Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Nederlân/Fryslân

logo.ensafh

Ik skreau in pear dagen lyn dat it wennen wêze moatte soe om wer te ‘aardzjen’ yn it gewoane bestean. Doe’t ik de grins fan Dútslân-Nederlân oerstiek, beneare it my suver dat ik wer yn it lân wie dêr’t ik suver wat it mier oan haw. Tefolle lju op ien fjouwerkante meter, tefolle benyptens, tefolle regeltsjes.

SSA43457
Mar by it neier kommen fan ‘e stêd Grins foel dat mear en mear fan my ôf. It is in stêd dy’t ik dochs leaver lije mei as Ljouwert – al sil ik grif dêr just wer wenplak sykje. It is dêr wêr’t ik wer myn faam treffe sil, en hja is by eintsjebeslút de reden fan myn weromkommen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Dútslân

logo.ensafh

De earste stêd dy’t ik oandie nei’t ik sa’n fjouwer moanne lyn ôfstutsen bin út Ljouwert wei wie de stêd Leer. No op it paad werom haw ik dy stêd wer oandien. Ditkear koe ik yn it appartemint fan in maat ferbliuwe. By it ferlitten fan ‘e stêd de oare deis kaam de grins fan Nederlân wol hiel tichtby.

SSA43452

Doe giene de tinzen dochs út nei wat ik dêr ûndernimme sil. Der moat wer in ûnderkommen socht wurde, faaks in baantsje, my wer offisjeel ynskriuwe litte, fersekeringeboel regelje. Mei oare wurden de boargerlike beslommeringen komme wer op my ta dêr’t ik oars sa graach ôf wêze wollen hie.… Lês fierder

André Looijenga

Friziski pisatel na Balkanot – diel 4

logo.ensafh

Earder de jûns, foar’t de oaren der wienen, frege Živko my hoe’t myn skriuwerij gien wie. De jûn dêrfoar hie ik sitten te stinnen op in stik dat my wol gaadlik like foar de lêste bydrage oer myn ûnderfinings yn Masedoanië. Ik hie yn it kleaster Sveti Jovan Preteča west. Dat woe ik keppelje oan myn ferskate observaasjes oer de ortodokse deistige brûkmen hjir yn dit lân. Observaasjes dy’t grif yn myn einferzy plak krije, mar kop of sturt hie myn stik net. Op in inkelde brike iroanyske sin nei miste ik… ik-wit-net-krekt-wat-der-miste. It die de kompleksiteit fan it ortodokse kristendom, ek yn myn Masedoanyske kunde harren libben, noch hieltyd gjin rjocht.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

De Volvo

logo.ensafh

Geart Tigchelaar fytst op dit stuit de wrâld om. Dat jout him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandocht dêr’t de skriuwer/fytser sels in gruttere of lytsere rol yn hat. Hjirby it tredde ferhaal.

De Volvo

De auto oan ‘e kant fan de dyk. De akku wie al min, mar no mei dizze hichteferskillen wie er der hielendal mei opholden. Lokkigernôch hat er ANWB-Europaservice sadat se him hjir yn Sweden ek helpe kinne. Mar hjir stean te wachtsjen by de drokke E4 tichteby Sundsvall is net botte florissant.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Poalen

logo.ensafh

Yn Bialystok haw ik besletten om net dwersoer te stekken oer Warschau en Poznań nei de Dútske grins en dan oer Berlyn fierder it westen yn. Nei Vilnius yn Litouwen hie ik behoarlik tabak fan ‘e grutte stêden. Myn gasthear yn Białystok hie it der ek oer dat noardlik Poalen kwa fytsen en kwa omjouwing folle moaier is as de omkriten fan Warschau.

SSA43426

Dat is yndied wier, want ik haw der in pear hartstikkene moaie fytsdagen opsitten. En ik bin bliid dat ik lytsere plakjes as Elbląg, Morąg en Pasłęk oandien haw en net de grutte stêden. Elbląg wie foar my fuortdaliks ek de lêste stêd dêr’t ik efkes omsjoen haw.… Lês fierder

André Looijenga

Friziski pisatel na Balkanot – diel 3

logo.ensafh

‘You’re becoming real Macedonian!’, murk de jonge romanskriuwster F. de hiele tiid wer op. Ik hie, ôfwachtsjend, tiidrekkend, stinnend, it beslút nommen om my dochs dy deis net mear fan Štip nei Skopje te reizgjen. It groepke skriuwers dat ik de jûn derfoar kennen leard hie, hie ik tusken de middei mei ôfpraat om te kofjedrinken. En doe te lunchen, op in rom terras yn it skaad oare kant de rivier. Om trije oere woe ik de bus ha, want dan koe ik ein fan de middei yn Skopje noch… Salade waard op tafel set, dêr waard fansels rakija by dronken, doe kaam der fleis en bier, wy songen de Masedoanyske folkslietsjes mei dy’t draaid waarden, en it soe net earder as de bus fan fjouwer oere wurde…

Doe’t ik einlings regele hie om dan mar in dei letter yn Skopje te wêzen, en aansen mei nei it hotel fan myn skriuwersfreonen, krige ik te hearren: ‘Wy hiene echt net tocht datsto fan ’e middei noch yn Skopje oankomme soest.’… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Vilnius

logo.ensafh

It liket derop dat ik nei Tallinn en de skop ûnder de kont it leard haw en doch it de reis werom rêstiger oan. Dêrom nim ik no gauris in ‘omwei’. Sa haw ik yn Letlân in prachtich ein by de rivier de Daugava delfytst nei Daugavpils ta ynstee fan nei Rīga fuortendrekst rjochting Kaunas. Ut Kaunas wei haw ik nei lang twiveljen doch besletten om nei de haadstêd Vilnius ta.

SSA43370

Wêrom ek net no’t ik hjir dochs bin en it net op in dei oankomt. Min waar, yn en út de stêd komme is net altiten maklik mei’t se hjir net sa fytserich binne as yn Nederlân mar de stêd en it paad derhinne wienen it perfoarst wurdich.… Lês fierder