Piter Boersma

In memoriam Piter Yedema

logo.ensafh

Ofrûne woansdeitemoarn noch optrede. Op ’e fyts werom nei hûs yn Mantgum. By Werpsterhoeke fan ’e fyts falle, hertstilstân. Fûn, reanimearre, ûnderweis nei it sikehûs wer reanimearre, yn it sikehûs noch in pear kear, op ’e intensive care, sneon 21 april ferstoarn.
Piter is 76 jier wurden, in moaie leeftiid. Hy wie krekt yn in gelokkige perioade fan syn libben. Ien fan ’e moaie dingen: net lang lyn wie er pake wurden. Syn dea is in skok, mar in dea as dizze, sûnder lang lijen, dêr kin men foar him bliid mei wêze.

Piter Yedema wie yn it begjin fan syn skriuwerskarriêre foaral in betûft en eigensinnich kritikus, letter manisfestearre er him mear as dichter.… Lês fierder

Lomme Schokker

‘Dei en jier bewarre ik wûnderlik begear’

logo.ensafh

Sechstjin, santjin jier wie ik en fol Sturm und Drang. Bûtendoar doarst ik neat, mar thús op de jongeskeamer koe en woe ik fan alles. Ik dreamde ûnbestimde idealen, lies boeken foar myn literatuerlisten, sammele de kleurichste Spaanske sinesappelpapierkes foar yn in skuondoaze en typte de aldermoaiste gedichten oer. Dat wol sizze, de gedichten dêr’t ik wat fan snapte. Inkeld dy gedichten binne bleaun, folsleine gedachten fan ûnbesprutsen begear.
Ik blêdzje troch de blauwe multomap út myn oankommelingstiid, se lizze taal by taal en op alfabetyske folchoarder fan de dichter. Fiif fersen fan Obe Postma wachtsje my op, tusken Leo Popma syn ‘Blues fan de sûndfloed’ en Rixt har ‘’k scil foar dy sjonge’.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Baukje Zijlstra

logo.ensafh

“Asto midden yn de rotsoai en ûndúdlikheid sitst dy’t in oarloch is, dan moatsto kieze op prinsipes en gefoel.”

Baukje Zijlstra is yn 1967 berne yn Dokkum. Sy die nei de middelbere skoalle ferskate stúdzjes en is úteinlik ôfstudearre oan de PABO yn Ljouwert. Earst wurke se as korrektor by de Ljouwerter Krante, letter waard se redakteur by ferskate bedriuwen en útjouwerijen. Se hat har hiele libben al skreaun. Op har achtste is in gedicht fan har publisearre op de berneside fan it Frysk Deiblêd. Yn 2013 is foar it earst in ferhaal fan har ferskynd yn Ensafh.Lês fierder

Anne Feddema

De bûtertosken fan Superman

logo.ensafh

 

Ék ús superhelden
Wienen ea lyts
Batman, Spinneman
Superman, neam
Mar op de hiele hannel
Batman, Spinneman
Oerkaam it letter
Yn har libben
Superman waard
Gewoanwei sa berne
Mei ûnferwinlike krêft
Ruften bûtenierdske
Kearndampen
Kryptonrook
By de earste
Bûtertosken
Superjoktetoskfleis
Oeral op kôgje wolle
Pleechâlden dy’t net
Fatsoenlik mear
Oan ’e itenstafel
Sitte koenen op
Stuollen sûnder poaten. … Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 1, 2018

logo.ensafh

It earste artikel yn it earste nûmer fan dit jier is it besprek fan De nacht fan Mare, de nijste roman fan Willem Schoorstra. Dat foaroansetten fan it besprek fan in proazawurk is bedoeld as statement. Yn it lêste nûmer fan 2017, it nûmer mei as tema Baskelân, yn it stik ‘In Baskysk-Frysk petear’ fan Eneko Aizpurua en André Looijenga seit de lêstneamde: ‘As orizjinele Fryske literatuer relevant bliuwe wol (of wurde wol), moat dy djipgravender wurde – sawol yntelliginter as ûnderhâldender wurde. Benammen jildt dat foar it proaza yn it Frysk. Ik fyn dat op dit stuit mar in bytsje Fryske romanskriuwers echt in koartswilige, nijsgjirrige styl hawwe.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Op ’e ferfryskjende toer: nije cd’s fan Gerard Rinsma en Onno Loonstra

logo.ensafh

It liket wol as is it meitsjen fan Frysktalige wjergaders (covers) fan ynternasjonaal en nasjonaal bekende (pop)lieten op ’t stuit in hype ûnder artysten yn Fryslân. Der stiet wér in album mei lieten fan Leonard Cohen yn it Frysk op priemmen en Grytsje Melchers, better bekend as sjongeres Grytz fan it duo Grytz en Grize, en oaren binne dwaande mei in cd fol, troch Kees de Wolf ferfryske, lieten fan Boudewijn de Groot. Ein ferline jier kamen al twa albums út, dêr’t ek net te min oarmans wurk dat foar de gelegenheid ‘eigen’ makke is op stiet, nammentlik It sûzjen fan ’e stilte fan Gerard & Grace en Earste simmer mei dy fan Onno Loonstra.… Lês fierder