Jacobus Q. Smink

nynke en de dieven

logo.ensafh

ús heit hie gjin easken sei ús mem
mar wie nana mouskouri op de radio
dan moasten wy stil wêze fan heit

hy hie gelyk, want we bin noch gek
op har bril en har sangerige sang
dat we hingje ryklik yn you tube om

nana song yn in protte talen, net yn
it frysk, mar dat is ek wol sa’n taal, sa
soene je it gryksk net betinke kinne

lokkich ha wy nynke, dy’t we ea ris
yn brussel sjongen hearden yn it
keninklik paleis, we krigen port

yn kristallen glêzen, dy’t we pikten
mar ja, dy wiene moai gau stikken… Lês fierder

Willem Winters

Boks

logo.ensafh

Al gean ik mar efkes de stêd yn dan nim ik dochs faak myn fototastel mei. Ik bin sljocht op fotografearjen. Doe’t ik in jier as alve wie mocht ik al út en troch mei de Kodak-boks fan ús heit in foto meitsje. Dat wie in hiele ûnderfining, want der sieten mar tolve foto’s op in roltsje. Ik mocht de boel net ferprutse. Fergelykje dat mei de digitale kamera: guon minsken sjitte yn in wykein in pear hûndert foto’s.
Dy bokskamera fyn ik noch altyd oandwaanlik troch syn ienfâld. Boppedat jout er in goed idee fan de alâlde camera obscura.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides, Sue Cooper, Antoine Cassar

It-toni tar-ram ta’ Malta / The coppertones of Malta / De kopertoanen fan Malta

logo.ensafh

It-toni tar-ram ta’ Malta

                                                 lil Antoine Cassar

Il-poeta jeħodna għal passiġġata mar-raħal tiegħu.
Fi ġnien imdawwar bil-ħitan jikbru l-larinġ u l-mandolin.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman, De Nije Brieven. In Feuilleton (9)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

Forbaarn dizze brieven!

Der ûntsnapte in wolk fan moffich stjonkend stof út de koffer, Madelon draaide har om en prúste ferheftich yn in hoeke fan de keamer. Frou Radsma foel der sawat hinne, ik koe har noch krekt opheine en late har ta de grutte swarte briedstoel dy’t foar de telefyzje stie. ‘Oe heden, oe heden,’ wie it iennige wat it âlde, brekbere wyfke noch útbringe koe. Madelon hong mei de holle en it hier oer de koffer hinne, sa koe ik net sjen wat der yn siet.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Achte lêzers

logo.ensafh

Achte lêzers,

Tiden hawwe tiden. In jier as wat lyn hie ik nea tinke kinnen dat ik nochris frege wurde soe om op in pjutteboartersplak in Tomke-ferhaal foar te lêzen. Mar nije wike is it safier. Plak fan hanneling sil ik hjir net neame, mar it is yn Fryslân en ik sil yn it Frysk foarlêze. Dat is tsjinwurdich al hiel wat. Lokkich binne it koarte ferhaaltsjes, de spanningsbôge fan de measte bern is krekt like lang as de gemiddelde pauze tusken de iene en de oare blik op it tastel fan in oan syn mobyl ferslave Fries. Koart dus. Mar ik ha der wol nocht oan.… Lês fierder

Josse de Haan

Côte d’argent (3)

logo.ensafh

skûleblinkboartsje

stodampen skowe loft, see en strân yn inoars earmen
splite kuierders op yn twa aparte helten sûnder liif
hollen en skonken nimme elk har eigen rûte en paad

nije kombinaasjes wurde berne yn tsjûke mist
oplein partnerruiljen bringt minsken op ‘e doele
skûleblinkstrânboartsjen mei knypeagjende ljochttoer

fjoerwetter

trotwaartegels baarne sûnder fjoer en reek
protters falle dea en rikjend út ‘e sulveren loft
sinnebril ferfoarmet hânwizer ta Don Quichote

molewjukken draaie wyld op sinnesellen
seemokken sile mei paraplu’s yn brede bekken
ûnwaar jeit de see oer strân en dyk en lân

monologen

sniewolken skowe sinne en ljocht fansiden
nacht en kjeld oerhearskje dei en waarmte
wrâld wurdt lytser, teart de gerdinen ticht

buorlju binne wytsnijd, sykheljen is in selspetear
oer strjitte en paad rinne parallel de monologen
ôf en ta ûntstiet der wat ferbining op in krusing

*

Rinnend lâns it 4 km lange strân fan Hendaye op de lette jûn- elke dei in oardeloere – mei útsjoch op de Atlantyske Oseaan, kamen dizze fersen/observaasjes eins fansels yn myn kop omheech; as ik wer thús wie skreau ik se op, sa likernôch tusken novimber ’15 en septimber ’16.… Lês fierder