Anne Feddema

Deade bisten

logo.ensafh

Okkerdeis lies ik yn ’e krante in stik oer minsken,dy’t, útkocht, nijbou ensfh., harren wente út moasten. Ien fan har fertelde dat der yn ’e tún fan it hûs ferskate bisten begroeven leine, in kat, hûn, goudfisk, en dat dat faaks noch wol it slimste fan de hiele saak wie. Doe moast ik tinke oan alle bisten, dy’t oant no ta, yn myn libben in rol spile hawwe en wêr’t hja bleaun binne. Bedobbe yn myn hert en ûnthâld.
Yn myn jeugd wie dêr de wite boarre ‘Tommie’ dy by eintsjebeslút wol in jier as achttjin wurden is. Op in stuit wie er in hiel skoft fuort, wy tochten dat wy him nea wer sjen soenen mar op in dei wie er der hookstrooks wer.… Lês fierder

Anne Feddema

Dulle Griet (Lilk Wiif)

logo.ensafh

En dêr stie jimme, razende, reizgjende reporter hookstrooks foar it grutte, ferneamde skilderij fan Pieter Bruegel de Alde út 1563, “Dulle Griet’, dat safolle betsjut as ‘Lilk Wiif’.
It skilderij is te besjen yn it tige nijsgjirrige museum Mayer van den Bergh yn Antwerpen. No tinke jimme miskien: Ha fijn… no sil it wêze… in keunsthistoaryske útlis en ynterpretaasje fan ’e symbolyk yn it skilderij. Mar nee hear, neat fan dat alles. Dêr is ynternet foar.
Al de muoite wurdich om te fertellen is, dat der neffens my in reade tried rint fan Bosch-Bruegel nei it Flaamske byldferhaal…sis de strip…fan Willy Vandersteen en sels de cartoons fan Kamagurka, mar sels dêr, hoewol’t it ûnderwerp my tige noasket, woe ik it net oer hawwe.… Lês fierder

Anne Feddema

Kertier

logo.ensafh

 

 

It is in kertier
Foar de oarloch
Zeno tinkt:
De helte fan in kertier
Dêr wer in kwart fan
Dêr in achtste fan
Dan in sechtjinde
Dan in twaentritichste
Ensafuorthinne….
Dan wurdt it
Nea oarloch

Dat hie er moai betocht
Yn dat kertier
Foar de oarloch

Dat kertier
Dat no foarby is

It is oarloch.… Lês fierder

Anne Feddema

Laitsje

logo.ensafh

De minsken kinne better om jo laitsje as om jo gûle… seit men gauris. Ik wit it net, ik tink dat dat hiel ferskillend wêze kin. Persoanlik fyn ik it noch moaier as ien om jo laket mar eins gûle moatte soe en dat der noch in tredde persoan of mear by binne dy’t dat meikrije. Of om eat laitsje… as der immen in soarte fan laitsoanfal kriget by it beharkjen fan in fioelsonate fan Bach. It kin allegearre samar. Oanlieding, omstannichheden… de keunst yn ’e breedte soe net sûnder kinne.

Mar nocht oan ûnnocht? … soe dát in funksje hawwe kinne?… Lês fierder