. Hy luts rare gesichten en fierde in soarte fan dûns út mei syn eagen. Dan wer seach er from nei boppe, as in hillige, en dan wer die er de eagen ticht. Oei, dit soe mem net aardich fine, se hie it noch sa sein: twa minuten stil wêze en jim’ fatsoen hâlde. Ik besocht myn broer te negearjen, seach nei de televyzje en tocht hurd oan deade minsken. It duorre in ivichheid foar’t de wite klok einlik leven makke. De ferromming wie grut, myn earste deadenbetinking ûnder de grutte minsken wie foarby. Wat dy pestkop ek probearre, ik hie nét lake.