Anne Feddema

Lul mar in ein fuort

logo.ensafh

Wat soe it wêze kinne?…bin ik by eintsjebeslút dochs mar in ordinêre, gewoane Romantikus behept mei in stikmannich skaaimerken,dy’t ornaris thúshearre yn it Autisme Spektrum?
Jo sizze it mar…of moat ik sels anderje?
Miskien tinke guon, of de measte minsken sels wol, dat in skriuwer it mar maklik hat mei dat skriuwtalint dêr’t sy of hy mei op ’e wrâld set is.
Lekker alle ellinde fan ’e wrâld om je hinne en dêr’t  jesels mei ompankoekje, as in rôfdier yn ’e bek pakke, in pear kear mei de kop skodzje en dan ferwurkje ta hapklare biten en brokken, dêr’t de lêzerwelpen dan wer wat mei kinne.… Lês fierder

Anne Feddema

Nammen

logo.ensafh

Almuñécar, 21 jannewaris 2022,
Ha lêzers, ik skriuw dizze kollum op in hotelkeamer yn Súd-Spanje en ik kin de see hjir hearre.
Ik sit hjir no fiif dagen en haw al fan alles sjoen.
Mar earst efkes oer it waar, in ferhaal of roman skine je der better net mei begjinne te kinnen mar in kollum wurdt leau ik net neamd.
Allinne mar blauwe loft en sinne kin ik jimme sizze.
Alle dagen 15-18 graden…ik krij sels al in bytsje in mediterrane Picassokleurharsens.
En dêr hawwe we de man al: Picasso, de geniale skilder en ien fan myn grutte helden. Picasso, de man mei trije musea op syn namme.… Lês fierder

Anne Feddema

Myn broerke

logo.ensafh

Myn broerke leit op bêd yn in keamer op in ôfdieling fan it sikehûs. Ik draai de film mar yn wurden werom om de ôfstân oan te jaan ta it gewoane deistige libben…mei thús. Hy leit der mei Koroana en hy hat it hiel dreech. Hja hawwe him al sein dat er net nei de Yntinsive Soarch, de IC, kin.
Yn febrewaris fan dit jier hat er in harsenynfarkt hân, sûkersykte relatearre, sa as se dat neame.
Hy hat alsa ûnderlizzende mankeminten en syn lea kin dat soart yntinsive soarch…op ‘e bûk lizze, yn koma brocht wurde, ensfh. net oan. As syn lichem it sels net rêde kin, dan is it ferhaal klear.… Lês fierder

Anne Feddema

Eben-Haëzer

logo.ensafh

In bytsje dwyl yn ’e holle sit ik op ’e fyts. Ik bin op wei nei de teststrjitte yn wer in oare strjitte, in lokaasje dêr’t eartiids in boumerk yn siet. Mûlekapke foar, kom ik de grutte romte binnen en sjoch fuort de minsken dy’t dêr op my wachtsje en net allinne op my fansels. Mar it is der net drok en ik kin sa trochrinne foar myn ôfspraak. Se hawwe allegearre deselde soart beskermjende klean oan mei brillen op en spatskermkes foar. It liket hast wol oft ik bedarre bin op ‘e set fan in film mei in apokalyptyske grûntoan, dy fan firus en it oanjeien fan sykten.… Lês fierder