Anne Feddema

Fyftich oesters foar Casanova

logo.ensafh

It wie deastil om Chevalier de Seingalt hinne, algemien better bekend ûnder syn wiere namme: Giacomo Casanova. Mar hy hie him de deis dêrfoar krekt as de Chevalier foarsteld oan it groepke minsken dêr’t er mei de koetsewein mei reizge, dus hjoed soe er de Chevalier spylje, in rol dêr’t er op it stuit noch net klear foar wie. “It libben is der hast út,” sei er wanmoedich tsjin syn spegelbyld foar him en hy die dat sa súntsjes en stil dat de omjouwing der neat fan meikrige. Oars in behoarlik earmoedige omjouwing, moat der by sein wurde. In hokje fan âld hout, yn in al krekt sa earmoedige, fertutearze herberch, dêr’t er de nacht trochbrocht hie.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke April 2017

logo.ensafh

Poëzij

Arjan Hut
Aurora Bossa Nova
Afûk, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789492176448

Yn de fjirde bondel fan Arjan Hut binne de gedichten noch altyd dreamerich, is de taal boartlik, en wurde ideeën útwurke yn in ferskaat oan foarmen. De fersen binne binne tagonkliker as earder, mar net minder poetysk.

Edwin de Groot
Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see
Afûk, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789492176462

 

Dizze bondel fan Edwin de Groot is in hommaazje oan twa rigels fan de Poalske dichteres Wislawa Szymborska:

Je bent – je moet voorbijgaan.
Je gaat voorbij – en alles is oké.Lês fierder

Nadie Hania

Oarekant fan it lûd

logo.ensafh

Oarekant fan it lûd, soms, kleur

Kalme geast, ûnderdompele,
yn it alderwytste, en waarmste giel.

molekulen binnenyn,
fine fermoedsoening
mei de ûneinichheid.

Sulverwyt Merkuriusfocht,
skilderet myn biente
mei it sêfte ljocht.

Do bist werom.

Ryklik, waarm sâlt,
wetter hat my ynkapsele.

Sels yn dizze stoel,
yn dizze lege keamer.

Op it droege.… Lês fierder

Jelma Knol

Resinsje Meindert Bylsma ‘En dêr marsjearje ik hinne’

logo.ensafh

It jonkje op it omslach fan Meindert Bylsma syn novelle En dêr marsjearje ik hinne sjocht de lêzer in bytsje skou en ôfwachtsjend oan. Yn ’e hân hat er twa kreaze skuon: wêr sil dat hinne?, tinkt de lêzer. Mar wêrom marsjearend?

Bylsma makket dat dúdlik oan ’e hân fan syn autobiografyske oantinkens, dêr’t syn militêre tsjinsttiid sintraal yn stiet, mei ynbegryp fan in skoft yn Dútslân. Mar syn bernetiid en de reade achtergrûn fan syn pake en âlderlik hûs komme ek oan ’e oarder. De skriuwer skeakelet fernimstich om fan de iene nei de oare perioade yn syn libben, gauris mei in kaaiwurd (bygelyks sneuvelje) as brechje.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman, De Nije Brieven. In Feuilleton (7)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

Moarn giet de koffer iepen…

Justerjûn krige ik in mail fan Madelon Kiestra. Der soe in koffer mei tige wichtige dokuminten by frou Radsma besoarge wêze, dy’t de koffer net iepenmeitsje doarst, net sûnder selskip en begelieding alteast. Wy hawwe in ôfspraak makke dat ik moarntemiddei delkomme sil, ik haw de hiele wike frij nommen, dat komt alsa net sa min út. It hie mei Simke te krijen, sa hie Madelon fan de frijwat senuweftich frou Radsma begrepen.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Bartle Laverman

logo.ensafh

“In bondel is foar my in soarte fan autobiografy. It is prachtich om in nij boekje te meitsjen, ferfelend is it dat it de wrâld yn moat, dat dêr har skientme ferboelguodde wurdt.”

Bartle Laverman (Ljouwert, 1948) hat nei’t er de oplieding ta ûnderwizer folge, MO-Nederlânsk en LO-tekenjen studearre. Dêrnei folge er oan de Ryksuniversiteit yn Grins noch teoretyske en wiisgearige pedagogyk. Hy studearre yn 1977 cum laude ôf. Bartle hat as dosint filosofy wurke op de Academie Minerva yn Grins. Tegearre mei syn frou, byldzjend keunstner Hannie Kamstra, hie er oant 1996 in biologyske buorkerij en tsiismakkerij. Sûnt 1990 hawwe sy De Tunen fan De Griene Dyk, in ekologyske blommetún fan trije hektare.Lês fierder