Galerijen en balkontsjes mei ik wol lije. Dêrfan delsjen op wat ûnder bart, is krekt as op in barokke plafonskildering mei om ’e hanneling hinne herntsjes mei taskôgers. Minskjes sjogge nei de midden, wize op wat aparts, jouwe fansiden kommentaar op it hiele teater.
Allyksa fielde ik my okkerwyks op it Boekefeest, doe’t ik de omgong mar ris opsocht foar in better sjoch op it toaniel. Op ’e kreake hiene boekelêzers, en guon skriuwers ek, har drapearre op stuollen en de houten sitsjes oan it stek. De keunst fan it taskôgjen, it fansiden wat praten as potlead-oantekens yn in marzje. Ek ik joech my del, op in kessentsje rjocht boppe it poadium.… Lês fierder