Piter Boersma

It Fryske literêre libben (12): Friesche Tjerne is gewoan in minske

logo.ensafh

(Lêzing hâlden op de earste Dei fan de Fryske letterkunde op freed 7 oktober yn Tresoar, in inisjatyf fan dye Fryske Akademy yn it ramt fan it 350e betinkingsjier fan Gysbert Japicx en organisearre yn ’e mande mei Tresoar, Afûk, tydskrift De Moanne en it lektoraat fan de NHL Hegeskoalle.)

(As foarôfgeande tafoeging oan de lêzing dit: de Frisistyk stelt op it taalkundige flak wol wat foar, sawol yn ’e breedte as de djipte; dêrfoar is it mei it wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske letterkunde min steld. As dan immen promovearje wol op in psychoanalytyske stúdzje fan in gedicht fan Gysbert Japicx docht bliken dat it universitêr ûndersyk him fan in paradigma betsjinnet dat dy psychoanalytyske stúdzje bûtenslút: ieneach is kening.… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Hyperions Schicksalslied / Hyperions Needlotsliet

logo.ensafh

Hyperions needlotsliet

Jim rinne boppe yn ’t ljocht
Op sêfte boaiem, sillige geniën!
Glânzjende goadeloften
Reitsje jim licht
As de fingers fan harpspylsters
Hillige snaren.

Needlotfrij, as de sliepende
Poppe, sykje de himelsken;
Sedich skûl
Yn de skrutele knoppen,
Ripet ivich
Harren de geast,
En de sillige eagen
Sjogge yn stille
Ivige klearens.

Mar ús is beskikt dochs,
Om nearne ek mar te rêsten,
Se falle, se stoarte
De lijende minsken
Blynlings fan de iene
Oere yn de oare,
As wetter fan klippe
Nei klippe ta smiten,
Jierrenlang yn ’t ûngewisse omleech.

Oersetting: Piter Boersma

Hyperions Schicksalslied

Ihr wandelt droben im Licht
Auf weichem Boden, selige Genien!… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Syktocht yn dream en werklikheid

logo.ensafh

Tritich jier nei syn debút de nacht midstwa komt Jaap Veenstra op ’e nij mei in dichtbondel. Ditkear is dy twatalich mei as titel Gatten yn it tek/Gaten in het dak. De op ’e Rottefalle wenjende dichter jout libbensbeskôging oan de Pabû fan Stenden te Ljouwert. Yn seis skiften komt der fan alles foarby: filosofy, religy, observaasjes op it moderne libben, it bywenjen fan de begraffenis fan syn mem. It hat der fan dat wat er oanstipt yn syn earste bondel no ferdjipping en ferbreding fûn hat.

Sawol yn de nacht midstwa as yn Gatten yn it tek komme kristlike ferwizings foar.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (3)

logo.ensafh

De twivels fan Arjen van Tuinen

Ik krige dy nachts hast gjin sliep yn ’e eagen; op it lêst, it wie om fjouwer oere hinne, bin ik der mar ôfgien en haw de klean wer oanlutsen. Op en del trêdzjend troch myn – ik jou it ta – frijwat suterige wurkkeamer, seach ik nei de steapels boeken oer Douwe Kalma en Simke Kloosterman op myn buro. Is it wol de muoite wurdich, sa tocht ik, jin sa te ferdjipjen yn wat, literêr sjoen, eins marzjinale persoanen binne? ‘Mar ho’, sa soe myn baas Wobbe Teakema wol sizze, ‘jo moatte it wol yn perspektyf sjen, wy moatte bliid wêze mei wat wy hawwe yn ’e Fryske literatuer, no.’… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

It ûnferjoulike / Das Unverzeihliche

logo.ensafh

 

It ûnferjoulike

Asto freonen ferjitst, asto de keunstner húnst,
En de djippere geast min en ferkeard begrypst,
God ferjout it, mar steur dochs
Nea de frede fan minnenden.

Oersetting: Piter Boersma

Das Unverzeihliche

Wenn ihr Freunde vergesst, wenn ihr den Künstler höhnt,
Und den tieferen Geist klein und gemein versteht,
Gott vergibt es, doch stör nur
Nie den Frieden der Liebenden.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Raku järv

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it sechsde ferhaal.

Stilswijend sitte se tsjininoar oer. Sa’t se dat al sa faak dien hawwe. Se binne ek net byinoar kommen om mei-inoar te praten, mar om net allinnich te wêzen. Sêft dobberje se mei it boatsje op de Raku järv, de angels oan wjersiden en wachtsje oant ien byt hat.… Lês fierder