Anne Feddema

Wer oars

logo.ensafh

Hjir soe eins in kollum oer myn besite oan en aventoeren yn myn eardere wenplak Berlyn komme, mar it wiere libben is hookstrooks binnenkaam en dat hat alles te krijen mei de ferkiezings fan 22 novimber 2023. No kin ik fansels wol fan alles fine en as in gek begjinne te roppen en te razen, mar dan sit ik by eintsjebeslút ek yn it spoar fan it populisme mei syn folksemosjonele ûnderliifgjalpen en helder soe it tinkt my ek net wurde. Wat al helder as glês is, is it partijprogramma fan’e PVV, it is sels sá helder dat je it glês net iens sjogge en skreaun yn klearebare ‘Jip en Janneketaal’.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

​ Mingd Nijs (7) Brok fljocht út ’e bocht

logo.ensafh

 

Op 10-11-2023 krige skriuwer Hylke Speerstra de Fryske Anjer opspjelde troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok. Lokwinske Speerstra! 

Brok brocht by dizze gelegenheid de literêre sjuerys dy’t de ôfrûne jierren oer de Gysbert Japicxpriis kediisden yn diskredyt.

Want wat sei er yn syn taspraak by dizze gelegenheid: ‘Kommissaris fan de Kening Arno Brok neamde de laureaat Hylke Speerstra ien fan de ikoanen fan Fryslân en frege him ôf wêrom’t er de Gysbert Japicxpriis nea krigen hat.’ Alsa it sitaat fan Pieter de Groot yn de LC.

No haw ik sels noch nea in boek fan Hylke Speerstra lêzen, mar de reden dat er de Gysbert net krigen hat, sil grif lizze yn it ûntbrekken fan literêre kwaliteiten.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân, in lyts ferslach

logo.ensafh

Op tongersdei 16-11-2023 waard Arjan Hut útroppen ta nije Dichter fan Fryslân. Hut folget Sigrid Kingma op. It wie net in grutte ferrassing, dizze beneaming. Ferskate literêre profeten hiene it al foarsjoen. Mar dat betsjut net dat it gjin terjochte beneaming wêze soe. Arjan Hut hat al ûnderfining as Stedsdichter fan Ljouwert en as Wâlddichter, dat it komt grif goed.

Foto’s: Cornelis van der Wal

Yn de Stadskas, by de Aldehou

Sigrid Kingma nimt fleurich ôfskie

Janneke Spoelstra, nimt se it stokje oer twa jier oer?

Willem Verf hat in trui oan, sa heart dat by manlike Fryske skriuwers

Sipke de Schiffart (rjochts) hat ek in trui oan

Remco Kuiper (links) draacht ek in trui.

Lês fierder
Martsje de Jong

Baarn deryn!

logo.ensafh

Ofrûne wike ferskynde yn it Friesch Dagblad in kollum fan Jaap Krol oer de positive saken yn de Fryske literatuer fan hjoed-de-dei. De titel fan it stik wie ‘Fryske Boekewike’. Hy reflektearre wat op ’e jierren sechstich en santich, doe’t in stikmannich ‘angry young men’ (net syn wurden) de Fryske skriuwerswrâld opskodde mei eksperimintele romans. Lês: mear en eksplisitere seks, alternative stavering, l’art pour l’art om it mar yn trije wurden gear te fetsjen.
Literatuer hie doe gâns mear gesach as no, sei Krol, mar gelokkich wie der no ek genôch moais en hy neamde ûnder mear de Gysbert Japicxpriis foar Spegel en Sonde fan Jetske Bilker – in boek oer alzheimer –, it ferskinen fan de humoristyske nije ferhalebondel fan Sipke de Schiffart en it kadoboek Hiltje yn Pella fan Anita Terpstra.… Lês fierder

Jemke Visser

Hûnen

logo.ensafh

Bûten moard en deaslach op it wrâldtoaniel ûnderfine minsken ek oare swierrichheden dy’t it sin bedjerre. Bygelyks senioaren mei fytshelmen op e-bikes, gjin erch deryn yn hawwend dat se folle hurder geane as op in gewoane fyts en dêrtroch geregeld immen fan ’e sokken driigje te riden, hastige automobilisten, dy’t harren ûnder hels getoeter blau ergerje oan wat foarsichtiger ferkearsdielnimmers, buorlju dy’t foar de safolste kear in lûdroftige barbecue hâlde oant djip yn ’e nacht mei lûde muzyk, hûnen dy’t op je stoepe skite en tsjin de bûtenmuorre pisje …
Dat lêste bringt my op leed dat de lêste tiid noch alris yn it nijs is en neffens guon dupearren freget om in oplossing, nammentlik agressive en bytgrage hûnen.… Lês fierder