Jouke Hylkema

Topje

logo.ensafh

Sûnens stiet hjoed de dei boppe oan op ’e ferlanglist fan guon Friezen.
It binne dan ek faak ‘krêftige’ persoanlikheden dy’t je op in sportskoalle tsjinkomme.
Diskear in petear mei in op en top sportman.

‘Wat is dat foar in masine dêr’t jo no mei dwaande binne?’
‘Dit neame se in Wave… it is sismar autopetsje, langlaufe en treprinne tagelyk.’
‘Hea…nijsgjirrich, mar sjoen de ûngewoane ôfmjittings fan jo spieren soenen je dochs tinke dat jo mei swiere halters gûchelen en sa!’
‘Dat haw ik yn it ferline ek in soad dien, mar op in stuit fielde ik my sa opset dat ik in oare wize fan bewegen sykje moast. Hjoed de dei leit it brânpunt yn ’e fitness dan ek folle mear op it ferbaarnen fan kaloryen ynstee fan it oansetten fan spierbulten… wa’t swit docht mei!’
‘Dus de deodorant hawwe jo altyd yn ’e tas…,’ grapjei ik.
‘Deodorant?’
‘Ja eh… sa’n spuitbuske mei frisse lucht, jo spuitsje dochs wolris wat ûnder ‘e earms?
‘No nee…!’

De man rûkt yndied sa soer as in húske dat in pear dagen net himmele is. Ik sis der mar neat fan want it is in bear fan in fint. Hy soe samar in twa tweintich lang wêze kinne.

Dochs nim ik nim it wurd mar wer:
‘Mar jo hawwe suver it stal fan in profbokser, in super-swiergewicht!’
‘Och hea nee, ik fjochtsje net yn ’e ring…ik haw alhiel gjin ferlet fan kniezings of blauwe plakken. Ik wurkje al mear as njoggentich oeren wyks dat ik moat wol in bytsje sûn bliuwe… wat ik dan noch wolris doch foar de aardichheid is mei de skouders in hynder fan fiifhûndert kilo opdrukke…faak yn it skoft…mei kollega’s.’
‘Hearken…dêr soenen je mei in sirkus yn kinne!’
‘Och nee … it bliuwt by in grapke.’
‘Mar jo meitsje my al tige nijsgjirrich…wat dogge jo dan foar wurk as ik freegje mei?’
‘Ik hie in boerespul by Kimswert, mar dat is ôfbaarnd. Doe haw ik kursussen folge yn ûnderoaren ynternasjonaal rjocht… politikology…en it meitsjen fan en omgean mei ambachtlike wapens…’
‘Wapens?’
‘Jawis… dêr sútelje ik mei.’
‘Dus wapens ferkeapje en politikology…soks hearst wol faker!’
‘Jawis…benammen de ferkeap fan it Switserske swurd rint goed… ik haw lêsten ien foar mysels makke…twa meter fyftjin lang, goed seis kilo oan stiel!’

De man lit mei in woaste útdrukking op it antlit sjen hoe’t er it swurd brûkt mei beide hannen.
In bytsje skrokken timperje ik myn stim.

‘En hawwe jo ek konkurrinsje?’
‘Jawis yn Dútslân wurde noch in protte swurden makke. Benammen ek it Switserske swurd…se neame it dêr in Beiderhänder!’
‘Dat is in moaie namme…is dat ek om’t je sa’n swurd mei twa hannen fêstkrije, sa’t jo krekt sjen lieten?’
‘Krekt…mei beide hannen…ik haw der al guon Saksers mei toppe!’
‘Toppe?’