Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Eppie Dam

logo.ensafh

“Ik ha mear as oait it libben leaf.”

Eppie Dam is berne op 5 maart 1953 op in pleatske yn De Pomp. Hy die de oplieding ta ûnderwizer en wurke earst op in skoalle op Urk en fan 1991-2009 yn Balk. Hy wennet no yn Sleat en stiet net mear foar de klasse. Eppie Dam is bekend as skriuwer fan gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en besprekken. Hy hat inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer. Fierder skriuwt er eigentiidske kantates en liturgyen, yn gearwurking mei komponisten as Hindrik van der Meer, Jan de Jong en Gerben van der Veen.Lês fierder

Anne Feddema

Ars Helvetica, Musica Sacra

logo.ensafh

De iene nei de oare berch yn Switserlân, in friesgrafyk fan haaietosken. It suver, té kreaze jodela-E.T.- lân, dêr’t je mar komselden in fertutearze wente of sels mar bargehok tsjinkomme. Jo eigen Kuifjekollumnist AHBF út L. wie dêr dus. Ik haw mysels opoffere foar de goede ensafh-saak en gong mei mei in organisearre groepsreis fan de hillige Sint Peter Langhout. Mei dy ûndernimmer reizgje is altiten bysûnder en aventoerlik, want je witte nea wat jo krije sille foar je jild. De iene kear sliepe je yn ’e djoerste hotels en keamers; twa oernachtings dêr, betelle as bûten-in-groep-reizger, binne dan al de helte fan it hiele reisbedrach, tsien dagen fuort op basis fan healpensjon.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Mei in Weltschmerz-sigaarke yn ’e mûle de wrâld beloaitsje

logo.ensafh

Ferline jier is by Hispel de nije bondel, in echte Fries, fan Bartle Laverman ferskynd. Der steane ek in tal skilderijen fan syn hân yn, fandêr de ûndertitel gedichten & schilderijen. Nee, it is gjin tikflater, it stiet der mei ‘sch’, dus op syn Nederlânsk. De reden dêrfoar is grif om’t alle wurken in Nederlânsktalige titel drage. By de earste twa gedichten soest noch in beskate ferbining sjen kinne mei it byprinte skilderij. Mei de oare skilderijen is dat dreech, sels mei in sterke mjitte oan goede wil. Mar wêrom soe dat ek moatte? De bondel jout gewoanwei in bewiis fan it artistike kinnen fan Laverman.… Lês fierder

Jelma Knol

De omfallen kaartebak fan Obe Postma en in shortcut nei it wurk

logo.ensafh

In libben dat bloeide nei syn aard is de titel fan twa publikaasjes yn ien bân, yn 2017 publisearre troch Utjouwerij Elikser. It giet om in libbenskets fan de dichter Obe Postma troch Tineke Steenmeijer-Wielenga: ‘Al wat ik skriuw, dat is wier bard’ fan 247 siden en in stúdzje fan Geart van der Mear oer it wurk: ‘Fier haw ik myn dreamen weide / En de himel iepen sjoen’. It boek ferskynt yn de Obe Postma Rige fan it Obe Postma Selskip.

As jo as leafhawwer fan it dichtwurk fan Obe Postma alle feiten oer syn libben en wurk witte wolle, dan is dizze publikaasje in oanwinst foar jo samling.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2017

logo.ensafh

Redaksjoneel

It is noch simmer, wylst ik dit skriuw, mar de ekwinoks en de hjerst slûpe stadich neieroan. De sinne is noch wol fûl, mar moarns en yn it skaad is de lucht wer skrousk. De ierde rûkt fochtich en oerryp, de fruchten gêstje oan ’e tûken. In tiid fan en nei de rispinge, wat ekstra tiid. De natoer hat him deljûn, en rintenieret.

Ik toffelje myn boekekast op en del, de adrenaline fan kommende ferhuzerij hâldt my wekker yn ’e nacht. Ik karmasterje de opbringst fan jierren: wat sil mei, wat kin nei de kringloop, wat skatten lizze der yn rigen efter de rigen.… Lês fierder

Ernst Jandl, André Looijenga

rilke syn eagen / rilkes augen

logo.ensafh

 

rilke syn eagen

rilke die de eagen iepen
alles wie sichtber
neat wie ûnsichtber

rilke die de eagen ticht
neat wie sichtber
alles wie ûnsichtber

rilke die de eagen iepen
neat wie ûnsichtber
alles wie sichtber

rilke die de eagen ticht
neat wie sichtber
neat wie ûnsichtber

(Oersetting André Looijenga)

*

rilkes augen

rilke schlug die augen auf
alles war sichtbar
nichts war unsichtbar

rilke schloß die augen
nichts war sichtbar
alles war unsichtbar

rilke schlug die augen auf
nichts war unsichtbar
alles war sichtbar

rilke schloß die augen
nichts war sichtbar
nichts war unsichtbar… Lês fierder