Baukje Zijlstra

Boeken earst

logo.ensafh

Goed nijs foar it boekefak: Van der Velde oerwaget om boekhandel Schaaf yn Dokkum oer te nimmen, miskien folge troch in nije boekhannel yn Harns en wa wit yn noch oare plakken; dit om der foar te soargjen dat ek lytsere plakken harren boekhandel behâlde kinne. Dêrby soe ûnder oaren in gearwurking mei de pleatslike biblioteken wichtich wêze, benammen troch se te freegjen harren boeken fia Van der Velde oan te skaffen. Mar fansels komme der dan ek fuortendaliks oare foarmen fan gearwurking yn it sin, lykas tegearre aktiviteiten organisearje en inoars rûmten brûke.

It soe hartstikke moai wêze as dat slagje soe, want it gat dat in sletten boekhannel yn in stêd achterlit, is net allinnich fysyk – wer in leech pân yn in winkelstrjitte – mar ek geastlik – wer in kultureel hert dat ophâldt fan klopjen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Johnny Boy

logo.ensafh

Hy skôget troch it feale rút de strakblauwe loft dêr’t nea net ris in wolkje trochhinne glidet. In fêste konstante, sa’t alles tsjintwurdich konstant is. Like bewegingsleas as de Mediterraanske See dêr’t er alle dagen wer op útsjocht.
Syn lofterhân giet omheech om’t er in haal oan syn sigaret dwaan wol as er him betinkt dat er yn dy hân it bierfleske hâldt. Normaliter hat er it oarsom. Mei bleate fuotten stiet er op it swilk. Hy hat oars net oan as syn slopwosken grauwe himd en koarte blokjespiamabroek. De radiator gûnzet om it appartemintsje te foljen mei waarmte sadat syn Spaanske bloed net noch mear ôfkuollet.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

In pear dagen yn Dublin

logo.ensafh

Begjin jannewaris nûge de Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin, dy’t ferline jier in pear moanne yn Ljouwert ferbleau yn it ramt fan it Oare Wurden-projekt , my út om diel te nimmen oan in literêre jûn op woansdei 8 maart, ta eare fan International Women’s Day yn Dublin. It like har moai om ien fan de Fryske fersesykly dy’t se fan my oerset hie, ‘Lees ik in rjappel yn ’e grûn’ en ‘Altyd alve’, dêr tegearre yn it Frysk en it Iersk nei foaren te bringen.

Sa’n bûtenkâns om mei jins fersen grinzen oer te stekken kin men net rinne litte fansels.… Lês fierder

Dirk Jan Muntentendam

In bytsje frjemd mar wol hiel aardich

logo.ensafh

Besprek ‘It testamint fan mr. dr. K.’ út de rige ‘De omkearde ferhúsdoaze’ fan Steven de Jong.

Steven de Jong is ien fan Fryslân’s meast ferneamde skriuwers, dy’t al in grut oeuvre op syn namme hat, mar foaral bekend wurden is troch De wuttelhaven del, dêr’t er yn 1992 de Gysbert mei wûn hat. Ik hie net in hiel soad mear fan him lêzen, dat ik wie wakker optein en krij dit boek fan de redaksje om te besprekken.

Ik moat earlik tajaan dat ik wol efkes fernuvere wie doe’t ik it boek foar it earst beseach. Ik gie der fan út dat it in roman wêze soe en mei in soad niget sloech ik it boek iepen.… Lês fierder

Rita Saliba, Hedwig Terpstra

It oare lichem / The other body / Il-ġisem l-ieħor

logo.ensafh

It oare lichem

Ik ferburch it foar elkenien. En pas as ik allinnich thús wie die ik it nije lichem fan in tweintichjierrige frou út en bleau ik yn it âlde.

Tanksij it nije lichem hie ik súkses preaun. Ik gong foar in folle jonger persoan troch. Ik liigde oer myn âldens. Ik hie in goede fêste baan krigen. Ik troude om’t er tocht dat ik folle jonger wie. Ik koe gjin bern krije. Hy sei dat it net útmakke, ‘ik ha dy tichtby my dat ik ha neat oars nedich.’ Hy naam my faak mei nei syn freonen. Hy wie sa grutsk op my.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

de kapsters fan ’e âlde lts oan de nijlânsdyk

logo.ensafh

tusken de spegels yn lis ik
om harren hinne
de noasje fan plôken hier
in swym sjampoo
en it drokke tsjotterjen

deselde ekster op it platdak
leit krekt nei acht jier anty
kreaket it izeren bêd fan marktplaats

mei útsjoch op útstalde etalaazje
poppen fan minne en sjouke
de oanwaaikat

fan gleone hannen en fuotten
oars net nedich as in smoarch
lekken bewuolle yn ’e ivichheid
fan de lange sneintemoarn

Foto Pieter Postma. Mei tank oan Minne Hoekstra, Natuermuseum Fryslân

Lês fierder