En de jonkfrou frege Parsifal:
Hasto de fisker-kening
frege wat him skeelt?
Parsifal: Nee, dat doarde ik net oan,
dus hâlde ik my mar stil.
Jonkfrou: Och, do ûnsillige.
Dat is no krekt syn flok, syn lot.
As dy iene, wichtige fraach
nea steld wurdt, sil hy nea genêze en
sil it him nea noch nimmer wer foar de wyn gean.Der komt in protte goeds út goeie fragen, Parsifal!
Swije as in fisk
sa mar ynienen is it maatskepke
foar de kofje te grut foar ien
kin in pot HAK twa dagen lije en
duorret in literspak molke krekt wat te lang
soer
it foarbygean makket him
in fisker-kening
tsjin wil en tank syn ryk
allinne
Ein febrewaris 2008 is Edwin de Groot syn nije dichtbondel ‘Ik skip’ ferskynd by útjouwerij Bornmeer.… Lês fierder