De pylderhillige sit sawat twa jier, njoggen moanne, tolve dagen, seis oeren en fjouwerentweintich minuten yn syn souderkeamer trijeheech-foar oan it Saailân op syn stien fan wizen te brieden mar it alles-ferhelderjend ynsjoch dat er sa begearet en dat inkeldris ferskynt as in ribbeltsje oan de sydkanten fan syn bewustwêzen, wie út de flecht wei sa sêft as in suchtsje.
Op de earste dei fan syn pensjonearring hat er bewust de wrâld fan it lytsminsklike ferlitten en him weromlutsen yn syn komfortsône fan in pear kwadraatmeter op it ienrutich souderke, fier fuort fan dy ferrotte mienskip fol kâlde en botte egoskrobbers, njirrige jildgnobbers, achterdehânhâlders, spoekbenaude deadwaners, kaffers en blaffers, keffers en bluffers, kribbekeurige kontkrûpers, bêdriddige liddichgongers, bedimjende mindwaanders, bitsige en hetsige poehawynders, moaiwaarsilers, lekskoaiers en lyntsjelûkers, de op de rêch skriuwende oerwurkútslovers, krinkjesspuiers, ôfsnutere kletslulders, plomkestrikers en pinnelikkers, liddige oerdriuwers, praatsjeferkeapers, beuzige boppedelsjenders, babbelers en rabbelers, stildeunske droechneukers, fodzjende ferlieders, flikfloaiers, rûchbûtsers, sjerpslikkers en rêchopstrikers, de swiertillers en de ûnheilsprofeten, de ûlewappers en de wittenskippers, de betterwitters, de keunstners en de fratsemakkers.… Lês fierder