Martsje de Jong

Dichters all over the place

logo.ensafh

Foar in folk dat bekend stiet as stiif, stuch en sels saai, sitte der ûnder de Friezen in ferrekt soad dichters. Of yn elk gefal minsken dy’t gedichten skriuwe. Poëzyleafhawwers.
De ôfrûne wiken kamen se by tsientallen tagelyk foar it ljocht op lytse en grutte dichtersbarrens. Yn Harns, dêr’t ein septimber yn it ramt fan de ILFU 1000 dichterstour goed sechstich minsken achter de mikrofoan kamen om wurk fan harsels of fan in oar foar te dragen. Twa dagen letter wie de presintaasje fan de mânske blomlêzing ‘It ritme fan Rixt’, dêr’t fyftich fersen fan likefolle leden, ryp en grien, fan it dichterskollektyf Rixt yn opnommen binne.… Lês fierder

Jemke Visser

Soldaten

logo.ensafh

Dy rûn ik koartlyn, yn figuerlike sin, twa kear tsjin ’t liif. Yn ‘Wij waren geen soldaat’ en mei ‘Het leger was voor losers’ as ûndertitel, skreaun troch sosjolooch en sjoernalist Herman Vuijsje, lies ik earst hoe’t nochal wat linkse jongeren yn ’e twadde helte fan ’e foarige iuw tsjinoer it leger stiene.
As twadde beseach ik hjir yn Harns de eksposysje ‘Helmen vol Verhalen’ oer feteranen fan ferskate misjes. Yn beide gefallen kin der mar ien konklúzje wêze: dat delbûgjende nei alles wat militêr is troch ferskate, doedestiidse linkse babyboomers slacht hielendal nergens op.
Sa’n bytsje fan ’e jierren sechstich ôf lieten guon, sa as Vuijsje sels, harren triomfantlik ôfkarre mei de saneamde S 5, as graadmjitter foar mentale ûngeskiktens.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Rosjokte

logo.ensafh

It seizoen mei de measte ferskillende soarten jokte is fansels de simmer. It waar en ferskate oare amper te beynfloedzjen omstannichheden binne presys sa ôfsteld dat der hast net oan prikeljen, kideljen, kribeljen en jokjen te ûntkommen falt. It prykjen fan de felle, hite sinne yn ’e eagen en op ’e hûd, en ast der net om tinkst dan ferbaarnst en wurdt it prykjen stekken en gloeien en úteinlik it rûgeljende kideljen fan ferfeljend fel. It biten fan swit en sâlt seewetter, of krekt it gloarwetter fan it swimbad dat eins foar ferkuolling soargje moat. It strânsân dat dagen letter noch op plakken kribelet en skjirret dêr’tst dy fan ôffregest hoe’t it dêr kommen is.… Lês fierder