Geart Tigchelaar

halloween falt betiid dit jier

logo.ensafh

mei de slingers yn ’e hannen
teknypt ta bluodderige smots
fyn ik mysels yn embryohâlding
langút op it nije flierkleed

te let hie ’k yn de gaten
it krigene bierke net suver wie

te begearich dronk ik
út dyn eagen it geile focht

en hy mar laitsje om it hoekje
fan de kast mei dat skelle lûd
deadske neilen oer inkeld glês
swarte kape fan stjerrend fjoer

ik bidde om in horrorclown
myn fantasije fûn fertriet
yn myn eigen lege grêf… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Syktocht yn dream en werklikheid

logo.ensafh

Tritich jier nei syn debút de nacht midstwa komt Jaap Veenstra op ’e nij mei in dichtbondel. Ditkear is dy twatalich mei as titel Gatten yn it tek/Gaten in het dak. De op ’e Rottefalle wenjende dichter jout libbensbeskôging oan de Pabû fan Stenden te Ljouwert. Yn seis skiften komt der fan alles foarby: filosofy, religy, observaasjes op it moderne libben, it bywenjen fan de begraffenis fan syn mem. It hat der fan dat wat er oanstipt yn syn earste bondel no ferdjipping en ferbreding fûn hat.

Sawol yn de nacht midstwa as yn Gatten yn it tek komme kristlike ferwizings foar.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Raku järv

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it sechsde ferhaal.

Stilswijend sitte se tsjininoar oer. Sa’t se dat al sa faak dien hawwe. Se binne ek net byinoar kommen om mei-inoar te praten, mar om net allinnich te wêzen. Sêft dobberje se mei it boatsje op de Raku järv, de angels oan wjersiden en wachtsje oant ien byt hat.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Laavu

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it fyfde ferhaal.

Hy hie der alris oer heard, mar hie noch net earder ien sjoen. En it moaie oan op ’e dolle rûs op reis wêzen is dat men alderhanne ûnferwachte dingen tsjinkomt. Sa wie er dus ynienen op in saneamde ‘laavu’ stjitten. Fan in eardere Couchsurf-gasthear hie er al te hearren krigen dat dy dingen hjir en dêr te finen wêze moasten.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Nordkapp-tunnelen

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it fjirde ferhaal.

Teminsten gjin wyn en rein salang’t ik hjir bin, tinkt er by himsels, wylst er klauwen hat om by de 10% op te kommen.
Oaren rinne de Santiago de Compostella en ik sit hjir yn it noardlikste puntsje fan Noarwegen yn ‘e kjeld. Mar sadree’t er it tinkt en it nei syn idee grinzget oan protteljen, hat er der al spyt fan.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Nederlân/Fryslân

logo.ensafh

Ik skreau in pear dagen lyn dat it wennen wêze moatte soe om wer te ‘aardzjen’ yn it gewoane bestean. Doe’t ik de grins fan Dútslân-Nederlân oerstiek, beneare it my suver dat ik wer yn it lân wie dêr’t ik suver wat it mier oan haw. Tefolle lju op ien fjouwerkante meter, tefolle benyptens, tefolle regeltsjes.

SSA43457
Mar by it neier kommen fan ‘e stêd Grins foel dat mear en mear fan my ôf. It is in stêd dy’t ik dochs leaver lije mei as Ljouwert – al sil ik grif dêr just wer wenplak sykje. It is dêr wêr’t ik wer myn faam treffe sil, en hja is by eintsjebeslút de reden fan myn weromkommen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Dútslân

logo.ensafh

De earste stêd dy’t ik oandie nei’t ik sa’n fjouwer moanne lyn ôfstutsen bin út Ljouwert wei wie de stêd Leer. No op it paad werom haw ik dy stêd wer oandien. Ditkear koe ik yn it appartemint fan in maat ferbliuwe. By it ferlitten fan ‘e stêd de oare deis kaam de grins fan Nederlân wol hiel tichtby.

SSA43452

Doe giene de tinzen dochs út nei wat ik dêr ûndernimme sil. Der moat wer in ûnderkommen socht wurde, faaks in baantsje, my wer offisjeel ynskriuwe litte, fersekeringeboel regelje. Mei oare wurden de boargerlike beslommeringen komme wer op my ta dêr’t ik oars sa graach ôf wêze wollen hie.… Lês fierder