Geart Tigchelaar

Slikje oer in rau steed

logo.ensafh

De dichter Elmar Kuiper komt nei granytglimkes (2011) – dêr’t okkerdeis in twadde printinge fan ferskynd is – mei in netsjes fersoarge nije bondel, hiemsiik. De bordeaux-reade kleur fan it omkaft lit jin oan in psalmboekje tinke. It binnenwurk is ienfâldich en hat in kreaze opmaak en in moai lettertype. Bloedreade siden dy’t in nij skift oanjouwe en trije tekenings fan Sjoukje Idema dêr’t Kuiper de gedichten apart foar skreaun hat, sa lei er út op ’e presintaasje.

Syn earder wurk oereidzjend kin der maklik sein wurde dat Kuiper in man fan klank en ritme is. Dêrby jout er bylden, bylden dêr’t de lêzer net altiten ien, twa, trije in knoop oan fêstknope kin.… Lês fierder

Bertold Brecht, Jacobus Q. Smink

Alles…

logo.ensafh

 

Alles feroaret. Op ‘e nij begjinne
Kinsto mei de lêste snik.
Mar wat barde, is bard. En it wetter
Datst yn ‘e wyn jittest, kinsto
Der net mear út wei skinke.

Wat barde, is bard. It wetter
Datsto yn ‘e wyn jittest, kinsto
Der net mear út wei skinke. Mar
Alles feroaret. Op ‘e nij begjinne
Kinsto mei de lêste snik.

Oersetting: Jacobus Q. Smink

Alles…

Alles wandelt sich. Neu beginnen
Kannst du mit dem letzten Atemzug.
Aber was geschehen, ist geschehen. Und das Wasser
Das du in den Wein gossest, kannst du
Nicht mehr herausschütten.

Was geschehen, ist geschehen.… Lês fierder

Edwin de Groot

Paris freed de 13e 2015

logo.ensafh

 

As blêden yn in novimberstoarm
ha se belies jûn op it terras
stiet in jonge plysjeman hy eaget lyts
yn syn stoere kûgelfrije fest

in kollega komt by him stean
hy brekt syn triennen falle
sa as lytsjild of winkelweinmuntsjes
pardoes út ‘e broeksbûse weirinkelje kinne

hy moat nei hûs ta skilje
nimt syn leafste op
binn’ de bern wol thús

in dei letter komt in heit
mei syn lytse soan op TV ta einbeslút
dat de kweageasten gewearen hawwe
mar wy blommen en kearsen

it is te hoopjen dat de lytse plysjeman
yn syn stoere kûgelfrije fest
thús in selde treast oerkommen is… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 29

logo.ensafh

 

 

Feuilleton

29

Se rieden de oare moarns earst nei Wimereux om it grêf fan John McCrae te besjen. It die bliken dat achteroan op it tsjerkhôf in Gemene Best-seksje wie. Dêr lei er. Sa as alle oare grêven hie er in lizzende stien. Seleina murk dat op en Alexander tocht dat it wie om ’e sânige grûn. Wimereux lei op ’e dunerige. It tsjerkhôf rûn skean ôf. Op ’e stien stie ‘Lieutenant Colonel / J. McCrae / Cap. Army Medical Corps / 28th january 1918.’ Boppe de tekst wie in krús beitele en derûnder yn in medaljon yn basreliëf in esdoarnblêd, it symboal yn de Kanadeeske flagge.… Lês fierder

Reinold van Oevering

Der Mensch ist, was er isst

logo.ensafh

By de yngong fan de supermerk
trof ik in âld mantsje,
fan wa’t ik wist dat ús heit him kend hat.
Hy droech in pet en in bril,
as wienen it fermommingen.
Oarspronklik kaam er út Skraard,
dêr hat er buorke.

Ik koe net op de namme komme,
wifeljend bleau ik stean,
hy kaam op my ta.

Goeie, sei ik, hoe is’t mei jo?
Wy binne der noch, antwurde er.
Is dêr alles mei sein? frege ik.
Ik bin wat âlder as dy.
Jo binne in jier of santich?
85! Dan ha je de measte bôle wol iten.

En ynienen wist ik de namme wer:
Bakker, Hindrik Bakker!… Lês fierder