Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Barcelona (13-02-17)

logo.ensafh

Ek al bin ik earder weromkommen fan myn earste reis, de langst nei it aventoer en de wille fan it fytsen wie dêrom noch net dwêsten. Fandêr dat ik ferline wike nei Spanje flein bin mei fyts en al en de tiisdeis derop ôfsetten bin rjochting hûs. Nei in lytse wike bin ik dan yn Barcelona bedarre. Al bin ik gjin fan fan grutte stêden as ik op de fyts bin, woe ik ek net samar oan Barcelona foarby fytse. Koart om it hoekje sjen. De sfear efkes opsnuve en dan gau op nei it Frânske plattelân.

 … Lês fierder

Bouke Slofstra

Dichtkeunst sûnder keunstdicht?

logo.ensafh

Sa’t de lêzer grif wol witte sil, hat Abe de Vries okkerdeis it dichtwurk fan ’e fergetten skriuwer Marten Hepkes Bakker opdolle. En bondele en ynlaat yn in kreaze giele útjefte dy’t yn it plak kommen is fan it ferjittelboek. By de resinte Fryske literatuerdei hie De Vries al op ’e tekst west oer syn letterkundige ûntdekking. Dat praatsje dêre en de ynlieding fan dizze bondel ûntrinne elkoar net folle, of oars hielendal net.

Marten Hepkes Bakker (1848-1927) skreau ferskes foar blêden soks as Sljucht en Rjucht en De Swanneblommen. Boartlike ferskes, leaflik oer bist en blom, skerp oer minske en maatskippij.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (6)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

De koffer (2)

Bêste lêzers fan dit besletten blochke, kinne jim it wat neikomme? Iksels nauwerneed, mar bin no al wat fleuriger en net sa eangstich mear. Sa’t ik al skreau: dokter hat my nije medisinen foarskreaun, grutte giele pillen, en neffens my begjinne se oan te slaan. Neidiel is al, dat ik wat faker op it húske sit, mar lit dat foar my no krekt in daaldersk meditaasjeplak wêze…

Ik haw aldergeloks net wer fan dy ûnnoflike telefoantsjes krigen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

In (bemuoierige) portier tefolle

logo.ensafh

Froon Akker (pseudonym foar Koos Tiemersma) kaam derefter dat er noch nea in ferhalebondel skreaun hie njonken in nustje romans, dêr’t er foar Einum de GJ-priis foar krigen hat yn 2015. Dat waard dus heech tiid en mei de sechstjin ferhalen dy’t er yn Ik bedoel mar! ôflevere hat is er dêryn net ûnfertsjinstlik. De ferhalen wurde ynlaat en útlaat troch in âld-kondukteur dy’t ynhierd is troch de skriuwer sels en falle ûnder de titel ‘Portier’.
Der wurdt fuortdaliks ferwiisd nei in ynfalide portier (wat de portier yn dit boek net is) as fingerwizing nei Nooit meer slapen fan W.F. Hermans.… Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

de achtste dei

logo.ensafh

yn de úthoeke fan de Skrift toant de Skepping him
op ’e achtste dei
oan de hûn

efter syn brune hûne-eagen
yn de strielen fan de sinne
dûnset in krie
in spjocht dûkt
oer syn kop
en hammeret in nij swart gat
yn in deade beam
neist him
stiet in ielgoes
deemoedich as Jezus Kristus
wjukken wiid
oan de wetterkant

wylst is dêr
it delbêdzjen fan de ierde
wylst is dêr
it wrotten fan de beammen omheech nei de Himel
wylst rûkt er de delgong

yn de nacht fan de achtste dei bilet de hûn
by it ljocht fan de moanne
boppe it grêf fan de man út Earnewâld
de hûn koe him by it libben(de alpha) én kin him yn syn stjerren (de omega)
de hûn seach reeën yn it Paradys mei de snút omheech
ferwûndere…de man út Earnewâld…dea !?… Lês fierder