Hedwig Terpstra

It Skip De Lading te wetter

logo.ensafh

It tweintich meter lange skip fan papier masjee fan de Ljouwerter stedskeunstner Marten Winters is snein 11 septimber ûnder grutte belangstelling te wetter litten. De bou fan it skip hat sa’n twa jier duorre en dat barde op it binnenplak fan de âlde finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert. Op it houten raamt is in hûd oanbrocht dy’t bestiet út âlde kranten, foto’s, tekeningen, teksten, ferhalen fan bewenners, ensafh. De ôfrûne moannen koenen minsken meiplakke oan it skip. Oer it papier masjee is in laklaach oanbrocht om it wetterticht te meitsjen. It wie lykwols oant it lêste momint de fraach oft it skip driuwen bliuwe soe.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Baldrs Draumar: folkmetal mei Fryske teksten

logo.ensafh

It metalfestival Fuckpop waard sneon 2 july foar de twadde kear holden yn Boelensloane. It festival waard organisearre troch Sigrid en Rixt Kingma. Op it poadium stienen de bands Spyker, SWIMorDROWN, Carnation, Solace Within, Lyonite en Deadbeat en as ôfsluter Baldrs Draumar. Sy spylje fiking/folkmetal mei Frysk- en Ingelsktalige teksten. Dat is unyk, want it tal folkmetalbands yn Nederlân is op twa hannen te tellen en Baldrs Draumar is de iennichste dy’t it yn it Frysk docht. De band bestiet út fiif leden en treedt alle moannen ien of twa kear op, ek bûten Fryslân. By it festival hâld ik in fraachpetear mei drummer/tekstskriuwer Dondervuyscht.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Sigrid Kingma

logo.ensafh

‘Gelok fynst net troch it finen fan in klaverfjouwer, gelok fynst troch de tiid te nimmen om in klaverfjouwer te sykjen.’

Sigrid Kingma (1989) is dwaande mei in boek en in dichtbondel. Se studearret Nederlânsk yn Grins dêr’t se ek wennet. Oarspronklik komt se fan Drachten. Se is foarsitter fan de Fryske stúdzjeferiening Skanomodu en redaksjelid fan it Skanoskrift. Yn dat tydskrift skriuwt se in rubryk en wurde geregeld gedichten en ferhalen fan har publisearre. Op 2 july oansteande organisearret se foar de twadde kear tegearre mei har suske it metalfestival ‘Fuckpop’ yn Boelensloane.

Hoe giet it mei dyn stúdzje en hoe giet it mei de stúdzje Frysk yn it algemien?Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Cornelis van der Wal

logo.ensafh

‘By astrology giet it om it foarút sjen of fielen wat der barre sil, yn de wittenskip dat de tiid net bestiet.’

‘Kristus Pavlov’ hjit de nijste bondel fan Cornelis van der Wal (1956) dy’t dizze moanne útkommen is. It is syn sechde dichtbondel. Mei syn earste dichtbondel ‘In nêst jonge magneten’ wûn er yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Yn 2008 skreau er de novelle ‘Kening Kees’. Hy is redakteur en webmaster fan Ensafh en hat twa jier lang literatuerbesprekken skreaun foar it Friesch Dagblad. Hy hat achttjin jier yn Grins wenne en wennet no sûnt twa jier yn de binnenstêd fan Snits.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Elmar Kuiper: ‘Ik wol graach wat meitsje dat bliuwt en de wrâld oergiet.’

logo.ensafh

Elmar Kuiper (1969) is dichter, filmmakker, byldzjend keunstner en psychiatrysk ferpleechkundige. Syn nijste Frysktalige dichtbondel ‘Granytglimkes’ is krekt ferskynd by útjouwerij Bornmeer. In goede reden om him op te sykjen yn Húns, dêr’t er wennet mei freondinne Saskia en harren fjouwer bern.

Wat kinst kwyt oer dyn nije bondel?
Elmar: ‘Mei dizze poëzy stean ik mear yn de wrâld. Foar it grutste part binne it emosjonele fersen en ik jou my dêryn frij bleat. Under it skriuwen boarre ik in âlde, djippe gefoelslaach oan en ik koe dy laach mei poëtyske taal nei de oerflakte helje. Dochs fielde ik my as in kat dy’t de neils skerpe.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Willem Schoorstra

logo.ensafh

‘Nei de dea fan kening Rêdbâd hat it Fryske folk nea wer in ienheid foarme.’

Willem Schoorstra (1959) syn nijste roman ‘Rêdbâd, kronyk fan in kening’ komt heal april út by de Friese Pers Boekerij. Syn roman ‘Swarte Ingels’ is koartlyn opnij ferskynd yn it ramt fan ‘Fryslân lêst syn toppers’. Alle reden foar in fraachpetear mei de skriuwer dy’t mei syn frou en trije bern yn Ternaard wennet.

Wat kinst kwyt oer dyn nije roman? Yn hoefier is it ferhaal basearre op de wierheid?
Willem: ‘It wie in bealch fol wurk, ik ha der fiif jier oer dien om it boek te skriuwen.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

It Skip De Lading – update: papier masjee plakke

logo.ensafh

Yn ôflevering 3 fan ensafh stie in fraachpetear mei Marten Winters oer syn projekt It Skip De Lading.

Hjir in ferslach oer de fuortgong.

De Ljouwerter stedskeunstner Marten Winters bout yn ‘e mande mei studinten, frijwilligers en (reyntegraasje)bedriuwen it tweintich meter lange skip De Lading. It houten raamt leit op it twadde plein fan de eardere finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert. Op freed 1 april 2011 is de feestlike start fan it plakken fan papier masjee op it skip. It is de bedoeling dat it hiele skip bedutsen wurdt mei gaas en dêrop in laach papier masjee komt. Dat moat in solide konstruksje wurde, sadat Marten der fan ’t hjerst echt mei te farren kin.… Lês fierder