Anne Feddema

Soon Sûn

logo.ensafh

Der binn’ minsken
Dy’t sels de siken
Net mear krije kinne
As se siken besykje
Yn it sikehûs.

Unbidige gong, dêr’t
Ik de gong der yn ha
Faasje mei nim
Fan bûten, faasje
Stadich slitend
Yn rêst.

Alfa-Omega
Ofdieling Z
Fuottenein
Dyn bêd
Hinget
Heliumhertballon
Krigen fan kollega’s.

Do leist net op bêd
Sitst oan tafel
Degas contre-jour
Sêfte wite hûdpastel
Ofrûne nacht hat
Tiid dyn antlit
Jonger makke
Yn tsjokke stilte
Dripket it ynfús
Dyn hannen fiele
Hjir oars as thús.

We sitte as we
Nea sitten hawwe
As oft we op besite
Binne yn elkoars
Dream
Ljochtsjende
Gleone
Stimmen
As fyn stof
Ferwaaiend.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei skriuwer en fjildman Gjalt de Groot

logo.ensafh

“As we net oer it iis koene omdat der in soal fan frachtskippen yn ’e midden wie en de skouwen fêstferzen leine, dan koene we soms net thúskomme.”

Gjalt de Groot is yn 1945 berne yn it boerespul “It Heale Moantsje” yn Readtsjerk. Nei in jier Ulo gie er nei de legere en middelbere lânbouskoalle. Hy wurke seis jier by syn heit op de pleats yn Raerd. Doe gie er wer studearjen, de oplieding ‘Dierveredeling middelbaar kader’ yn Almelo. Hy wurke by de foarljochtingstsjinst foar mingfoerfabriken en letter as bargeboer ûnder Holwert. Hy is no poldermûnder en greidefûgelbeskermer en hâldt him dwaande mei skriuwen, fiskjen, ielrikjen en einekoerflechtsjen.Lês fierder

Cornelis van der Wal

De ‘Moannefikaasje’ fan de Fryske Literatuer + update

logo.ensafh

Foar’t ik mei myn eigentlike ûnderwerp úteinset: wat in ynfloed hat myn foarige kollum op de nominearren foar de Gysbert 2017 útoefene! De fiif útkarde poëten binne tige kjel wurden fan it foarútsjoch om oeren lang op it foarste bankje fan de Boalserter Broeretsjerke sitte te moatten, martele troch ûnwissens, en dan te hearren krije… dat fjouwer fan de fiif foar de gek hâlden binne. Se krije de Priis net, en kinne harren tankbere taspraak ferskuorre. De Fiif hawwe in lilke brief nei de Provinsje stjoerd, de redaksje fan ensafh woe dy brief graach publisearje, mar oant no ta is ús de ynhâld net bekend makke.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

De Sealterske Rely

logo.ensafh

Ofrûne wike haw ik wer in pear dagen te fytsen west. Ditkear mei de faam nei Sealterlân. Mei’t wy beide ynteressearre binne yn it Frysk en meartaligens en beide noch nea yn Sealterlân west hienen, waard it dus tiid en gean dêr ris hinne.

Tafallich dat wy hoholden by in Tankstelle yn Skäddel/Scharrel mei’t ik nei it húske moast en de faam bûtendoar ûndersteande poster seach. It die ús tinken oan de Sealterske Rely. Utskreaun troch de Seelter Buund dy’t syn sit hat yn Friesoythe. Dêr hawwe wy lykwols net west, en op ynternet is der suver neat oer te finen.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2017

logo.ensafh

Redaksjoneel

Op 28 july 2016 stie ik op it Drimon Festival yn Struga (yn Masedoanië). Yn in parkje op in kalme simmerjûn haw ik dêr yn it Ingelsk wat ferteld oer it Frysk en yn it Frysk in pear fan myn gedichten foardroegen. Letter op ’e jûn trede, ûnder deselde beammen en foar itselde publyk op noflike sitsekken oer, de Roemeenske dichter Denisa Duran (*1980) op. Se lies dêr gedichten foar út har bondel Sunt încă tânără (‘Ik bin noch jong’), ûnderstipe fan byld en muzyk. Ik wie fuort ûnder de yndruk fan har ynholden foardracht. Grûneftich klinkend Roemeensk, dat mei syn doffe î’s en ă’s en syn ús suver fertroude opgeande twalûden oa en ie, in hoedener, yntimer lûd hat as it Masedoanysk.… Lês fierder