Willem Winters

Loos’ alarm

logo.ensafh

Yn desimber is der altyd in soad te genietsjen. Yn ’e winkels lizze spullen dy’t de rest fan it jier net oanbean en net brûkt wurde. Yn elk hûs brâne de ljochtsjes yn ’e beam en lâns de finsters. Hiele beammen wurde fan ljocht foarsjoen. En nim dy prachtige stâltsjes fan Bethlehem, fan hiel lyts ta libbensgrut, mei echte bisten.
En dan haw ik sinterklaas noch oerslein. Dy docht der sines ta.  Sa’n weelderich burd hat gjin moslim, s’an mantel en stôk hat gjin roomske prelaat. En âld en nij komme noch.
Mar tink ik, wat soe Adolf Loos [1817-1933]- ik hie krekt in boek fan him lêzen Wie man eine Wohnung einrichten soll – ± 1898 ] – dêr fan fine?… Lês fierder

Willem Winters

Boekhannel

logo.ensafh

It is myn wurk net, hannelje. Yn wat dan ek, it slagget my net. Ik wurd der senuweftich fan, komme der wol klanten, reitsje ik de brut wol kwyt. Nettsjinsteande myn huver foar hannel haw ik dochs in boekwinkeltsje iepene. [Perio] Op www.boekwinkeltjes.nl kinst sykje nei twaddehâns boeken, foar in grut part oanbean troch partikulieren. It kostet mar in pear sinten om jins boeken ûnder de oandacht fan de lêzers te bringen.
Ik meitsje der faak gebrûk fan, as lêzer. Do komst op plakken wêr’tst nea sykje soest. Ferline wike krige ik byglyks nei jierren einlings Bokke Heidehipper en de Wâldmantsjes te pakken.… Lês fierder

Willem Winters

It blikje

logo.ensafh

Och, wat die my dat goed, dat blikje sa grut as it blikje fan de leverpastij. It stie yn in fitrine, op in plak dêrt it hielendal net opfoel. It wie dat ik net hastich wie en alles stik foar stik besjen woe, dat ik it seach. Ja werklik it wie it ferneamde blikje. It seach der wat teheistere út. Echt in âld blikje. Sjoen yn it Weser Museum yn Bremen.
Oer hokker blikje ha wy it? It blikje mei ‘poep fan de keunstner’, fan Pierre Manzoni. 90 blikjes á 30 gram makke er. Foar my hat dit blikje likefolle te betsjutten as Duchamp syn pisbak.… Lês fierder

Willem Winters

Das Kapital

logo.ensafh

Ik haw my fersind. Boeken dêr’t ik fan tocht dat se wol wat wurdich wurde soene – sa as dy tinkskriften fan Pieter Jelles Troelstra, de rige fan W.H. Vliegen, De socialisten, Personen en stelsels fan H.P.G. Quack ensfh. in ynfestearring foar letter?
It pakt hiel oars út. Dy boeken binne no de helte guodkeaper as yn de jierren 70-80, doe’t ik se kocht.
Ik hie der better oan dien en sammelje guodkeape strips as Tex Willer – koste in ryksdaalder it stik yn 1979 en no jilde guon numers €60,- en kwartsjeboeken. Samlers fjuchtsje derom. Kosten dy yndertiid mar in kwartsje, no wurde se oanbean op ynternet foar € 5 oant € 10.… Lês fierder

Willem Winters

Kongo

logo.ensafh

Miljoenen Kongolezen hat er deade, hannen en fuotten ôfhakt of oars tramtearre. Dat resultaat stiet op namme fan Leopold II, kening fan België 1835-1909, dy’t de Kongo as privee-eigendom útrûpele.
Sels hat er nea yn de Kongo west, net iens yn Afrika. Hy stjoerde dêr sa syn mantsjes hinne dy’t it smoarge wurk dwaan mochten. Sels de ferneamde Britse Afrika-reizger Stanley wist er foar him yn te nimmen.
Ferline jier lies ik in boek *) oer dizze swarte side fan de Belgyske skiednis. No woene wy mar ris nei de restanten fan dit bewâld, yn Tervuren, by Brussel.
Der stiet in ûnbidich museum, earder it Koloniaal Museum neamd, no it Afrika Museum.… Lês fierder

Willem Winters

Trelers

logo.ensafh

Sjoch, sjoch! Annek skrikt fan myn razen. Sy rydt en ik hâld de rûte by. Underweis nei de Pyreneeën.
Foar ús rydt in Blue Water! Mar earst mei in foto fan ’e sydkant kin ik myn stikje oer de typografy op trelers & oplizzers dien meitsje.
It begûn sa’n tweintich, fiifentweinich jier tebek. Yn in krante lies ik in stikje oer de lange linen dy’t op treler & truuk kombinaasjes oanbrocht waarden. Diagonaal oer de trúk, lange line[n] oer de treler. It waard in hiele hype, sokke strepen dy’t snelheid suggerearje. Ik wie noch materiaal oan ’t sammeljen, en doe ûntstie der al in nije trend: trelers mei tekst.… Lês fierder

Willem Winters

De jongerein

logo.ensafh

Wy moasten hinne en werom nei De Haach. Om de lange rit te ferbrekken sochten wy in kemperplak om te oernachtsjen. Bij Gorkum wie ien, in parkearplak oan it wetter. En wrachtich it wie in skoander plakje. Alle romte, útsjoch op ’e Merwede en de skipfeart, in strân en in terras. It koe net better.
Doe kamen der keboeng-keboeng auto’s, earst in pear, doe mear en mear. It moatte der wol hûndert west hawwe. It gie troch oant djip yn ’e nacht. De iene wie spesjalisearre yn hurd achterútride, in oar yn mei rikjende bannen fuortstowe en in tredde yn bochtewurk.… Lês fierder