Jelma Knol

‘In nije heit’ is te werkenber

logo.ensafh

 

In nije heit fan Thys Wadman is in berneboek dat jin as besprekker foar in dilemma stelt. Gerke, de haadpersoan fan dit boek en ik-ferteller, is in jier of njoggen, tsien en autogek. Hy wit álles fan auto’s. It moaiste momint fan de dei is ‘de fraach’. As syn mem him op bêd bringt moat se him in fraach stelle út syn autoplakboek, leafst in sa lestich mooglike fraach. Mar flak foar syn jierdei hat er ynienen in oare winsk. Hy wol in nije heit, in ferfanger foar de ôfwêzige man dy’t folslein gjin belangstelling foar syn jonkje hat en allinne mar wat nocht belibbet oan syn hobby: fiskje.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

kutsjebef

logo.ensafh

 

by it slikjen fan dyn poes
moast ik ynienen
(net dat ik it woe ofsa)

tinke oan ús mem
sei altiten
mei útslaand lûd
katten bin’ smoarge bisten
dertsjinyn bringend
poezen bin’ o sa
skjin op harsels

gau trochslikjend
betocht ik my
wie it wol faker ûniens mei ús mem… Lês fierder

Jelma Knol

Miserere Domine

logo.ensafh

It koar song netsjes, puollemuolke de resinsint fan de LC en DvhN keken. Netsjes! Komselden makke ik sa’n beladen útfiering fan J.S. Bach syn Matthäus Passion mei as op tiisdei 22 maart yn De Harmonie. It publyk applaudisearre net, earst nei in minút of mear stilte kaam stadichoan it klappen op gong, sûnder de hystearyske bravoroppers dy’t har oars sa graach oppenearje.

Wy harken nei it Estonian Philharmonic Chamber Choir, it wrâldferneamde koar dat faak de nijste wurken fan Arvo Pärt en oare hjoeddeiske ortodoks-kristlike komponisten út East-Europa útfiert. Dat wie ophimsels al bysûnder. Wa’t witte wol hoe’t muzikale kreativiteit gedije kin ûnder besettings en diktatueren lêze Baltische Zielen fan Jan Brokken.… Lês fierder

William Butler Yeats, Eric Hoekstra

By William Butler Yeats: Peaske 1916

logo.ensafh

Peaske 1916 giet oer de gewelddiedige dea fan fjouwer Ieren dy’t troch de Ingelsken deasketten waarden. Dat is no hûndert jier ferlyn en wurdt yn Ierlân op grutte wize betocht. Ien fan dy fjouwer “martlers” wie de man dy’t mei Maud Gonne troude. Maud Gonne wie Yeats syn muze, de frou dy’t er jierrenlang yn syn gedichten besongen hie. Dat Yeats ferlear it fan syn konkurrint yn ‘e leafde, McBride. Oer de man dy’t mei syn muze troude skriuwt Yeats yn it gedicht dat hjir oerset is:

Oan dy oare hie ik gjin nocht,
dat wie in sûpert en in blast.Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 33 (it lêste)

logo.ensafh

 

Feuilleton

33

Se joegen har del op in terras oan it plein by de Grutte Tjerke en namen beide in bierke.
‘Ik ha nea witte wollen,’ sei Seleina, ‘wat der letter yn ’e kranten stien hat.’
‘Nei de earste opskuor allinne mar koart dat der gjin spoaren fûn wiene. Dêrnei in pear kear dat de polysje noch gjin fertochte op it each hie en by eintsjebeslút, dat it sykjen nei de dieder op in sêft sin set wie.’
‘Ha der nea spekulaasjes west?’
‘Fansels wol. En der kaam ek praat dat er net fan famkes ôfbliuwe koe. Mar it is deablet.’… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Tsien bysûndere bibelske balladen

logo.ensafh

Ein 2015 binne twa foar de ûntjouwing fan ’e Frysktalige folkmuzyk wichtige elpees fan Roel Slofstra foar ’t earst as cd útbrocht. It is te rêden om Slofstra syn debút-skiif In spyltuech bin ik en syn tematysk dêrby oanslutende fyfde elpee It goede libben. Dy lêste hat as cd-titel De Skepping krigen.
Op beide lûddragers stean allinne mar bibelske teksten fan Fedde Schurer (1898-1968) út dy syn bondel De gitaer by it boek (1969). As men nei de tsien dúdlike balladen op ’e neamde skiven sjocht en harket, wurdt helder, dat de kombinaasje Fedde Schurer-Roel Slofstra ek hjoed-de-dei, in lytse heale iuw nei dato, noch altyd ‘wurket’.… Lês fierder