Ferdinand de Jong

Seks, drugs, drank en hippe muzyk graach

logo.ensafh

Ien fan de moaie dingen yn de winter is it feit dat ik dan amper nei de Nederlânske televyzje sjoch. Sêd fan de safolste werhelling fan ien as oare blockbuster mei in soad deaden en de held dy’t troch in rein fan kûgels nea rekke wurdt mar wol alle tsjinstanners útskeakelet. Nee, yn de winter sjoch ik nei de Dútske stjoerders. ARD en ZDF. Dy jouwe in folslein oersjoch fan wat der oan wintersporten te rêden is. Utsein hockey, want dat is yn Dútslân ek al achter de dekoder ferdwûn. O, sorry, ik moat fansels iishockey sizze, oars begripe jim it net.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Swier

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it njoggende ferhaal.

Mei de sliep yn ’e eagen en in bak kofje yn de hâlder oan it dashboard gappe er him de earste kilometers oer it rûzjende asfalt. It waar siet alteast mei, de sinnebril moast dy moarns fuortdaliks al op. Nei’t er him by in grutte pomp wat opfrist en skeard hie, fielde er him al aardich better.… Lês fierder

Duo von Däniken

De Jeremiablues

logo.ensafh

Klik op ‘e foto

Hjoed presintearret Duo von Däniken in unike lûdsopname út 1997 fan de Jeremiablues. Dizze blues wurdt songen troch dûmny Liuwe Zelle fan Ternaard. Zelle woe doedestiids in wat modernere oanpak fan de tsjerketsjint ynfiere, mar de tsjerkegongers wiene dêr net sa wiis mei, it bleau by ien kear…

De sjongtekst komt út ‘e Bibel, út it boek Jeremia.

Wa’t de gitaristen en de drummer binne is net bekend.

 … Lês fierder

Friedrich Hölderlin, André Looijenga

Doe’t ik lytsjonge wie… / Da ich ein Knabe war…

logo.ensafh

 

Friedrich Hölderlin

Doe’t ik lytsjonge wie…

Doe’t ik lytsjonge wie,
rêde in god my faak
fan ’t geraas en de roede der minsken,
doe boart’ ik feilich en goed
mei de blommen fan ’t fjild,
en de koeltsjes fan it swurk
boarten mei my.

En sa’tsto planten
it hert ferblidest,
wannear’t se nei dy ta
de teare earms útstrekke,

Sa hast myn hert ferblide,
heit Hêlios! en allyk Endymiôn
wie ik dyn leafste,
hillige Luna.

O al jim trouwe
freonlike goaden!
dat jim wisten,
hoe’t jim doch myn siele leafhie!

Ek al rôp ik doe noch net
jim by namme, ek jim
hjitten my nea, sa’t de minsken har neame,
lykas koene s’ elkoar.… Lês fierder

Sipke de Schiffart

De tút

logo.ensafh

We koenen net fierder.
Oan ’e ein
fan de lange pier
by Moddergat
ticht by
Ingelskmanplaat.
Foar it earst dy middei
swijden we.
It wie sêft neijierswaar,
de sinne skynde,
de see lei stil oan ús fuotten.
As op in teken,
of tafallich,
draaiden ús gesichten
tagelyk
nei mekoar ta.
We seagen mekoar oan,
noait earder fan sa tichteby.
Us mûlen
waarden nei mekoar ta lutsen
as magneten.
We koenen net werom.… Lês fierder

Jelma Knol

Mogendovid

logo.ensafh

It moaiste part út Misschien Esther, de debútroman fan Katja Petrowskaja is foar my wol ‘Mogendovid’. Esther is yn Warschau, de stêd dêr’t har beppe Rosa berne is. Se keapet dêr in elpee dêr’t in davidstjer op stiet. Se koe foar dy tiid (yn de Sovjet-Uny) allinne fiifpuntige stjerren en fernuveret har deroer dat dizze stjer út seis punten bestiet. Yn Kiev set se de elpee op en har al deminte beppe fan wa’t se nea in wurd Jiddysk heard hat ‘begon opeens overmoedige liedjes in een dakloos mineur te zingen, eerst de woorden volgend, ze nalopend, daarna zonder aarzeling in gelijke pas en plotseling op de woorden vooruit, vrolijk en overhaast, en ik luisterde naar haar met hetzelfde ongeloof als waarmee ik de mogendovid op de lp had afgetast.’… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (4)

logo.ensafh

(Van Tuinen hat yn dit weblogfragmint de posysje fan alwittende ferteller ynnaam; it is net rjocht dúdlik wêrom. cvdw)

De koffer

Frou Radsma hie suver wat oerstjoer en skriemerich west nei it petear mei dy eigenwize fint út Ljouwert. Madelon hie noch yn bestân stien en sis de folgjende ôfspraak telefoanysk ôf, mar dat hoegde net, sa sei it âld wyfke doe’t se letter wat bedarre wie. De wierheid moast sein wurde. “Ik bin der no noch,” wiene de lêste wurden foar’t se ôfskie naam fan Madelon en de doar fan har keamer yn fersoargingshûs Bethania ticht die.

Nei in knipperke fan sa likernôch in kertierke – it iten hie lykas wenst wer nei neat smakke – gie frou Radsma nei ûnderen ta, nei de neffens guon gesellich ynrjochte rekreaasjeseal.… Lês fierder