Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Jan Schokker

logo.ensafh

‘It liket my noch wol in útdaging om in berneboek te skriuwen en dêr sels de tekeningen by te meitsjen.’

Jan Schokker (1952, Oranjewâld) learde op de ambachtsskoalle foar elektrotechnyk. Syn kreative kant kaam al gau foar it ljocht. Hy mocht graach tekenje en krige fersiken om reklamebuorden te meitsjen en bedriuwsnammen te skilderjen. Skriuwe die er doe ek al, as jonge fan in jier as fjirtjin makke er al stikjes foar de jubileumrevu fan de kuorbalferiening. Yn ’e rin fan de tiid skreau er in grut tal revu’s en in stik as fyftjin toanielstikken. Jan Schokker wennet mei syn frou Sjoeke yn Jonkerslân en sûnt syn 24e hat Jan in eigen bedriuw foar standbou en belettering.Lês fierder

Cornelis van der Wal

Switte mei Gysbert

logo.ensafh

De wichtichste priis foar Frysktalige literatuer is, ik fertel neat nijs, de Gysbert Japicxpriis. Dit jier is de poëzij oan bar, mei fan gefolgen dat ús earme Fryske dichters sawat tsjin in senuw-ynstoarting oansitte. Der komt harren neat mear út hannen, nachts wurde se, sawat fersûpend yn harren eigen swit wekker út dreamen wêryn’t in spytgnyskjende Gysbert harren skodholjend oansjocht en ‘Nee’ ropt…

Yn it ferline wie it sa dat de deputearre fan kultuer de priiswinner telefoanysk op ‘e hichte brocht. Tsjintwurdich wurdt der mei longlists en shortlists wurke, dat moat de oandacht fan it publyk lûke, is it doel. Lykwols, it ‘publyk’ hat gjin belangstelling foar Fryske literatuer, lit stean foar Frysktalige poëzij.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

It beslút

logo.ensafh

‘It moat oars,’ flok ik binnenmûlsk en rôlje de hannen ta fûsten. ‘It is al te lang sa trochgien, as ik der no neat oan doch, rint it folslein út de hân.’
Ik rin nei de kuolkast ta. Ik haw it fleske suver earder oan ’e hals as dat ik de dop der ôfwipt haw. It is de langst nei feroaring dy’t my sa toarstich makket.
Sadree’t ik bûten stean en de frisse jannewarislucht opsnúf, bin ik al net mear sa wis fan de saak. De eardere lilkens sakket my as it moed yn de skuon. ‘Wat no as se…’ mompelje ik healslachtich.… Lês fierder

Richard Brautigan

De stjerhalmaspilers / The Chinese Checker Players

logo.ensafh

 

Richard Brautigan

De stjerhalmaspilers

Doe’t ik seis jier âld wie
spile ik stjerhalma
mei in frou
dy’t trijeënnjoggentich wie.
Se libbe op harsels
yn in appartemint
by ús ûnder yn ’e hal.
Alle moandei-en tongersdeitejûnen
spilen wy stjerhalma.
Under it spyljen hie se it ornaris
oer har man
dy’t santich jier lyn stoarn wie,
en wy dronken tee, ieten koekjes
en skelmen.

(Oersetting: Piter Boersma)

*

The Chinese Checker Players

When I was six years old
I played Chinese checkers
with a woman
who was ninety-three years old.
She lived by herself
in an apartment down the hall
from ours.… Lês fierder

Willem Winters

Christo, de ynpakker

logo.ensafh

Yn 1958 makke Christo – berne yn 1935 yn Bûlgarije – syn earste ynpakkeunst. [Hy hjit folslein: Cristo Vladimir Jaracheff.] Nei’t er yn Sofia, Praach en Wenen studearre hie, soe er nei New York ferfarre.
Mar earst kaam er – yn Parys – noch yn ’e kunde mei Yves Klein, fan de monogromen; mei Jean Tinguely fan de ratteljende en rammeljende, harsels opblazende masines; mei Arman, dy’t skearapparaten, gasmaskers ensfh. yn glêzen bakken sammele. Koartsein, mei keunstners, dy’t lykas Duchamp earder, net langer foar it each wurkje woene. It wie in stel keunstners dat bot de oandacht luts en der barden bysûndere, útwrydske dingen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint ‘Tsjinlûd’

logo.ensafh

Tsjinlûd is in kollektyf mei Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf en Remco Kuiper as dichters en Anne-Chris Bakker, Christiaan Kuitwaard en Romke Kleefstra as muzikanten. Dêrby hawwe ek Christiaan Kuitwaard, Elmar Kuiper, Romke Kleefstra en Anne-Chris Bakker grafysk wurk foar de foarmjouwing levere. Sa is it boekje Tsjinlûd in goede wjerspegeling fan it multydissiplinêre karakter dat sa eigen is oan it projekt.
Men ferwachtet dat de gedichten sa’t dy yn it boekje steane allegearre opnommen binne mei muzikale ymprovisaasje derefter. Dat is lykwols net it gefal. Net alle fersen yn it boekje binne opnommen en der steane mear fersen op de cd.… Lês fierder