Hedwig Terpstra

Mauthausen-syklus: de holocaust mei nea fergetten wurde

logo.ensafh

Douwe Heeringa brocht op befrijingsdei 2008 de Fryske útfiering fan de Mauthausen-syklus yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. De fjouwer lieten binne komponearre yn 1965 troch de Grykske komponist Mikis Theodorakis, basearre op de teksten fan de Joadsk-Grykske dichter Iacovos Kambanellis, dy’t de ferskrikkings fan it nazykonsintraasjekamp Mauthausen sels meimakke hat. Theodorakis skreau de muzyk om foar te kommen dat de holocaust fergetten wurdt. De ymposante Mauthausen-ballade is al yn in soad talen oerset, ûnder oare yn it Hebrieusk, Ingelsk, Frânsk, Dútsk en Nederlânsk. Baukje Wytsma hat de Fryske oersetting dien. Yn 2008 binne de Frysktalige lieten ek op cd útbrocht.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Literêr Sirkwy yn Museum Smellingerlân – in ferslach fan Hedwig Terpstra

logo.ensafh

De byienkomst fan it Literêr Sirkwy fan it Skriuwersboun yn Museum Smellingerlân waard ôfrûne snein 28 maart iepene troch Paulo Martina, direkteur fan it museum. Der wiene dizze middei sa’n fiifentritich besikers oanwêzich. Presintator Edwin de Groot dielde mei dat Arjan Hut siik wie en dêrom net komme koe. Dêrnei kundige er de earste dichteresse oan: Meintsje Brouwer. Sy skreau foar Frysk en Frij en de Fryske Bernekrante. Se publisearre ferhalen en gedichten yn kranten, literêre tydskriften, de Skriuwerskalinder en skriuwt út en troch toanielstikken en set stikken oer yn it Frysk. Se brocht diskear ûnder oare de gedichten ‘Utblaze’ en ‘Ofbliuwe’.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Boeke-BOLsert boekebal – in ympresje troch Hedwig Terpstra (update)

logo.ensafh

By de organisaasje fan it boekefeest Boeke-BOLsert, dat holden waard op sneon 6 maart lêstlyn hat Stifting Cepher, besteande út Elske Schotanus en Eeltsje Hettinga, gearwurke mei de gemeente Boalsert, dy’t dit jier 555 jier stedsrjochten hat. It reguliere boekebal fan It Fryske Boek wurdt dit jier net holden, fanwege in reorganisaasje by dy stifting. Twa jier ferlyn organisearre Eeltsje Hettinga tegearre mei Marijke Roskam mei súkses in tsjinfeest yn de Scamele Ruter yn Ljouwert, tagelyk mei it Frysk Boekefeest, foar skriuwers en dichters dy’t gjin nocht hienen oan it tradisjonele feest.

Der is by dit Boeke-BOLsert 2010, dat stipe is troch it Skriuwersboun, mei opset keazen foar in twatalich feest en in programma mei ferskate sjenres en dissiplines.… Lês fierder