
stietst dêr ynienen
ik wie yn in opstiging
mar dêrmei o sa wolkom
as fykjend yn in swolm
mei dêrachter yn it neonljocht
heite, noait hie ik tocht
dat de febo it dekôr soe
fan dit leafdesgedicht… Lês fierder
stietst dêr ynienen
ik wie yn in opstiging
mar dêrmei o sa wolkom
as fykjend yn in swolm
mei dêrachter yn it neonljocht
heite, noait hie ik tocht
dat de febo it dekôr soe
fan dit leafdesgedicht… Lês fierder
Jan Kleefstra hat in relatyf grutte bekendheid as performer. Dat docht er in soad yn ’e mande mei broer Romke yn it projekt Tsjinlûd. Mei dat projekt binne ek oare dichters en muzikanten anneks. In oar projekt wat dêr út fuortkommen is, is Klanklânskippen, in multymediaal barren mei Japanske filmmakkers. Dêrmei hawwe se ûnder oaren op it Media Art Festival yn de Westertsjerke, oftewol it âlde Poppodium Romein, yn Ljouwert optreden. Mar ek hawwe se mei Klanklânskippen yn Rotterdam en Nijmegen stien.
Kleefstra dichtet sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Hy docht dat it leafst yn it Nederlânsk, mei’t dat fierder fan him ôfstiet en dêrmei minder tichtby komt.… Lês fierder
Myn bewustwêzen kaam as in sêft streamke wer yn myn holle. It wie noch swart om my hinne, mar dat kaam om’t ik de eagen ticht hie. Troch in skreefke liet ik stilwei it kâlde ljocht op it netflues falle. Myn linkereach wie hielendal opsetten. De kop bonkte my as waard der allegeduerigen mei in stoarmram tsjin myn efterholle beukt. It ljocht wie mar kwealik te fernearen, mar ik seach in lyts hokje mei heech oan ’e wand in finster. Sa te fernimmen lei ik op in bêd, in wc yn in hoekje mei dêrnjonken in taffeltsje en in stoel. Ik hie genôch films sjoen om te witten wêr’t ik wie, dat ik die gjin muoite om de stielen doar te besykjen.… Lês fierder
hy ljochtet
op
sa’tst ’m út it gers pakst
mei strimen yn ’e hals
hie ik ’m kokhalzjend
fuortsoald
*
Dit is in foarpublikaasje út de dichtbondel leech hert yn nij jek dy’t begjin 2016 by Hispel ferskine sil.… Lês fierder
De dichter Elmar Kuiper komt nei granytglimkes (2011) – dêr’t okkerdeis in twadde printinge fan ferskynd is – mei in netsjes fersoarge nije bondel, hiemsiik. De bordeaux-reade kleur fan it omkaft lit jin oan in psalmboekje tinke. It binnenwurk is ienfâldich en hat in kreaze opmaak en in moai lettertype. Bloedreade siden dy’t in nij skift oanjouwe en trije tekenings fan Sjoukje Idema dêr’t Kuiper de gedichten apart foar skreaun hat, sa lei er út op ’e presintaasje.
Syn earder wurk oereidzjend kin der maklik sein wurde dat Kuiper in man fan klank en ritme is. Dêrby jout er bylden, bylden dêr’t de lêzer net altiten ien, twa, trije in knoop oan fêstknope kin.… Lês fierder
Besprek Pier: De profesij fan bline Simen troch Willem Schoorstra
In nije histoaryske roman fan de skriuwer Willem Schoorstra. Dan mei men der fanútgean dat it kwaliteit en djipgong hat. Oangeande fersoarge styl, ferhaalstruktuer, mar ek in deeglike histoaryske ûnderbouwing. Dat wie mei Rêdbâd: Kronyk fan in kening (2011) sa en mei Pier: De profesij fan bline Simen is it net oars. Yn it besprek oer Rêdbâd haw ik dat Schoorstra syn magnum opus neamd. It boek oer Pier Gerlofs, bekender mei de bynamme Grutte Pier, komt dêr ek maklik foar yn oanmerking. It is minder epysk – dêr’t ik sa’n wurd om sis – as dat oer Rêdbâd, mar de figuer fan Pier lient him ta mear psychologyske útdjipping.… Lês fierder
skrollend seach ik alles
kaam my foarby
dat ik in sket winne koe
mar man wat moat ik dermei
boartsjend yn de grutte wrâldtún
nûget my mei in breder wurdend medias res
elke stap tichter by
tik ik dûbele punt
oanhellingstekens sitearjend
drink klisjees út lekke termoskanne
myn kramtriedburo efternei… Lês fierder