Jacobus Q. Smink

wat dochst sa deis

logo.ensafh

 

as bart der nachts neat,
is der oerdeis in oseaan
fan ferfeling en tiid, ja
eigen baas is wat der mei giet

mar lis dat mar ris út
oan ien dy’t te stûf foar god
arbeidet, foar it slyk
fan d’ ierde en de hege dyk

nei de nijsgjirrige nacht
earst kofje en krante, in ein
iisbeare mei de kop foardel

dan de dyk út mei fier
de holle heechop de wyk yn
en winkelje, mei fan god… Lês fierder

Willem Winters

Sinees

logo.ensafh

Prachtige foto! Twa Sineeskes mei Nijntjes. Wat is der mei dy foto dat ik der wer en wer nei sjen moat? Se sille wol tige sekuere ynstruksjes krigen ha. ‘Der komt in kening op besite.’ Keningen ha se al lang net mear yn Sina. Dit is in bytsje oare kening. Hy giet yn ’e hoksen foar dizze bern. De jonge swalket, it famke sjocht beteutere en se lykje beiden ferjitten te wêzen wat se mei dy Nijntjes oanmoasten. Moasten se dy oan de kening jaan of krekt net?

Wêr is dizze foto makke? It rút is mei izerwurk befeilige. Yn it glês fan ’e doar sit ek wapening.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 30

logo.ensafh

Feuilleton

30

Seleina skille mei Alexander.
‘It is fierwei it bêste datst weromgiest.’
‘Wat bedoelst?’
‘Nei Belgrado.’
‘En it skoft mei dy mar beskôgje as in yntermezzo?’
‘Wêrom net?’
‘Dat befrediget my net.’
‘Op Peaske-eilân ha ik dy rêde moatten. It is net feilich genôch mei dy.’
‘Ik gean net werom, alteast net op sa’n wize. Ik ha foar dy ien fermoarde. Wy komme net mear los faninoar. Ik fertrou dy en do fertroust my.’
‘Dan bliuwsto yn Parys en sykje ik dy dêr wol op. Wy sjogge it in skoftke oan.’
Nei it telefoanpetear stelde Alexander foar himsels fêst, dat er, sa’t er al tocht, net mear feilich wie foar Seleina.… Lês fierder

Bartle Laverman

op it matsje

logo.ensafh

 

stel M. wie in moanne letter
stoarn
hoe hie er syn Requiem
dan ôfmakke
wie it al klear
yn ‘e kop?
wêrom mocht er it
net even delskriuwe
wat binne dy pear dagen no
op in ivichheid
ferdomme
kin ek wol janke
om al dat oare wurk
dat der net kaam is

wêr is dat bedarre !?

sa by ús
dy net-skreaune roman
fan Tr.

wat binne dat foar grappen!… Lês fierder

Hidde Boersma

De Kategoaryske Spagaat

logo.ensafh

De bollesesjes

De Kategoaryske Spagaat

“Hannelje allinne neffens dy maxime (prinsipe/regel), dêr’tst fan wolst dat it in algemiene regel wurdt.”
Immanuel Kant

Yn in klasselokaal lieten twa leave fammen oan de hân fan it folgjende foarbyld – by fersin fansels – sjen dat de Kategoaryske Ymperatyf net te brûken is as paadwizer yn morele dilemma’s – it doel dat Immanuel Kant dermei foar eagen hie.

Truus, Trien en Jelle binne befreone. Truus en Jelle hawwe ferkearing. Op in jûn geane Truus en Trien tegearre nei in feest. Jelle moast wurkje en giet net mei. Truus en Trien hawwe it tige gesellich mei in groepke jongfeinten en as Trien op in stuit weromkomt fan ’e húskes sit Truus yn in hoekje te tútsjen mei ien fan ’e jonges.Lês fierder

Forina van der Zee

Drie euro

logo.ensafh

‘Hou die 20 sint maar.’

‘Dankewel mefrou. ’

‘En mâg ik dij ’n bakky koffy anbiede?’

‘Sorry?’

‘Wilst meskien ’n bakky koffy fan my hè. ’t Mâg ok wat âns weze, hoor.’

‘Ik bin an ’t werk.’

Oké, dan nimst gyn bier of wyn. Poeiermelk of thee is ok wat âns.’

‘Ik bedoel meer, dat ik hier niet weg kin.’

‘Wêrom niet, bist dochs aigen baas? Astou nou skoft houwe wilst, dan doest dat dochs gewoan? Ik bied dy ’n bakky koffy an! Wy hè ’t over hoogút ’n half uurtsy.’

‘Maar ik kin jou helendal niet.’

‘Dat is ’t nou krekt!Lês fierder