Simmerskema 2016 ensafh.nl

logo.ensafh

Bêste lêzer,

yn July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde. It earstfolgjende reguliere artikel ferskynt op 13-07-16.

De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.

Redaksje ensafh… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Rita Saliba en Leanne Ellul fan Malta

logo.ensafh

Yn it ramt fan it Kulturele Haadstêd 2018-projekt ‘Poetic Potatoes’ wiene de Malteeske skriuwster Rita Saliba (Pietà, 1964) en Leanne Ellul (Malta, 1989), redakteur fan it Malteeske tydskrift Inizjamed en ek skriuwster, fan 22 oant 25 juny 2016 yn Ljouwert. Ik hold op freedtemoarn de 24e in ynterview mei harren yn Post Plaza. Marc Kooij hat in filmke fan Rita makke.

20160624_121225

Rita Saliba en Leanne Ellul

What did you do in the past days and what are your plans for the rest of the day?
Leanne: ‘One of the main highlights was the poetry performance related to ‘Poetry in Potato Bags’/’Potatoes go wild’ yesterday evening in Tresoar.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Riga

logo.ensafh

Nei de Skandinavyske lannen is it efkes wennen hoe ‘lyts’ oft de Baltyske lannen binne. Men is der samar trochhinne as men der net om tinkt. Mar der om tinke doch ik no krekt wol! Sa’t ik in pear dagen yn Pärnu (Estlân) taholden haw, bin ik no al in pear dagen yn Riga om de stêd op myn gemak te ûntdekken. Mar ek jou ik mysels de tiid foar de skriuwerij en dêr binne biblioteken in útlêzen plakje foar. Men hat der wifi, it is der rêstich, men hat in stopkontakt en men hoecht net perfoarst in bakje kofje te keapjen yn tsjinstelling ta bygelyks in kafee (ik haw altiten myn eigen oploskofje wol by my).… Lês fierder

André Looijenga

Friziski pisatel na Balkanot – diel 2

logo.ensafh

Op dit stuit hâldt André Looijenga yn Bitola ta, yn Masedoanië, yn it ramt fan it ynternasjonale literêre útwikselingsprogramma ‘Other Words’/‘Oare Wurden’. Guon fan syn reisyndrukken publisearje wy dizze simmer yn Ensafh.

Ik woe de stêd wer út. Ik hie trije dagen yn Skopje omspaand, dêr’t it sa hyt wie dat bûten berik fan in airco myn harsens suver oerferhit rekken. No wie ik wer yn Bitola, mar ek dêr wie it waarm. De drokte op ’e terrassen, de auto’s en it bakkende asfalt: it stie my tsjin. Ik moast de heuvels yn.

Súd fan de stêd hawwe de heuvels wat mear skaad, mear bosken.… Lês fierder

Geart Tigchelaar yn Estlân

logo.ensafh

En sa wie ik nei twa en in heale oere op ‘e fearboat sitten te hawwen yn Tallinn oankommen. Nei dêr omsjoen te hawwen (prachtige stêd!) bin ik te gau ôfsakke nei Pärnu. In terjochte skop ûnder de kont haw ik alhiel út Grins wei oer de app krigen mei it sizzen dat ik der hieltiten nei útsjoen hie om Estlân, Letlân en Litouwen te besjen dat ik no net mei kûgelsfeart rjochting Poalen moat. Fandêr dat ik op myn deade gemak Pärnu besjoen haw en ek de tiid nommen haw en drink in bierke op it strân.

SSA43248

Moarn sil ik lykwols, nei’t ik faaks earst wer it strân opsykje sil, rjochting Letlân.… Lês fierder