André Looijenga

Boereroman revisited

logo.ensafh

‘De boeken binne myn troast en segen’, sei de man op ’e rommelmerk yn Appelskea. In rigele rinkjes yn de earen, in bolwurk kettings om ’e nekke, yn motorfest en op klompen, sette de wâldsjer syn kratten ûnder driigjende loften mei soarch werom yn ’e oplizzer. Der sit noch altyd wol hannel yn de âlde boeken.

Okkerdeis haw ik eksamen dien by de Afûk, ynklusyf in mûnling oer literatuer oan ’e hân fan in list fan tsien Fryske boeken fan foar 1945. Mei sa’n lêslist komst ek telâne yn boeken dy’tst oars noait frijwillich opslaan soest. Fan guon boeken ûntdekst dat dyn foaroardiel net terjochte wie, mar der binne ek literêre reputaasjes dy’t oan diggels falle.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (2)

logo.ensafh

Diel 2: Frou Radsma fertelt.

‘Ik bin yn 1902 berne, op de Boekeleane 12, hjir yn Twizel. Wy wiene mei ús fiven, ik hie fjouwer broers, ik wie de jongste. Us heit hat altyd boere-arbeider west, mar ferstoar al jong, op syn njoggenentritichste. Op in dei yn ’e simmer, it wie tige waarm, kaam er net thús fan it lân, it hiele doarp hat om him socht, mar hy lei yn in groppe, bedutsen mei losskuorde tiksels en strewellen. Ik wie der by doe’t se him fûnen. Syn grutte deade eagen sieten fol mei in freeslike eangst, ik sil it nea ferjitte.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Twa utersten

logo.ensafh

Begjin dit jier ferskynden koart nei-inoar twa Frysktalige album-cd’s, nammentlik fan Jacob Laverman: De lady en de boerenlul en fan ’e formaasje Brandewyn: Fammen Fantastiko. Grutter utersten wat kwaliteit fan ’e lietteksten, muzikale ynfolling en artistike foarmjouwing oanbelanget, binne amper te finen.

‘Roegste’ trûbadoer fan Fryslân
De lady en de boerenlul is sjonger-lietsjesskriuwer Jacob Laverman (44) fan Bitgum syn debút-cd. De lêste jierren hat er mei syn karakteristike, heaze sjongstim op poppoadia, yn doarpshuzen en op festivals foaral namme makke as de ‘roegste’ trûbadoer fan Fryslân. Dat syn kwaliteiten yn guon fermiddens lykwols heech oanslein wurde, docht wol bliken út it feit, dat Laverman yn 2015 it festival-foar-nij-talint Aaipop-derop-út wûn.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Jakob van Hoddis

logo.ensafh

Hawwe jo wolris fan de dichter Hans Davidsohn heard? Sa net, dan faaks al fan syn pseudonym, in anagram fan syn namme: Jakob van Hoddis. Van Hoddis (1887-1942) is benammen bekend wurden troch syn gedicht Weltende, dat er yn 1911 yn it tydskrift Der Demokrat publisearre. Van Hoddis hie der daliks grut súkses mei, yn lytse literêre rûnten fansels. Nei oanlieding fan dit fers waard de dichter as paadsljochter fan it betide ekspresjonisme sjoen. Yn Berlyn wie Van Hoddis ien fan de oprjochters fan it ‘Neopathische Cabaret’ (1909). In prachtige namme fansels, mar ek wat makaber, sjoen it feit dat by Van Hoddis yn 1912 har de earste ferskynselen fan skizofreny foardiene.… Lês fierder

Jelma Knol

Besprek ‘Lytse Protter’

logo.ensafh

Dichteres Baukje Wytsma en yllustratrise Yke Reeder hawwe in prachtboekje mei bernegedichten makke mei de titel Lytse Protter. Yn koarte, ienfâldige ferskes wurdt it ferhaal ferteld fan in jonkje en famke dy’t in broerke of suske krije, de lytse protter. Oant safier de ferlytsingswurdsjes.

De sfear fan de gedichten is ôfwikseljend optein of leaf, tear en yntym. Baukje Wytsma skriuwt oer in oersichtlike, lytse wrâld dêr’t positive gefoelens yn oerhearskje. Sa heart dat ek yn in kadoboek oer dit ûnderwerp. Jo kinne mei in bern op ’e skurte de ferskes foarlêze en tagelyk de prachtige plaatsjes fan Yke Reeder besjen.… Lês fierder

Sipke de Schiffart

Unk yn Utert

logo.ensafh

it stopljocht stie op read,
dochs woe in frou
noch gau efkes de strjitte oerstekke

kôgjend op in stikje kaugom,
in lytse poppe mei tinne hierkes
yn in doek foar it liif

in meter fierder, noch gjin tel letter,
sloech in dûbelliddige stedsbus
harren mei faasje tsjin de strjitstiennen

twa miggen yn ien klap,
tocht de misantroop
lyk efter harren op ’e stoepe

hy stie dêr te wachtsjen
en hie mei syn foarse stal
har útsicht behindere

doe stiek er sels oer,
al wie de strjitte withoe read,
it stopljocht stie op grien… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Sinneûndergong / Sonnenuntergang

logo.ensafh

 

Sinneûndergong

Wêr bisto? Dronken skimert de siele my
Fan al dyn sillichheden; want krektlyn is ’t,
Dat ik fernaam, hoe’t, gouden toanen
ryk, it sa hearlike sinnefeintsje

Syn jûnich liet op himelske liere puond’;
En rûnom klonk it fan bosk en hichte nei.
Dochs fier is er nei fromme folken,
Dy’t him noch earje, syn wegen gongen.

Oersetting: Piter Boersma

*

Sonnenuntergang

Wo bist du? trunken dämmert die Seele mir
Von aller deiner Wonne; denn eben ists,
Daß ich gelauscht, wie, goldner Töne
Voll, der entzückende Sonnenjüngling

Sein Abendlied auf himmlischer Leier spielt’;
Es tönten rings die Wälder und Hügel nach.… Lês fierder