Piter Boersma

Molwrot 31

logo.ensafh

Feuilleton

31

It wie harren twadde dei yn Epen, dêr’t se útfanhuzen yn herberch de Smidse oan ’e súdkant fan it doarp, in âld, ienfâldich hotel mei keamers sûnder fasiliteiten. It stie op ’e skeante fan it Geuldal, sadatst fan it terras ôf in moai útsjoch hiest. Troch de beammen en it weagjende lânskip seachst de Geul dêrwei trouwens net, no ja, flakby skimere der wat fan tusken de beammen troch dêr’t er even nêst de dyk streamde. Catrinus kaam der alle jierren in pear kear en hie der op oanstien dat se dêr no ek tegearre in keamer nimme soene.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Nanne Kalma 50 jier muzikant én liettekstskriuwer (1965-2015)

logo.ensafh

2015 wie in jubeljier foar Nanne Kalma (66) fan Burgum. Hy koe net allinne syn 50-jierrich jubileum as muzikant fiere: mei de troch him yn 1975 oprjochte Frysktalige folkgroep Irolt koe er ek in stikmannich útferkochte reunykonserten jaan. Boppedat kamen fan Irolt alle sân, tusken 1975 en 1985 ferskynde, elpees as cd út. Reden foar Omrop Fryslân-telefyzje om op 8 novimber 2015 in dokumintêre oer Nanne Kalma en ’e skiednis fan ‘syn’ groep Irolt (opdoekt yn 1987) út te stjoeren. Yn dy, fierder fakkundich makke, dokumintêre binne in pear wichtige ‘fasetten’ fan Nanne Kalma syn muzikantskip, lykas syn grut tal bydragen oan it Esperanto-lieterepertoire, ûnderbeljochte bleaun.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Tsjisse Hettema

logo.ensafh

‘Ik fyn it moai om achterôf te sjen hoe’t dingen yn dyn libben yninoar gripe.’

Nei de middelbere skoalle studearre Tsjisse Hettema (1955, Bitgum) twa jier Ingelsk yn Grins en hy die dêrnei de stúdzje MU Frysk. Hy gong yn 1996 as frijwilliger oan ‘e slach by it Frysk Letterkundich Museum en krige dêr nei in skoft in fêste baan as dokumintalist foar it byld- en lûdsargyf. Hettema begûn as skriuwer fan koarte ferhalen, dy’t publisearre waarden yn Trotwaer en Hjir en de jongereinbondel Skroei. Dêrnei is er oerstapt op it skriuwen fan gedichten. Yn 1995 joech er yn eigen behear syn dichtbondel Tsi Tsi út.Lês fierder

Oprop poëtyske dialooch mei Fryske dichters

logo.ensafh

Oprop

Earder dit jier melde Edith Lomovasky-Goel har by Ensafh. Se is in Argentynske, dy’t wennet yn Israël. Se hat koartlyn yn Fryslân west en is ûnder de yndruk fan it lân en de minsken. Se wol graach in poëtyske dialooch mei Fryske dichters. It idee is dat de Fryske dichter in pear fan har gedichten oerset yn it Frysk, en dat sy in pear gedichten fan ’e Fryske dichter yn it Spaansk of Hebriuwsk oerset.
Se is ek dwaande mei in artikel oer Fryslân foar har site: https://literaturasyperiferias.wordpress.com/.
Sjoch foar foarbylden fan oersettingen: http://centrodetraduccionliterariarecipr.blogspot.co.il/.
Biografyske ynformaasje: http://artgallery-edithlomovasky.blogspot.co.il/.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Desimber 2015

logo.ensafh

Dizze rubryk sil him tenei beheine ta Frysk-literêre publikaasjes en sekundêre boeken oer Frysk-literêre ûnderwerpen. Oersettingen yn it Frysk en publikaasjes yn in streektaal komme fansels ek oan bar.

Op- as oanmerkingen en oanfollingen kinne jo kwyt troch te reagearjen ûnderoan dizze side.

 

Poëzij

 

Sytse Jansma
‘as nomaden yn tinten teplak – als nomaden in tenten terecht’
Afûk, Ljouwert, 2015
ISBN 9789492176004
Ferkeappriis € 17,50

Sytse Jansma (1980) is dichter, filmmakker en dosint. Yn 2008 debutearre hy mei de bondel ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’. Yn ‘as nomaden yn tinten teplak – als nomaden in tenten terecht’ ferkent Jansma de grins tusken it libben sels en de poëzij.… Lês fierder