Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (6): Ljouwert, City of Literature

logo.ensafh

Sûnt novimber 2019 is Ljouwert City of Literature, in titel takend troch de Unesco. Wy binne no hast fjouwer jier fierder. Wat hat dizze beneaming eins opbrocht?
Litte wy ris saaklik úteinsette: Ljouwert City of Literature (tenei CoL) hat in jierbudzjet fan 400.000 euro, hast in heal miljoen dus. Dat is mienskipsjild, en sil foar in wichtich part bestean út leankosten foar de meiwurkers.

CoL is de opfolger fan Lân fan taal, it projekt dat him, ûnder lieding fan Siart Smit, net al te bot bekroade hat om de Fryske taal en literatuer.

Ik rin eefkes in pear projekten del:
It literatuerbankje.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Bokkepoatsjes

logo.ensafh

Tsien minuten letter stie ik wer by de kassa. Want ik hie de bokkepoatsjes ferjitten. Ik mei alhiel gjin bokkepoatsjes. Mar ja, myn oare helte fynt se hearlik. Dat sadwaande.
Der stiene twa froulju foar my, beide de karre grôt- en grôtfol.
De iene hie in koart, ôfknipt spikerbroekje oan dat, sa’t myn skoanmem sizze soe ‘de skamte amper bedekke koe’. En se hie der in pear alderaaklikst hege hakjes by oan. De oare stie op rôze sneakers, mei in read learen rokje derboppe. In kombinaasje dy’t ik ek sa gau net betinke soe.
Ik stuts myn bokkepoatsjes opfallend yn ’e hichte.… Lês fierder

Martsje de Jong

Moai yn ’e prizen

logo.ensafh

In pear jier lyn skreau ik in kollum yn de Ljouwerter Krante mei deselde titel as hjirboppe stiet. Net botte orizjineel dus, mar och, as der earne prizen te fertsjinjen binne, is der sekuer ek wat te seuren en sadwaande ek wat te skriuwen. Hielendal as it om literêre prizen giet, want wêr’t de iene jûchheiend op social media de winst omtoeteret, dêr ferskynt fan de oare in grimmitich stik oer sjueryleden dy’t der neat fan begrepen ha.
Dat lêste wol my wol oan, dat tocht ik fan ’t jier ek by it bekendmeitsjen fan de Rely-winners, bygelyks. Want lit ús earlik wêze, ik hie dêr ek by sitte moatten.… Lês fierder

Jemke Visser

Weromsjen

logo.ensafh

Miljarden en miljarden jierren lyn ûntstie it hielal út de Oerknal. Hoe’t dat krekt om en ta gie en wat der dêrnei barde is noch altyd net dúdlik. Dat probearje se no út te finen. In hiele gerêststelling, oars bliuwe je der mar oer pikerjen en hâldt it je miskien út ’e sliep.
It hâldt lykwols in kear op om hieltyd mar gruttere teleskopen te bouwen, sizze de gelearden.
De saneamde ‘waarnimmingsgrins’ wurdt oait berikt en dat betsjut de ein fan ’e kosmology en miskien sels wol fan de hiele kosmos. Mar ek dat duorret noch gâns miljarden jierren, dus tiid genôch om it gers te meanen.… Lês fierder