Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

Twa Gedichten foar syn dochter Cynthia Lenige

Fan it nolkst fernoegen foege.
(By har 23ste jierdei)

Dy’t sûnder rym-wjok rymt, dy krûpt ear as er fljocht,
mar plichts-oantrún teamt stiif, wa kin needs-twang ûntwine?
Al lit de keunstmin har ek yn de ienfâld fine,
natoer jout wat se hat, har tinkkrêft is oprjocht

en seingt dy dêrom, fan it nolkst fernoegen foege.
Dy sillige wittenskip fangt lâns dy rjochte line:
soe ik myn sielsnju net oan har ferjierdei bine?
Ja dochter, ik gjalpje him út! Hark sjongfaams jûchhei-jûge.

It bliuwt ferdjer fan geast om fuort te turreljurkjen.
Al it lok riedt ta, slûpt-sliert, teelt oan nei it selsbewurkjen.

Lês fierder
Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 2.3

logo.ensafh

Freedtemiddeis hiene de nije rekruten frij, mar se mochten net fan ’e basis. Se sieten der no al trije wike. Opfallend wie hoe bot at se troch de militêre training yn positive sin feroare wiene. Se hiene in protte persoanlike disipline opboud, se wiene sterker wurden, mar it apartste wie dat se folle yntelliginter wurden wiene. Sels figueren as Rotario of dy boer, Plijnse, dy’t oars net nei boeken taalden, koene no in boek lêze troch it inkeld mar troch te blêdzjen. It like wol as hiene se allegear in fotografysk ûnthåld krigen. Ja, sa is mar wer te sjen hoe goed as in bytsje beweging en in sûne libbenswize foar de minske is.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 2.2

logo.ensafh

Se stapten de barak út. Hea, dit wie Fryslân yn ’e simmer. Griene greiden leinen om it fleanfjild hinne, ljippen draaiden har rûntsjes yn ’e lucht, krûdige reek fan hynsteblommen, piipkrûd en spoekeblommen kidele de noastergatten fan stêdsminsken dy’t útlaatgassen, parfum en deo hiem wie. Yn it suden wie de stêdeboukundige grutskens fan Ljouwert te sjen, yn ’e foarm fan it gebou dat hiel Fryslân mei syn symboalyske slachskaad oerhearske, symboal fan in ûnoerwinlike driuw om de hichte yn: de Aldhei, yn ’e analfabetyske mûle fan it legere folk ek wol de Oldenhove neamd. Yn oare wei leine de doarpen Marssum, Bitgum en Stiens, mar dy waarden troch struken en rigen ile pompelieren oan it genietsjend each ûnttein.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 2e haadstik

logo.ensafh
dêryn wurde desiderius en syn nije maten reemakke om de takomstige helden fan europa en azië te wêzen, al tinke de europeanen en de aziaten der faaks oars oer. hoe’t it yntellektuelen fergiet. petearen oer de filosoof kalashnikov en it wapen fan cicero. wa binne de reuzen od en pod?

Nei it healoere mindere it fleantúch faasje. Sa gau al te plak, tocht Desiderius en hy stie fersteld fan ‘e foarútgong dy’t de minske yn it algemien en it Ministearje fan Definsje yn it bysûnder boekt hie op it mêd fan transport. Wêr soene se delkomme? Darfur, Irak, Colombia? Hy digere ta it rút út.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Soan, team, tonger en spin

Heite’, oerheitsheite’ namme
(Oan P. Lenige)

Heite, oerheitsheite namme,
rûn roald, fiif kear al ferstamme,
‘k laitsje dy yn myn Piter oan,
namme dy’t syn jierdei daget
dy’t myn sielnocht nea mishaget
en docht gjalpen om myn soan.

Betink, spruts wize keningsmûle,
betink dyn Makker, en dyn skûle
dêr’t dyn jeugd noch grient en blomt
en har jobbelich blier fermakket,
sulveren koard mei krêft omstutsen
dêr’t se yn seine kielsdjip swimt.

Snijtosk-brok’ler, each-fertsjustrer,
fuotten-skodder, hertferbjustrer,
dy’t hoasfuotling ta elk krûpt, –
wa kin ûnmachts need ûntrinne?
Wa sil net yn skamte stinne:
Wurk te dwaan is my ûntslûpt.

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Soan, team, tonger en spin

Heite’, oerheitsheite’ namme
(Oan P. Lenige)

Heite, oerheitsheite namme,
rûn roald, fiif kear al ferstamme,
‘k laitsje dy yn myn Piter oan,
namme dy’t syn jierdei daget
dy’t myn sielnocht nea mishaget
en docht gjalpen om myn soan.

Betink, spruts wize keningsmûle,
betink dyn Makker, en dyn skûle
dêr’t dyn jeugd noch grient en blomt
en har jobbelich blier fermakket,
sulveren koard mei krêft omstutsen
dêr’t se yn seine kielsdjip swimt.

Snijtosk-brok’ler, each-fertsjustrer,
fuotten-skodder, hertferbjustrer,
dy’t hoasfuotling ta elk krûpt, –
wa kin ûnmachts need ûntrinne?
Wa sil net yn skamte stinne:
Wurk te dwaan is my ûntslûpt.

Lês fierder
Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 1.4

logo.ensafh

– Nee, wy fjochtsje foar de oalje-yndústry en de wapenhannel. Mar dêr hiene wy it net oer. It gie oer de Taliban. Kinst gauris yn ’e krante lêze, sa’t ik sei, dat der wer ris safolle fan dy Taliban opromme binne. It is ús spesjale NAVO-bataljon dat soksoarte akkefytsjes opknapt. It soe net bêst wêze as ús gewoane soldaten de striid oangean moasten. Se ha ynstruksjes om it gefjocht oeral en altyd te mijen of har byneed suver ferdigenjend op te stellen. Se prate in protte mei de lokale befolking. Wylst smookt it spesjale NAVO-bataljon CK de nêsten fan dy heitelânstriders, dy revolúsjonêren út.… Lês fierder