Lomme Schokker

Dêr op Malta

logo.ensafh

‘Carolyn, einlings en te’n lêsten ha ik dy oan de telefoan! Daphne Caruana Galizia, dat is dochs famylje fan dy?’

‘Myn nicht. Se wennet yn Bidnya, wenne…, hjir in pear kilometer it easten op. Ik wie op it dakterras, ôfrûne moandeitemiddei. Ik ha de eksploazje heard.’

‘Wat moat ik sizze, ferskriklik!’

‘It is freeslik! It hiele lân is oerstjoer. De FBI hat de lieding fan it plysjeûndersyk, der binne hjir ek eksperts út dyn lân. Mar tink mar net dat it wat opsmite sil.’

‘Is ek de plysje by jimme korrupt?’

‘Wat tinkst? Wat tinkst? De polysjelieding is oansteld troch de politisy.… Lês fierder

Michel de Vreeze

Fiskerswetten

logo.ensafh

 

Yn ’e gleon fan in Fenisyske sinne
de kust dy’t Europa gean seach
dûnsje famkes yn koarte rokjes
bûnzjende boarsten harren fûken

besykje brúnboarstige bollen
troch druven te dronken
de bút dochs fergees
de sloepen yn te lûken

Yn ’t ljocht fan de safolste moanne
Op ivich iensume rotsen
wikselje grize basten
nei arakbesnjitte nachten
seewier en âlde bôle mei
dûnsjende sulveren dolken… Lês fierder

Alyda Faber, Janneke Spoelstra

It treinstasjon fan Ljouwert

logo.ensafh

Yn ensafh nûmer 4-17 (de papieren ensafh) ferskynde it lange fers It treinstasjon fan Ljouwert, fan de Kanadeeske dichteres Alyda Faber, yn in oersetting fan Janneke Spoelstra. It Ingelske orizjineel Ljouwert Trainstation komt út Faber har bondel ‘Dust or fire’.

Alyda Faber hat it gedicht foar ensafh ynsprutsen, yn it Frysk.

Klik hjir foar de tekst yn pdf. Klik hjir foar de audio-opname.… Lês fierder

Bartle Laverman

Sinjalemint ‘Oan dy tinke’ fan Sipke de Schiffart

logo.ensafh

Sipke tinkt oan: Lucia, Hiltsje, Tialda, Reierke, Eveline, Lolkje, Hannah, Pieternel, Ymkje, Angelyn, Eelkje, Geke, Petra, Sjoukje, Neeltsje, Bartina, Richtsje, Koosje en Geneviève, Beitske, Laura, Paulien, Sjoeke, Tetske, Bartina, Jorinte, Wytske, Marieke, Aaltsje,Wikelina.

De Schiffart: de namme wie ik wolris tsjinkaam, mar in persoan hie ik der noch net bij, oant de presintaasje fan In Echte Fries yn Tresoar. Sipke lies foar it earst foar publyk in pear fan syn fersen foar, moai fan stim, direkt en mei selsspot. It publyk fûn it prachtich. Der wie in bondel ûnderweis ferspruts de dichter. Dat waard yn maart 2017 Oan dy tinke, in bondel dy’t yn in pear moanne al in twadde printinge krigen hat!… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (10)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

It wie allegear opskuor yn frou Radsma (nei alle gedachten silger) har keamer. Ferpleegjend personiel draafde út en yn, guon froulju mei de triennen yn ’e eagen. Nuver, se wiene hjir dochs wol wat wend, naam ik oan. Madelon wie der ek hielendal ôf, se hong bryk en sleau op it bêd om en seach alhiel ferdôve foar har hinne. It rekke my sels net sa bot, en ik skamme my dêr ynearsten al wat om, mar ik wie ommers yn it foarste plak wittenskipper, sa stelde ik fêst, en emoasjes hiene jo yn feite neat oan.… Lês fierder