Piter Boersma

It Fryske literêre libben (11): Nominaasjes foar de Gysbert Japicx-priis

logo.ensafh

(Foarlêzen op jûn oer de Gysbert-nominaasjes yn De Bres yn Ljouwert op tiisdei 10 septimber 2013.)

Ik ha wer in boek útbrocht – in dichtbondel dizze kear. Wat wer in ellinde, dy kritisy. De iene fynt it boek geweldich, mar út wat wat er skriuwt docht bliken dat er gjin snars fan it hiele boek begrepen hat. In oaren fynt it neat, mar hat der sa docht bliken ek neat fan begrepen. Wer in oaren hâldt him wat op ’e flakte, hat in myld oardiel, mar tusken de rigels troch is wol te lêzen dat er der tûzen en ien ding op oan te merken hat.… Lês fierder

Lu You, Piter Boersma

Op ’e toer in dronken liet

logo.ensafh

swalkjend troch de wrâld hie ik foar myn stribjen gjin bestek
op ’e merk fan Chengdu diel ik no krûden út in gek
myn kalebas is folproppe ik jou oan wa’t mar wol
hoopje it folk sa te genêzen fan syn kwalebrol

dan yn de stille nacht beklim ik in toer dy’t my winkt
keapje wyn en freegje de moanne oft er mei my drinkt
yn ’e rûs aai ik myn swurd dat blinkt tsjin de moanneskyn
poer allinne sjong ik in drôvich liet en gûl my blyn

graaf dochs fuort de Heareberch want dan streamt de Xiang flak
kap om dy kassybeam en de moanne beskynt dyn plak
it is hiel dreech foar in man om ta syn doel te kommen
noch gjin namme makke en dochs ha ’k al grize plommen

Oersetting/bewurking; Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L.Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (9)

logo.ensafh

feuilleton

9

Se ieten as neigesetsje in fanillepuddinkje begetten mei sûkelade en iis en slachreamme derby. Doe’t se it lêste hapke nei binnen wurke hie, seach Seleina Alexander fernuvere oan. Hy hie samar ynienen sein: ‘Hasto der noait oer prakkeasearre, Seleina, om mem te wurden?’
‘Hoesa?’
‘Do wiest sa’t skynt even yn dreamelân, miskien al op Peaske-eilân, mar Catrinus en ik fregen ús ôf oft wy ús foarstelle koene om as heit diel út te meitsjen fan in húshâlding?’
‘Ik ha noait de ambysje hân om mem te wurden. Fansels ha ik der wolris oan tocht. Ik soe it net kinne, tink.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (8)

logo.ensafh

Feuilleton

8

It waard in animearre jûn. It iten wie treflik. Se dronken oerdiedich.
‘Trije, trio,’ sei Seleina op ’n stuit.
‘Dat jout rêst,’ sei Alexander.
Seleina lake. Alexander ek. Catrinus wist even net hoe’t er it hie.
‘Kom op, Catrinus,’ sei Seleina, ‘net kel wurde.’
‘Ik bin it al,’ sei er.
‘Do kinst Seleina langer as ik,’ sei Alexander, ‘mar noch altyd net goed genôch, sa’t it liket.’
‘En no stil,’ sei Seleina, ‘ik bepaal wêr’t it oer giet. Dat is de hiele jûn al sa en dat bliuwt sa.’
‘Is it goed dat ik him útkloarkje oer syn libben yn Servië?’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (7)

logo.ensafh

Feuilleton

7

Doe’t se sieten, sei Catrinus: ‘Ik wie even ferstuivere.’
‘Dat seach ik,’ sei Alexander, ‘mar hoesa?’
Seleina sei: ‘Hy tocht, dat hy en ik tegearre ite soene. Ik hie him net oer dy ferteld.’
‘It is no wol de fraach wat men mei dy kin,’ sei Alexander.
‘Watsto mei my kinst, bedoelst,’ sei Seleina.
‘Okee. Ik nim dan mar oan dat oaren mear mei dy kinne, dy better kenne,’ sei Alexander.
‘Do kenst har no,’ sei Catrinus.
‘Wat wolle jim no eins,’ sei Seleina, ‘mei my ite of net.’
‘En mei dy op bêd,’ sei Catrinus.
De ober brocht de kaart en frege wat se drinke woene.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (6)

logo.ensafh

Feuilleton

6

‘Do hast my noch net ferteld wat dy sa oansprekt oan it Vondelpark,’ sei Seleina, ‘dat soest noch dwaan.’
‘It is gewoan hiel basaal,’ sei Alexander.
‘Basaal?’
‘Ik ha út dyn útlittingen fuort begrepen, dat it Vondelpark by jim in begryp is. It Vondelpark heart by Amsterdam. Ik ha dat lêsten doe’t ik der in kear allinne wie ek frege oan minsken dy’t der rûnen. Doe kaam ik der ek achter dat hast elkenien yn Nederlân it park fan namme ken. Foar de minsken hat de namme hast in magyske klank. Dat hearst as se it wurd útsprekke.’
‘Ja, hast gelyk, dêr betraapje ik mysels ek wolris op.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (5)

logo.ensafh

Feuilleton

5

Seleina siet yn ’e wapenhannel. Alteast dat wie ien fan ’e dingen dy’t se die en dêrby wie elk ding de dekmantel foar wat oars. Foar’t se dy jûns Alexander Boban troffen, hie se de moarns mei in fertsjintwuridger fan it Servyske ministearje fan Definsje praat en de middeis mei in wapenhanneler dy’t saken die mei it bewâld yn Kosovo. Se reizge de wrâld oer, hie mei withoefolle lju kontakt, mar wie bûten de sektoaren dêr’t se gedoente mei hie ûnbekend. Hast alles dat se die spile him ôf bûten de iepenbierheid en as dat net sa wie dan bleau sy alteast al yn it tsjuster.… Lês fierder