Greet Andringa

Wekker wurde, stim fine, kiel smarre…

logo.ensafh

Ik woe dit stik begjinne mei de meidieling en it gefoel dat ik nei in jier as fjouwer, fiif, stadichoan wer oan it wekker wurden bin út in hiele lange wintersliep. Mar is dat eins wol sa?

Ja, it is in skoft lyn dat ik in boek lêzen haw gewoan foar de lol. Noch folle langer lyn dat ik in boek skreaun haw of wat sinnichs sein ha oer in oar syn literêr of keunstsinnich krewearjen. Mar in skieding, in djipdollende psychologyske oplieding, in ûnfertúnlike leafde fier oer de grins (oer alle grinzen!), de opbou fan in eigen terapypraktyk, opgroeiende puberbern, nije ferkearing folle tichterby, losweakjen fan de baas nei tweintich jier trouwe tsjinst as ferslavingsdokter, hûs te keap, nij praktykgebou timmerje, skilderje, ynrjochtsje, âlde patroanen yn de nije relaasje ûntdekke en dêr dizze kear wol mei oan de slach foar’t it te let is, bern nei nije skoallen, oan in filmskript skriuwe foar in ferrekte aardige Sweedske regisseur mar dat fak eins ûnderweis noch leare moatte, tweintich terapysesjes yn ’e wike jaan, in stik lân omdolle om in fiedselbosk fan te meitsjen, yndie it hûs ferkeapje nei alles Jan de Bouvriewyt skildere te hawwen yn opdracht fan de nije makelder en mei kompetinsjestriid mei de wyls al net mear sa hiel nije ferkearing, neitinke oer hoe’t in wichtige fernijende fyzje op de emoasjonele problemen fan minsken en de gefolgen dêrfan foar harren omjouwing yn ’e wrâld setten wurde kin, doazen ynpakke, op de bek gean mei it filmprojekt, wurkgroepkes, in heal Piterpaad rinne yn fjirtjin dagen, in mem dy’t ynienen terminaal siik is neffens de MRI-bylden, eigen administraasje en PR dwaan, de waarmwetterynstallaasje en de sinneboiler dy’t it opjouwe krekt foardat de nije bewenners yn it âlde hûs sille, de bern dy’t it net leuk fine harren bertehûs te ferlitten, de ferkearing dy’t it dochs wat benaud krijt fan de oankommende ynfaazje fan in mem-mei-piken yn syn territoarium, spul mei de monteur fan it ynstallaazjebedriuw omdat it ynienen reint yn it haltsje ûnder it tsjettelhûs neidat er syn wurk dien hat wylst dát yn alle gefallen noch net sa wie foardat er kaam, alle doazen wer útpakke yn in nij hûs dat folle smûker mar ek folle lytser is as it âlde – ja, we sille noch bybouwe -, mem dy’t ynienen wer net terminaal is, mar wol ûngenêslik, dochs mar foar twa dagen yn ’e wike werom nei de âlde wurkjouwer neist de eigen saak omdat ik de kollega’s sa mis en fergeemje myn doktersbrevet net no al ferlieze wol omdat ik oars net mear oan de registraasje-easken foldoch, houtkachel en skoarstienpipen pleatse yn goede harmony mei de ferkearing en om foar te kommen dat de kliïnten yn myn eigen praktyk blaubekjend oan de bank fêstfrieze ynstee fan opknappe, plannen meitsje foar de oanpak fan it fierdere hûs en hiem, miskien in boek skriuwe oer wat ik wit oer en fan minsken… Blykber bin ik wat in ûnrêstige winterslieper.… Lês fierder

Piter Yedema

Blommetún

logo.ensafh

foar Pizzi

Blommetún

Wetter rint bylâns in brêge deroer
hjir is it krúspunt fan namleaze wegen
Beweech net hastich of breinroer
in hoeke tún leit der omlegen

In feint beswit fan gang en stowen
stiet stil ynienen stiif en rjucht
sjocht kleuren lang hier wiuwen
Blommen earste oanset ta frucht

Thúskaam soalt er de fyts yn ’t hok
in wielde blommen hat er krigen
Plukguod neamde se it en tige
by tige syn namme wat in lok

 … Lês fierder

Elaine Ewart, Hedwig Terpstra

Foarsichtich behannelje

logo.ensafh

Elaine Ewart is yn 1975 berne yn Lincoln yn Ingelân. Se wennet no yn Ely en studearret kreatyf skriuwen oan de universiteit fan Essex. Foar har ôfstudearskripsje bestudearret se de relaasje tusken ekology, lânskip, taal en literatuer op it eilân Helgolân en yn it Fryske kustgebiet troch de tiid hinne. Op tongersdei 7 septimber 2017 joech se in lêzing mei de titel Voices from Heligoland: literary representations of the North Sea yn de Fryske Akademy yn Ljouwert. Yn de regio dêr’t se wennet organisearret se geregeld lêzings en wurksjops oer literatuer. Elaine skriuwt proaza en poëzij en wûn yn 2012 de Fenland Poet Laureate.Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (11)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

’s Gravenhage, 22 Dec. ’18.
Achte Frjeon Douwe,
Dizze brief is for jo, mar ik scil him nea op de bos dwaen.

Ik haw foar it gemak de ein fan myn foarige blogke hjir wer efkes boppe-oan plakt, en ik nim oan dat jim it mei my iens binne dat sa’n âldfrinzich sitaat eins hast net mear nei te kommen is foar in sljochtwei lêzer. Ja, iksels bin wol wat wend, mei myn ekspertize as literêr-histoarysk ûndersiker, mar myn publyk te narjen mei soksoarte tige toarre teksten… Nee, dat moat oars.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei de Ingelske skriuwster Elaine Ewart

logo.ensafh

“Islands are the focus of people’s imaginations, we think of them as an idealized paradise or places where people get trapped or stranded.”

Elaine Ewart (berne yn 1975 yn Lincoln, Ingelân) hold op tongersdei 7 septimber op de Fryske Akademy in lêzing mei de titel Voices from Heligoland: literary representations of the North Sea. Foar har ôfstudearskripsje foar de stúdzje kreatyf skriuwen, dy’t se folget oan de universiteit fan Essex, bestudearret se de relaasje tusken ekology, lânskip, taal en literatuer op it eilân Helgolân en yn it Fryske kustgebiet troch de tiid hinne. Elaine skriuwt proaza en poëzij en wûn yn 2012 de Fenland Poet Laureate.Lês fierder

Nadie Hania

Dat is noait dôve

logo.ensafh

 

lippen glinsterje by sêfte lytse tuten
kleure fisy yn tinten fan in ferlitten
hannen trilje op it oanreitsjen fan gouden hûd
strike eltse kurve, suchtsje ferwachtings
bloed sjit nei de oerflakte
fiel de waarmte foar it oanreitsjen
priuw de lucht tusken de lea
senuwen tinteljende, elektryske streamen
lofts yn in bult op ’e flier
stiif yn inoar drukt, ferstringele
en yn harmony begjinne te baarnen
lichems yn braille ferhege sintugen
it lêzen fan poëzij paden oer it siden fel
bûn oan tawijing
betsjoend troch syn oprjochtens… Lês fierder