Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Sweden

logo.ensafh

SSA43079
Kampeare yn Sweden is in genot mei’t men fanwegen it Allemannsretten oeral delstrike mei. Sa ha ik al op in soad plakken stien mar dit plakje wie dochs wol útsûnderlik moai. Dat kaam ek troch it feit dat ik my foarnommen hie de middeis frij te nimmen mei’t ik al in wike aardich fytst hie. Ik haw oars net folle dien as wat lêzen en op de steger yn ‘e sinne lein. It moaie waar kin hjir net op en efter elk bosk en heuvel leit wer in nije kime. Dêrom gean ik nei sa’n loaie dei de oare deis wer graach fierder op nei de eastkust en dan omheech nei de Noardkaap, myn earste echte doel.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Ulke Brolsma

logo.ensafh

‘Yn myn nije boek komt nei foaren dat der in ferrieder west hat yn it Grouster ferset.’

Ulke Brolsma (Grou, 1943) folge de oplieding foar ûnderwizer oan de kweekskoalle op It Hearrenfean en dêrnei de skoalle foar sjoernalistyk yn Utert. Brolsma oppenearre him op lettere leeftyd as skriuwer. Hy begûn mei it skriuwen fan in koart ferhaal ‘It hûs’, dat yn juny 1999 publisearre waard yn it literêr tydskrift Trotwaer. Yn 2000 krige er de Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Ioana’. Dit ferhaal waard yn 2001 folge troch in ferhalebondel mei deselde titel. Yn 2006 ferskynde Een slagje hier en daar: De tsiendeiske fjildtocht fan Hessel Brolsma, in dokumintêre roman oer syn oeroerpake.Lês fierder

Marcel Plaatsman

Allegearre snie

logo.ensafh

Wat moat in minske no eins mei snie? It sjocht der moai út fansels, mar ast der trochrinst krijst wiete fuotten en it rint ek net goed troch, it sjit net op. In „speurdersroman” dy’t fan Allegearre snie hjit kin wat dat oanbelanget in swiere dobber wêze: allegearre moaie dingen om nei te sjen, mar gjin kâns om der troch te kommen, net foarút en net de djipte yn – sa ûngefear wie myn ferwachting doe’t ik oan Meindert Bylsma syn boek begûn.
It foel net ôf, it earste part fan myn ferwachting kaam út: der stean in protte moaie dingen yn it boek, moaie sinnen, de taal wie lykas snie: oeral kamen de wurden wei, de sprektaal hat Bylsma ynspirearre mar min Frysk wurdt it nea.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (1)

logo.ensafh

Arjen van Tuinen

Okkerdeis ûntduts Arjen H.P. van Tuinen (1978-2014) – hy waard troch kenners as ien fan de meast ûnthjittende jonge ûndersikers op it mêd fan de Fryske literatuerskiednis sjoen – by frou Radsma fan Twizel in tin steapeltsje brieven fan Simke Kloosterman oan har (doe noch) ferloofde Douwe Kalma. Dizze brieven hiene, sa wie ommers de wil fan Simke, eins ferbaarnd wurde moatten.

Ik lit no Van Tuinen oan it wurd. De teksten binne oernommen fan syn besletten weblog, dat nei syn ynstoarting spitigernôch troch de famylje út ‘e loft helle is. Dat blog wie mar foar in hantsjefol minsken tagonklik.… Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

De Ferlosser

logo.ensafh

 

……………………………
Stean net swak

Stean net trochsichtich

Sjoch de hâldster fan it faaiefjoer

It kâlde kring

Sûget it bloed út dyn ieren en de azem út dyn longen. Sûget de triennen út dyn eagen en stekt har kâlde tonge yn dyn mûle. Triuwt de fingers fan har kâlde kloeren troch dyn hûd. Har azem skitteret as iiskristallen yn dyn noastergatten. Wurden hingje kâld yn de loft. Deade snie.

De Duvel

In wytling

Mei swart hier listwurk

Balkaneeske eachopslach poerswart

Kjeld smel mûltsje dat seit: “Ik hâld net fan swakke minsken.”

Wier

Ik stean swak

Ik stean trochsichtich

Myn neaken lichem tekenet skerp skaad op de swarte flier fan de galge fan de Hel.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Denemarken

logo.ensafh

IMG_20160426_083252

http://www.coop-africa.org/nl NL68 SNSB 0906146356 t.n.v. Cycling out of Poverty

Doe’t ik in jier yn Denemarken sitten haw, haw ik in jier lang Deensk leard. Sadwaande kin ik my hjir aardich rêde oangeande de taal. Alle kearen itselde loopke, dat ik ek hjoed wer dien haw mei’t ik yn Horsens wêze moast foar wat dutten en datten. Itselde útsjoch, deselde heuvels, deselde greiden. Alhoewol’t ik it hjir moai fyn en my bêst foarstelle kin dat ik my hjir ea foar in langer skoft nei wenjen sette soe, lokket no benammen wat efter de kime leit. Ik haw ferlet fan hegere heuvels, steiler klimmen en rûgere natoer.… Lês fierder