Joël Huitema

För Andoni

logo.ensafh

 

Sa as it wyt mei grien en read
dat oait fan dij no myntes wurdt
wêr ik it wer te draven draach,
mij hechten het oan dyn getal,

ferriedt it Noardseeblau en -griis,
dat oait fan mij kaam, dyntes is
asto mei sport it oandien hest,
atst fúl in 5’er wurden bist.

 

Troch in fersin is dit gedicht net yn ensafh nû. 6, 2017, it Baskenûmer, publisearre, dêr’t it al foar ornearre wie (red).Lês fierder

Lomme Schokker

Tút en der út

logo.ensafh

In buertkafee op in lette sneintemoarn yn Ljouwert. Myn man, oerdeis kronykskriuwer fan Fryske fiten en nachts master fan it kroegekadaster -syn wurden, net mines-, skûlet ferlern en rûch om it kin yn in hoekje. Der sit net folle libben yn him, hy liket krekt sa ferslein as it flutsje bier yn syn steapelglês.
‘Ik bin skjin tenein, leave, sa wurch!’ Hy knypt in swart sjekje tusken de fingers út en sjocht my lamliddich oan. ‘Oerdeis gjin rêst en nachtenlang net sliepe, dy fleanende drokte, it iene nei it oare, al dy minsken en dat lûd! It fljocht my oan!’
‘Och jonge, noch mar in pear wike Kulturele Haadstêd fan Europa yn en it is dy nó al te folle?’… Lês fierder

Klaas Rusticus

Op dy hichte dêrjinsen

logo.ensafh

Simmerfakânsje 1958.

Vader, Moeder en ik wiene yn it hûs fan Omke Marmion en Muoike Alouette yn Avignon, in treftich doarp fan rike boeren en skipskapteins-mei-pensjoen op it noardlikste puntsje fan it lân.

Jo sjogge dêr alles. Jo kinne hjirre de trein mei jo eagen folgje as’t dy fan Usquert oer Uithuizen en Uithuizermeeden nei Roodeschool ta rydt. Hy fiket him in paad troch it frije, beamleaze lân, lykas in read potlead dêr’t jo in streek mei lûke by in lineaal lâns.

No binne Vader en Moeder werom nei Snits en ik bin hjir efterbleaun.
Ik mei de earste dagen net reizgje: te benaud.… Lês fierder

Gerrit de Vries

Begrypst my wol

logo.ensafh

 

mear as
myn petry-skaaltsje
myn siedferedelingsbedriuw

bisto myn steunhoas
as myn ieren spatte
ik mar wat omstroffelje
myn keunstgebit
ik moat dochs ite
myn fjoertoer
as ik it paad
bjuster bin

do bist myn batterijlader
myn dialyzefilter
myn pompstasjon

loegje op myn golle
hekkelje myn sleatswâl
ikkerje my
as myn fuorgen
oerrinne

begrypst my wol
of moat ik sizze
leafste… Lês fierder