Geart Tigchelaar

Das Badezimmer

logo.ensafh

Geart Tigchelaar fytst op dit stuit de wrâld om. Dat jout him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandocht dêr’t de skriuwer/fytser sels in gruttere of lytsere rol yn hat. Hjirby it earste ferhaal.

 

Das Badezimmer

Hie der noch bykomme moatten dat it reinde, mar oars. Hy wie fan ‘e moarn net yn ‘e stimming om te praten, syn beide kollega’s hienen fuort wol yn ‘e gaten dat de pet ferkeard siet. Hans und Peter wienen wer like fleurich as altiten en negearren him mar, se wisten op ‘t lêst wol hoe’t se mei him omgean moasten.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar by de Noardkaap

logo.ensafh

IMG_20160604_171805

Nei sa’n 3000 km en sa’n goeie 30 km út Honningsvåg wei haw ik myn alderearste doel en bestimming fan dizze reis berikt. Dêr’t Sweden mei syn leaflike heuvels suver bernespul wie, wie it lêste stik troch Noarwegen aardich ôfsjen. Nei’t ik in pear dagen besite hân hie mei prachtich waar sloech op de dei fan ôfreizgjen it waar om. Yn twa lange dagen yn rein, snie, hagel en snoeihurde wyn fan Alta nei de Noardkaap fytst. Der wurdt wol sein fan ‘Adventure isn’t always fun’ en dat haw ik merkbiten. It wie domwei op it stjoer bite en trochtraapje. Men hat in bestimming, in punt op de kime en dêr sil men hinne.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Sweden

logo.ensafh

SSA43079
Kampeare yn Sweden is in genot mei’t men fanwegen it Allemannsretten oeral delstrike mei. Sa ha ik al op in soad plakken stien mar dit plakje wie dochs wol útsûnderlik moai. Dat kaam ek troch it feit dat ik my foarnommen hie de middeis frij te nimmen mei’t ik al in wike aardich fytst hie. Ik haw oars net folle dien as wat lêzen en op de steger yn ‘e sinne lein. It moaie waar kin hjir net op en efter elk bosk en heuvel leit wer in nije kime. Dêrom gean ik nei sa’n loaie dei de oare deis wer graach fierder op nei de eastkust en dan omheech nei de Noardkaap, myn earste echte doel.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Denemarken

logo.ensafh

IMG_20160426_083252

http://www.coop-africa.org/nl NL68 SNSB 0906146356 t.n.v. Cycling out of Poverty

Doe’t ik in jier yn Denemarken sitten haw, haw ik in jier lang Deensk leard. Sadwaande kin ik my hjir aardich rêde oangeande de taal. Alle kearen itselde loopke, dat ik ek hjoed wer dien haw mei’t ik yn Horsens wêze moast foar wat dutten en datten. Itselde útsjoch, deselde heuvels, deselde greiden. Alhoewol’t ik it hjir moai fyn en my bêst foarstelle kin dat ik my hjir ea foar in langer skoft nei wenjen sette soe, lokket no benammen wat efter de kime leit. Ik haw ferlet fan hegere heuvels, steiler klimmen en rûgere natoer.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Besprek ‘Een vrouw van ivoor’ fan Johan Veenstra

logo.ensafh

It wûnderlike krusen fan minsken

Johan Veenstra hat mei Een vrouw van ivoor in min ofte mear ferfolch skreaun op syn eardere roman Een brogge van glas (2006). Min ofte mear, om’t de beide boeken ek los faninoar lêzen wurde kinne, sa falt te lêzen op de efterflap. ‘Meensken die in dat boek veurkommen, kommen ok in dit boek veur.’ Neffens my is it wol handich om dy roman lêzen te hawwen, sadat de ferskate relaasjes en ferhâldingen dúdliker binne foar de lêzer.

In neidiel dêrmei is dat de personaazjes yn syn nijste roman al fierhinne útiten binne. Men freget jin net mear sa gau ôf hoe’t it krekt yninoar sit.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

kutsjebef

logo.ensafh

 

by it slikjen fan dyn poes
moast ik ynienen
(net dat ik it woe ofsa)

tinke oan ús mem
sei altiten
mei útslaand lûd
katten bin’ smoarge bisten
dertsjinyn bringend
poezen bin’ o sa
skjin op harsels

gau trochslikjend
betocht ik my
wie it wol faker ûniens mei ús mem… Lês fierder