Ferdinand de Jong

Max

logo.ensafh

It waar nûge út om binnendoar te sitten, it wie july en it reinde sa hurd dat je it wol litte woenen om oan gersmeanen te tinken. Wat ferfeeld surfde ik op it www om, de hiele BV Nederlân begûn mei it wanhopich folplempen fan alle sosjale sites mei laitsjende selfie’s op lokaasjes dêr’t ik net graach hinne woe. Om in wike as wat letter deawurch wer thús te kommen en te fersuchtsjen: ‘Lokkich ha ik de neijiersfakânsje al wer boekt, ik bin no al wer oan frije dagen ta.’ Wylst se post fakânsje noch net in slach útfierd hienen. Op sa’n stuit wurd ik hiel tryst en tink ik werom oan de tiid dat minsken noch wille belibben oan de boarterstún by de Oranjerie yn Oranjewâld.… Lês fierder

Duo von Däniken

Eastewyn, mei Willem Klaaiklút

logo.ensafh

Willem Klaaiklút presintearret yn syn nije programma ‘Eastewyn’ in trijetal nije Fryske artysten/groepen. Jo meie de bêste útkieze! Dejinge mei de measte stimmen sil in prachtige fideoklip fan makke wurde! Stjoer jo kar nei duovondaniken@gmail.com

 

https://www.youtube.com/watch?v=wtqip8_PaNg… Lês fierder

André Looijenga

Hy rôlet dyn kant út oer it sân

logo.ensafh

Werom út Masedoanië bin ik earst yn Fryslân omtoarkjen bleaun. Ik mocht de Skriuwersarke bewenje. Dat wie in grut ferskil. Wat te grut eins: op ’e Feanhoop wie ik eins bot ûnwennich fan it Súd-Europeeske stedslibben, de minsken op strjitte, de terraskes dêr’t ik de heale middei siet te skriuwen by in kopke mei it lêste lije boaiemke турско кафе, со шеќер, средно фала (‘Turkske kofje mei in bytsje sûker, tanke’). Drachten op in healoere fytsen koe it fan Bitola net winne. En boppedat, ik moast dêr op ’e pôle fan Rink sitte en wurkje.

Grins, in lyts waarmteweachje, myn eigen keamer mei boeken, in wól-funksjonearjende UB, en oanspraak ha de ûnwennigens wat minder makke.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Nordkapp-tunnelen

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it fjirde ferhaal.

Teminsten gjin wyn en rein salang’t ik hjir bin, tinkt er by himsels, wylst er klauwen hat om by de 10% op te kommen.
Oaren rinne de Santiago de Compostella en ik sit hjir yn it noardlikste puntsje fan Noarwegen yn ‘e kjeld. Mar sadree’t er it tinkt en it nei syn idee grinzget oan protteljen, hat er der al spyt fan.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4 , 2016

logo.ensafh

Redaksjoneel

Ik skriuw dit op it terras fan in kafee yn Bitola, Masedoanië. It is in âld keapmanshûs, ljochtgiel, yn Súd-Frânske styl suver. De haadstrjitte kruset hjir in strjitte mei parkearde auto’s, dêr’t ik fan wit dat it foar fyftich jier in streamke wie, mei op dit plak de Stiennen Brêge. De stêd is yn dizze streek in oäze yn in leechrinnend plattelân, in oarde fan boargerkultuer ek al is er troch grinzen yn in ôfhandige hoeke bedarre. Alle jûnen paradearje de lju yn elegante simmerklean hjir de haadstrjitte op en del.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Masedoanyske útliedings

logo.ensafh

In boek útjûn krije yn Masedoanië liket net dreger te wêzen as by ús. It koe wolris makliker wêze as yn Fryslân in Frysk boek publisearje. Yn alle gefallen: op ’e weromreis út Masedoanië hie ik in hiele koffer ekstra rombagaazje mei. Kilo’s Masedoanyske boeken, as sûvenirs, kurioasa, kado’s en klassikers.

Myn goekunde út de eardere Joegoslavyske republyk is fansels net hielendal in trochsneed fan de befolking. Hast allegear ha se oait wolris in dichtbondel útbrocht. Dochs wol ik op grûn fan dy net-represintative stekproef feilich oannimme dat de dichtbondelproduksje yn it Masedoanysk stikken heger leit as yn it Frysk. En se begjinne der ek betider mei.… Lês fierder