Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Geart Tigchelaar

logo.ensafh

Geart Tigchelaar: ‘Je hearre wol dat it allegear sa slim is yn ’e wrâld en dat it allegear op ’e kop ferkeard komt, mar ik leau wol dat de mins yn ’e kearn goed is, en ik bin benijd om dat sels te ûnderfinen.’

Geart Tigchelaar (Dokkum, 1987) is opgroeid yn Damwâld. Hy hat Fryske taal en kultuer studearre oan de Universiteit yn Grins. Aldfrysk fûn er ien fan de moaiste fakken. Neitiid helle er ek syn bachelor foar dosint Nederlânsk oan NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Yn syn studintetiid yn 2007 rjochte er yn ’e mande mei trije meistudinten stúdzjeferiening Skanomodu op.Lês fierder

André Looijenga

Nee, dizze kop is net yn sabeare Dútsk

logo.ensafh

It is Hollânske boekewike, dat in goede reden om in Frysk boek te keapjen en dêr in fergees treinkaartsje as Hollânsktalich geskink by te krijen. En sa’t jo grif meikrigen hawwe, is ‘Dútslân’ it tema fan dy Hollânske boekewike. Sels lês ik Dútsers folle leaver yn it Dútsk oars. Ik soe jo graach wat nijsgjirrichs oanriede wolle yn dy eastlike buortaal, mar it heucht my hoe’t ik fan ’t simmer by de Van der Velde yn Snits it heale kastke mei ‘Deutsche Bücher’ beseach: allinnich in pear oersette Skandinavyske thrillers foar toeristen dy’t troch har fakânsjelektuer hinne binne. Dútske literatuer is by jo yn Fryslân yn ’e winkel dochs net te keap, bin ik bang.… Lês fierder

Rein de Lange

foarmen fan letter

logo.ensafh

 

op it lege strân hearde ik in bern
laitsjen, ús soantsje smiet wer
boartlik in bal omheech

do kaamst derby
sloechst dyn earm
leafdefol om my hinne

ik seach dyn langst
de jonge dy’t dyn oanwêzigens
net opmurk, rekke betize

yn it letter dat wy sels foarme hiene
in fersplintere libben
elk op syn eigen paad… Lês fierder

Jelma Knol

In earlik jongereinferhaal

logo.ensafh

Besprek fan De deikoersen fan Remco troch Bart Kingma

De deikoersen fan Remco is in young adultboek fan Bart Kingma oer Remco, dy’t prof wurde wol yn de hurdfytserij. Oan dy dream komt in ein as Remco yn july 2015 tsjin in beam oanknalt. De senuwen yn syn rêch binne fernield, hy leit yn it sikehûs en letter thús op in bêd foar it rút yn de foarkeamer. Besite krijt er hast net, de dochs al net sa geweldige relaasje tusken syn heit en mem wurdt hurd minder. Yn deiboekfoarm docht er syn relaas, oer syn hope dat er noch prof wurde kin en de tsjinslaggen dy’t er dêrby ynkassearje moat.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Max Jacob: in ynlieding

logo.ensafh

Al in moai skoft fassinearret my de Frânske dichter en skilder Max Jacob (1876-1944). Ynearsten net iens sasear, moat ik tajaan, fanwegen syn keunstsinnige uteringen, mar benammen de biografy fan dizze aparte man luts my oan. Dêr sit wol in boek yn, sa tocht ik – dat hawwe oaren lykwols al dien.

Max Jacob

De data dy’t by Max Jacob syn libben hearre: berne 12-07-1876 yn Quimper (Bretanje) en stoarn 05-03-1944 yn in ynternearringskamp fan de nazi’s. Jacob wie fan Joadske komôf. Ik hoech hjir net alles fan Wikipedia te werheljen.

Wat lûkt my no sa oan yn Max Jacob? No, dat sil ik jo sizze.… Lês fierder